Springe nei ynhâld

EuroTrip

Ut Wikipedy
EuroTrip
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jeff Schaffer
produsint Alec Berg
David Mandel
Daniel Goldberg
Jackie Marcus
senario Jeff Schaffer
Alec Berg
David Mandel
kamerarezjy David Eggby
muzyk James L. Venable
filmstudio The Montecito Picture Company
distribúsje DreamWorks Pictures
spilers
haadrollen Scott Mechlowicz
Jacob Pitts
Michelle Trachtenberg
Travis Wester
byrollen Jessica Boehrs
Kristin Kreuk
Vinnie Jones
Matt Damon
Lucy Lawless
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 20 febrewaris 2004
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 92 minuten
budget en resultaten
budget $25 miljoen
opbringst $20,8 miljoen

EuroTrip is in Amerikaanske komeedzjefilm út 2004 ûnder rezjy fan Jeff Schaffer, mei yn 'e haadrollen Scott Mechlowicz, Jacob Pitts, Michelle Trachtenberg en Travis Wester. It ferhaal, dat skreaun waard troch Schaffer yn gearwurking mei Alec Berg en David Mandel, giet oer in fjouwertal Amerikaanske tiners dat op knoffelige wize troch Jeropa reizget op 'e siik nei de Dútske pinfreondinne fan ien harren. Middenmank in breed skala oan pynlike en sjenante sitewaasjes dogge se dêrby Londen, Parys, Amsterdam, Bratislava, Berlyn en Rome oan. EuroTrip is in grossoutkomeedzje, dy't yn 2004 nominearre waard foar in Teen Choice Award yn 'e kategory 'film dy't dyn âlden net woene datst seachst'. De ûntfangst wie kritysk, en de film kaam yn 'e bioskoop net út 'e kosten.

De titel fan EuroTrip is dûbelsinnich. It kin opfet wurde as "reis troch Jeropa", mar it wurd 'trip' ferwiist ek nei de steat fan it stoned wêzen as men drugs brûkt hat. Wat dat oangiet, kin de titel ek útlein wurde as "stoned wêzen yn Jeropa", of, yn dit gefal wierskynliker, kin de titel ferwize nei in reis dy't sa healwiis ferrint, dat it wol liket as is men stoned.

EuroTrip begjint yn Hudson, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, dêr't Scott Thomas, fuort nei't er slagge is foar syn eksamens oan 'e middelbere skoalle, dumpt wurdt troch syn freondinne Fiona. Mei syn bêste freon, Cooper Harris, giet Scott dyselde jûns dochs nei in eksamenfeest, mar dat rint út op in fernedering as de band dêr it liet Scotty Doesn't Know spilet, wêryn't de relaasje besongen wurdt dy't Donny, de sjonger fan dyselde band, al in hiel skoft mei Fiona ûnderhâldt efter Scott syn rêch om.

Scott bedrinkt him en komt letter mei in min sin thús, dêr't er in e-mail lêst fan syn Dútske pinfreondinne Mieke. Dy jout oan dat it har om Scott muoit, en stelt foar om inoar te moetsjen. Scott hat har namme lykwols altyd opfet as in fariant op 'e jongesnamme 'Mike', en mient dat er al dy tiid mei in jonge briefke hat. Syn maat Cooper oppenearret dat 'Mike' wol in âlde fiislak wêze sil, dy't in jonge jonge as Scott siket om in homoseksuële relaasje mei oan te gean. Sadwaande e-mailt Scott Mieke werom dat er neat mei har te krijen hawwe wol en dat se by him wei bliuwe moat.

