Falaise
Falaise | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Frankryk |
Regio | Normandje |
Departemint | Calvados |
Sifers | |
Ynwennertal | 8.086 (2018) |
Oerflak | 11,84 km² |
Befolkingstichtens | 683 / km² |
Stêdekloft | 10.760 (2016) |
Hichte | 89-188 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 48° 53' 32" N 0° 11' 36" E |
Webside | Side fan Falaise |
Falaise is in gemeente yn it suden fan it Frânske departemint Calvados yn de regio Normandje. It plak makket diel út fan it arrondissemint Caen. Oant 2015 wie Falaise ferdield yn de kantons Falaise-Nord en Falaise-Sud.
Hartoch Willem fan Normandje (Willem de Oermasterer) residearre op de foargonger fan it hjoeddeiske kastiel fan Falaise. Nei't er yn 1066 Ingelân oermastere bleau er dêr as kening fan Ingelân. De histoaryske binnenstêd hat in grut part fan de midsiuwske fortifikaasjes bewarre.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard der om Falaise hinne fûleindich fochten tusken de op de Normandyske strannen lanne alliearden en de Dútske besetters. By de slach waarden twa Dútske legers ynsletten en ferneatige. By de slach waarden grutte dielen fan de stêd skeind. Nei de kriich waard Falaise wer opboud.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2006 | 2016 |
Ynwenners | 6325 | 7180 | 8368 | 8597 | 8119 | 8434 | 8438 | 8214 |
Boarnen: Cassini en INSEE |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Église Saint-Gervais (oarspronklik romaanske tsjerke, bou sûnt 1066)
- Église Saint-Laurent, Chemin de Vaston: (11e-iuwsk)
- Église Notre-Dame de Guibray (bou sûnt de 12e iuw, oargel fan Claude Parisot), Place de la Reine-Mathilde
- Église de la Trinité , Place Guillaume-le-Conquérant
- Monumint Willem de Oermasterer, Place Guillaume-le-Conquérant
- Fortifikaasjes
- Kastiel fan Falaise (12e-13e iuw)
- Château de la Fresnaye, 48 rue Clemenceau (17e-18e iuw)
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Memorial des Civils dans La Guerre, 12 Place Guillaume le Conquérant (histoarysk museum)
- Museum André Lemaitre, Boulevard de la Libération (keunstmuseum)
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Fortifikaasjes
-
Sint-Gervasiustsjerke
-
Kastiel fan Falaise
-
Us Leaffrou fan Guibray
-
Monumint Willem de Oermasterer
-
Trije-ienheidstsjerke
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Falaise fan Wikimedia Commons. |