Springe nei ynhâld

Fersin fan Troelstra

Ut Wikipedy
Piter Jelles om 1912 hinne.

Yn novimber 1918 besiket Piter Jelles Troelstra fergees om in sosjalistyske revolúsje yn Nederlân fan ‘e grûn te krijen. Nei de mislearre aksje fan Troelstra en oare revolúsjonêren, waard dit barren it Fersin fan Troelstra neamd (Vergissing van Troelstra). It barren sels duorre fan 9 oant 14 novimber, en waard yn 1918 ek wol 'De Reade Wike' neamd.

De Earste Wrâldkriich en de begjinjierren fan it ynterbellum wienen rûzige tiden yn Europa. Troch de kriich is it min steld mei de ekonomy. Yn ferskillende lannen yn Europa komme sosjalistyske revolúsjes ta stân, lykas yn Dútslân en Ruslân.

Op 25 oktober wie der in boykot fan in keppel soldaten tsjin de legerlieding fan kazerne de Harskamp op de Feluwe. Hja wienen it net iens mei it ferlof dat ynlutsen waard en woenen better iten ha. De soldaten stutsen in pear barakken en in kantine yn ‘e brân. Dêrtroch libbe by de sosjalisten it idee dat in sosjalistyske revolúsje net te kearen wie.

It ferkiezingsresultaat fan de SDAP yn 1918 wie Troelstra slim ôffallen. Hy en oare foaroanmannen tochten net dat de SDAP yn in parlemintêr stelsel syn doelen helje soe. Trije dagen nei de boykot fan de soldaten, op 28 oktober, kaam de SDAP gear om de programmapunten foar it partijkongres fan 22 en 23 novimber te bepraten. By dy gearkomste kinne de oanwêzigen net ta in ienriedich beslút komme oer de ynhâld fan it program. De revolúsjonêre streaming mei Troelstra woenen hiele oare saken beprate as de partijlieding.

De partijlieding frege oan Troelstra om in manifest foar de SDAP te skriuwen. Troelstra hie yn it manifest skreaun 'dat der yn ús lân in revolúsjonêre tastân skepen wie'. De partijlieding koe it net mei dy sin lykfine, en formulearre de sin as in 'duorsume ferheffing fan de arbeidersklasse'. Yn it manifest is te lêzen dat de arbeidersklasse in liedende rol krije moatte soe yn de steat en yn de mienskip. By in taspraak fan Troelstra yn de Twadde Keamer, troch gebrûk fan it ynterpellaasjerjocht, woe de SDAP in antwurd op de kwestje dy’t yn it manifest stie. De SDAP frege Troelstra om in net al te fûle taspraak. It revolúsjonêre lûd wie lykwols goed te fernimmen, oars as yn it manifest fêstlein wie.

Revolúsjonêr inisjatyf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de hurde wurden fan Troelstra yn de Twadde Keamer kaam it folk noch net yn beweging. Dat feroare pas doe’t op 9 novimber bekend waard dat de Keizer fan Dútslân ôftreden wie.

Yn Rotterdam gongen de wurkjouwers mei havenarbeiders yn petear. De boargemaster waard ek yn it petear behelle. De havenwurkers wienen fernuvere doe’t de boargemaster de kant fan de revolúsje keas.

In protte wurkjouwers tochten dat in revolúsje net te kearen wie. De sosjaaldemokraten út Rotterdam fûnen ek dat sy better de macht pakke koenen as de kommunisten út Amsterdam. De sosjalisten yn Rotterdam woenen nei it gemeentehûs om harren easken oan de boargemaster foar te lizzen.

Op 10 novimber wie der in gearkomste fan de sosjalisten yn Rotterdam. Neffens harren lieder Arie de Zeeuw wie it no saak om it inisjatyf te nimmen foardat oaren dat dwaan soenen. Troelstra wie solidêr, mar tagelyk ek hoeden mei de sosjalisten yn Rotterdam. By dy gearkomste waard besletten om net fuort de oare deis mei de arbeiders te protestearjen. Der waard wol besletten om it partijkongres in wike earder te hâlden. Dêrneist soe der kommisje komme dy’t in list mei easken meitsje soe. De oare deis, op 11 novimber,wie de list mei easken op skrift set. Troelstra wie bêst tefreden mei de easken fan de kommisje.

Dyselde deis waard de wapenstilstân tekene dy’t in ein makke oan de Earste Wrâldkriich. De minsken gongen de dyk op om it ein fan de kriich te fieren, net fanwege de sosjalistyske revolúsje.

De jûn fan 11 novimber wienen der fiif gearkomsten yn Rotterdam. Troelstra spriek dêr yn it Verkooplokaal oer de kommende revolúsje. Hy woe de sosjalistyske revolúsje net ferlykje mei de Russyske revolúsje, omdat de SDAP neffens him net-kommunistysk wie. De Russyske revolúsje koe wol as in foarbyld sjoen wurde.