As Scott syn jongere broer him de oare moarns ynformearret dat 'Mieke' in hiel gongbere Dútske famkesnamme is, beseft Scott wat in ûnnoazele flater oft er begien hat. No't er wit dat er al dy tiid mei in famke skreaun hat, sjocht er guon dingen yn in hiel nij ljocht en reälisearret er him dat er fereale op har is. Hy besiket wer kontakt mei har op te nimmen, mar ûntdekt dan dat Mieke, dy't begryplikerwize tige kwetst is troch Scott syn eardere reäksje, syn e-mailadres blokkearre hat. Dêrop beslút Scott syn simmerfakânsje te brûken om, tegearre mei Cooper, nei Jeropa te reizgjen, sadat er him libbensliif foar Mieke oer ûntskuldigje kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Scott en Cooper arrivearje yn Londen, dêr't se in tuskenstop meitsje op troch trochreis nei Dútslân. Wylst se op harren oansluting wachtsje, reitsje se befreone mei in klub fan fuotbalhooligans dy't fan binne fan Manchester United en oanfierd wurde troch Mad Maynard. Nei in jûn dy't al drinkende trochbrocht wurdt, wurde Scott en Cooper de oare moarns wekker yn 'e bus fan 'e hooligans, dy't foar in fuotbalwedstryd ûnderweis binne nei Parys.

Yn Parys rinne Scott en Cooper harren klassegenoaten Jamie en Jenny tsjin it liif, in twilling besteande út in broer en in suster, dy't ek op fakânsje yn Jeropa binne. Fjouweresom reizgje se fierder en belânje se, ûnderweis nei Dútslân, earst yn Amsterdam. Dêr wol Cooper op De Wallen nei de hoeren, mar hy bedarret by fersin yn in SM-bordeel dêr't de hiele nacht mishannele wurdt om't er it safeword dat him jûn wurdt, net útsprekke kin. Underwilens wurdt Jamie berôve wylst er him yn in steechje oraal befredigje lit troch in winkelfamke. Dêrby ferliest er net allinnich syn eigen jild, paspoart en treinkaartsje, mar ek dat fan syn suster en beide maten.

De fjouwer jonge Amerikanen beslute en besykje nei Berlyn te liften, mar fanwegen in misbegryp dat feroarsake wurdt troch de taalbarriêre, belânje se nei in rit op in Dútske frachtwein ynstee yn 'e Slowaakske haadstêd Bratislava. Dêr blykt in bizar geunstige wikselkoerts foar harren lêste Amerikaanske dollars te jilden, sadat se dêr yn in sjyk hotel ferbliuwe kinne. As se jûns in nachtklub besykje, reitsje Jamie en Jenny, as se alhiel dronken binne fan 'e absint, mei-inoar oan it tongtútsjen, wylst Scott en Cooper ferbjustere tasjogge. As de twilling beseft wat se dien hawwe, fiele se har djip beskamme.

De oare deis krije de fjouwer Amerikanen fan in freonlike Slowaak in lift nei Berlyn, it wenplak fan Mieke, dêr't se lykwols ûntdekke dat dy sels ek op fakânsje gien is. Se is mei in toergroep nei Itaalje ta, dêr't se foar koarte tiid berikber wêze sil yn Rome, foar't se de rest fan 'e simmer op in sylskip op see trochbringe sil. Jamie ferkeapet syn djoere kamera om oan jild foar fleantúchtickets te kommen, sadat de fjouwer Amerikanen nei Rome fleane kinne. Mieke har toergroep soe dêr it Fatikaan besykje, dat dat is ek foar de Amerikanen de bestimming.

Wylst Scott en Cooper dêr de syktocht nei Mieke begjinne, wurdt Jamie troch omstannichheden twongen in rûnlieding troch it Fatikaan te jaan oan in groep toeristen. Op 'e swalk troch it Fatikaan liede Scott en Cooper by fersin de klok dy't oanjout dat de paus stoarn is. Letter fine se in miter en in wyt klaad dat Scott by wize fan grap oandocht. Nei't se wat yn in iepen hurd ferbaarnd hawwe dat wite reek ôfjout, ferskynt Scott yn it klaad en mei de miter op 'e plasse op it balkon fan 'e Sint-Piter. Him folslein ûnbewust fan 'e konsternaasje dy't er feroarsaket by de mannichte folk op it Sint-Pitersplein, ûntdekt er Mieke dêr middenmank de lju. Ear't se by har komme kinne, wurde hy en Cooper oppakt troch de Switserske Garde, mar koart dêrnei wurde se ûntset troch de hooligans fan Manchester United, dy't har ek nei Rome bejûn hawwe.

Neitiid wit Scott einlings en te'n lêsten Mieke te berikken en him oan har foar te stellen. Hy leit it misferstân út en ferklearret har syn leafde. Mieke is bliid om him te sjen, en bekent dat se al lang fereale op him wie. Dêrop hawwe se seks yn in bychtstoel foar't sy ôfsette moat nei see. Op 'e flecht werom nei de Ohio jouwe Jenny en Cooper, dêr't de hiele film al wat tusken broeide, ta oan harren langstmen en hawwe seks yn it fleantúchtoilet. Jamie bliuwt efter yn Jeropa, dêr't er ûnderwilens oannommen is troch syn idoal, reisgidseskriuwer Arthur Frommer, dy't sûnder dat Jamie it wist diel útmakke fan 'e groep toeristen oan wa't er de rûnlieding jûn hat.

Oan 'e ein fan 'e simmerfakânsje begjint Scott mei syn stúdzje oan it Oberlin Kolleezje yn Oberlin (Ohio), dêr't er syn yntrek nimt yn in lege twapersoankeamer fan in studintehûs op 'e kampus. Wylst er oan 'e tillefoan is mei Cooper, dy't no in fêste relaasje hat mei Jenny, wurdt der op 'e keamersdoar kloppe. It blykt Mieke te wêzen, dy't har ek op Oberlin ynskriuwe litten hat, en dy't troch it bekende misferstân om har namme oan Scott as keamergenoat tawiisd is. Hja laitsje, krûpe inoar oan en litte har tegearre op bêd falle.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Scott Thomas Scott Mechlowicz
Cooper Harris Jacob Pitts
Jenny Michelle Trachtenberg
Jamie Travis Wester
byrollen
personaazje akteur/aktrise
Mieke Schmidt Jessica Boehrs
Fiona Kristin Kreuk
Bert Thomas Nial Iskhakov
Mad Maynard Vinnie Jones
robotmymspiler út it Louvre J.P. Manoux
grizelige Italjaanske fint Fred Armisen
hotelresepsjoniste Joanna Lumley
madam Vandersexxx Lucy Lawless
dief yn steech Dietrich Bader
Kristoff Patrick Rapold
Tibor Rade Šerbedžija
Anna, it fanke út 'e fotowinkel Jana Pallaske
Arthur Frommer Patrick Malahide
dhr. Thomas, Scott syn heit Jeffrey Tambor (net neamd op 'e ôftiteling)
Donny, de sjonger fan 'e band Matt Damon

EuroTrip waard regissearre troch Jeff Schaffer, dy't yn 'e mande mei Alec Berg en David Mandel ek ferantwurdlik wie foar it senario. Produsinten wiene Berg en Mandel, mei dêropta Daniel Goldberg en Jackie Marcus, foar The Montecito Picture Company. De distribúsje waard dien troch DreamWorks Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Eggby, wylst de soundtrack, mei it opfallende nûmer Scotty Doesn't Know op it konto kaam fan James L. Venable.