Maatregels fan it regear

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It regear kaam ûnderwilens mei feilichheidmaatregels. Yn Utert krige de polysje karabinen en yn Amsterdam kaam in ekstra peleton kavalery. Om it keningshûs hinne kaam ekstra bewaking.

Katolike organisaasjes makken har klear foar in kontrarevolúsje. By in gearkomste yn De Haach besletten de katoliken om in manifest te meitsjen en dêrfan 500.000 stiks út te dielen. Sy stelden ek in boargerwacht yn.

Op 12 desimber wie der yn de Twadde Keamer in publyk debat, dêr’t Troelstra ek by wie. Om de ûnrêst by it folk del te bêdzjen hie it regear it deistige brearantsoen ferhege fan 200 nei 280 gram, omdat de helte fan de militêre foarried beskikber steld wurde soe. Dêrneist kaam de meidieling dat de alliearden nôt beskikber steld hienen en dat der al skippen ûnderweis wienen om dat op te heljen. Minister-presidint Ruijs de Beerenbrouck die ek te witten dat it regear by in mooglike rebûlje gjin hinder hawwe soe by de útfiering fan syn taak. Neffens him soe dat de sitewaasje wat it iten oanbelanget net better meitsje.

Nei it wurd fan de minister-presidint kaam Troelstra wer oan it wurd. Yn in taspraak dy’t in oermannich duorre wie it revolúsjonêre lûd noch better te fernimmen. Hy sei mei klam dat de SDAP en it Nederlands Verbond voor Vakverenigingen (NVV) net ree wienen ta it brûken fan geweld. Lykwols wie it neffens Troelstra de taak fan in sosjaaldemokrasy, om no te striden foar de politike ferheffing fan de arbeidersklasse. Dat it dêrby wol om geweld gong, die bliken doe’t er spriek fan deaden om it histoaryske momint plakfine te litten. Ymplisyt wie it boadskip fan Troelstra oan it regear om no de macht oer te dragen oan de arbeidersklasse.

Nei de taspraak fan Troelstra naam de ministerried it beslút en stjoer betroubere troepen nei de trije grutte stêden. It regear, dat stipe hie fan de konfesjonele partijen, hie it leger klearstean om de rebûlje del te slaan. De sosjalisten wienen no safier dat se de revolúsje liede koenen.

Yn ‘e nacht fan 12 op 13 novimber waarden op safolle mooglik plakken meidielings fan it regear ophongen. It regear makke bekend dat sy yn it belang fan it rjocht en de frijheid fan it folk, de oarder hâlde soe. Dêrmei joech it regear te witten dat se by in mooglike revolúsje fan har ôfslaan soe. Konkreet kaam der it fersyk oan de demobilisearre tsjinstplichtigen om har as frijwilliger te melden. De motivaasje fan de frijwillige troepen ('Landstorm') wie heech. Dêrtroch hie it regear in betroubere definsje.

Om de sosjalisten no yn ‘e mjitte te kommen makke it regear ferskillende kompromissen mei de easken fan de SDAP en NVV. Om foar te kommen dat matroazen út Den Helder net mei harren skippen nei Amsterdam en Rotterdam komme soenen om de revolúsjonêren te helpen, waard besletten om de skippen te ûntwapenen en ûngeskikt foar de feart te meitsjen. Yn Rotterdam waard de ferkeap fan alkohol ferbean. Wylst de lieding fan de SDAP him dwaande hold mei de fraach oft der in revolúsje komme soe, wienen oaren dwaande mei de tarieding fan in kontrarevolúsje. Spionnen fan de polysje en twa ynlichtingetsjinsten fan it leger (GS III en GS IV) wienen yn ‘t spier om ynformaasje by de sosjalisten te krijen.

It regear naam dy deis noch it beslút dat de polysje syn normale taak wer dwaan koe. It leger krige de lieding oer de 'Landstorm' en oer de katolike boargerwachten.

De maatregels fan it regear dienen fertuten. Op 14 novimber spriek Troelstra yn it iepenbier dat it wurd 'steatsgreep' net troch him brûkt wie. Op 17 novimber holden de katoliken in manifestaasje, dêr’t 40.000 minsken by wienen. As stipe oan it regear en keningshûs waard yn De Haach, op 18 novimber, keninginne Wilhelmina huldige. Op 20 novimber kaam Wilhelmina mei in keninklike proklamaasje, dêr’t yn te lêzen stie dat se it folk temjitte komme woe yn syn ferlet. By einsluten wie de parlemintêre demokrasy sterker as de sosjalistyske revolúsje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]