EuroTrip waard yn syn gehiel opnommen yn 'e Tsjechyske haadstêd Praach, iroanysk genôch in Jeropeeske stêd dy't yn 'e film no krekt net oandien waard. De opnamen fûnen benammen plak yn 'e strjitten yn 'e buert fan it Rudolfinum. Dêrtroch kamen benammen de bûtendoarsênes yn 'Amsterdam' yn 'e knipe, want eltse Nederlanner kin oan 'e bestrjitting en de arsjitektuer fan 'e gebouwen daliks sjen dat dy net yn Amsterdam opnommen binne. De iepeningssêne waard filme op 'e Ynternasjonale Skoalle fan Praach, en de sêne wêryn't de haadpersonaazjes yn Parys op 'e trein stappe, fûn eins plak yn it Praha hlavní nádraží, it Praachske sintraal stasjon. De sêne yn it Fatikaan waard opnommen yn it Tsjechyske Nasjonaal Museum, wylst de sênes mei de Dútske frachtwein filme waarden op 'e Autodyk D5 by Plzeň, dy't doedestiden noch yn oanbou wie.

EuroTrip foel op troch in stikmannich kameoroltsjes fan bekende akteurs en aktrises, lykas Joanna Lumley as hotelresepsjoniste, Lucy Lawless as bordeelhâldster, Jeffrey Tambor as Scott syn heit, en Matt Damon as de sjonger fan 'e band op it eksamenfeest. Fan 'e haadrolspilers wie Michelle Trachtenberg, dy't Jenny spile, it bekendst, troch har rol as Dawn yn 'e fantasytillefyzjesearje Buffy the Vampire Slayer. EuroTrip hat in spyltiid fan 92 minuten en waard makke mei in budget fan $25 miljoen.

De webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes fan films sammelet, joech EuroTrip it sifer 5,1 (op in skaal fan 10) op basis fan 119 resinsjes, en tekene dêrby oan: "In trip dy't it wurdich is om te meitsjen, as men gjin oanstjit nimt oan neakenens dy't ûnnedich is foar it fertellen fan it ferhaal of oan smaakleasheid." De webside Metacritic joech de film it sifer 45 (fan 100) op basis fan 30 resinsjes, dy't "fan mingde aard" wiene of EuroTrip as "midsmjittich" beoardielen. Yn 'e New York Times skreau Elvis Mitchell: "hast elts fanke yn 'e film mei minder as tsien regels tekst moat har topke útdwaan." En yn in resinsje yn 'e Village Voice bekritisearre Michael Miller de film omreden fan 'e "oanhâldende eangst dat froulju manlju blike sille te wêzen en oarsom."

Foar sokke krityk stiene ek positive resinsjes oer. Op 'e webside Salon skreau kritika Stephanie Zacharek: "De lichtsinnige healwizens fan EuroTrip is in oangename ferrassing. De film begjint stadich en net alhiel yn balâns mei syn eigen ritme. Mar krekt as men jinsels begjint ôf te freegjen oft er ea noch grappich wurde sil of dat er de folle lingte inkeld wanhopich bliuwt, stiget er op as in wiffe helikopter – dy't op 'e iene of oare manear yn 'e loft wit te bliuwen." Kultuerblogger Charlie Lyne, dy't yn 2011 in fertoaning fan 'e film yntrodusearre op it Institute of Contemporary Arts yn Londen, skreau: "EuroTrip is satire fan 'e brutaalste selsferachting en it drystmoedichste fermaak."

EuroTrip gie op 20 febrewaris 2004 yn premiêre yn 2.512 bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada. Yn it iepeningswykein brocht er dêr $6,7 miljoen op. Yn totaal bedroech de bioskoopopbringst yn dy beide lannen $17,8 miljoen, dêr't noch $3 miljoen by kaam yn oare lannen. De totale opbringst út 'e bioskopen wie dus $20,8 miljoen, sadat de produsinten mei in ferlies fan $4,2 miljoen sitten bleaune. Dat waard letter lykwols mear as goedmakke troch de opbringst út fideoteken en video-on-demandwebsiden en de ferkeap fan dvd's. Yn Noard-Amearika waard EuroTrip op 1 juny 2004 op dvd útbrocht, yn twa ferzjes: in sinsurearre ferzje fan 90 minuten en in 'útwreide' ferzje fan 92 minuten. De (koartere) bioskoopferzje waard yn 2013 ek op blu-ray op 'e merk brocht.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.