Edvard Grieg
Edvard Hagerup Grieg (Bergen, 15 juny 1843 - dêre, 4 septimber 1907) wie in Noarsk komponist en pianist út de Romantyk en wurdt sjoen as de bekendste Noarske komponist. Ta syn bekendere wurk heare it Pianokonsert yn a mineur, de Lyryske Stikken foar piano, de Lieten (foar sang), en de Peer Gynt suites rekkene. Grieg waard wol "de Chopin fan it Noarden" neamd.[1]
Op 11 juny 1867 troude Grieg mei syn nicht Nina Hagerup (1845-1935).
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Edvard Grieg[2] waard berne yn Bergen, Noarwegen. Syn mem, Gesine Judith Hagerup (†1875), wie tige artistyk en hie ek piano en sjongen studearre. Syn heit, Alexander Grieg (†1875) wie keapman en Britsk diplomaat te Bergen dy't muzyk makke yn syn frije tiid. Grieg hie in broer (John) en trije susters, dy't ek muzikaal bejeftige wienen.[3][4]
Mei 6 jier krige Grieg les yn piano en teory fan syn mem..[4] Sy wie in strange learares, mar Grieg hat der letter altyd tankber foar west. Hy learde betiid de folksmuzyk kennen, mar syn earste komposysjes wiene mear fan Dútske aard, mei omdat syn mem komponisten as Chopin, Von Weber en Mendelssohn tige bewûndere. Letter sil er him tsjin de Dútske wize fan wurkjen fersette.[5] Syn earste komposysje Fariaasjes op in Dútske Melodij, foar piano, skreau er mei tolve jier.[3] Hy naam it mei nei skoalle, mar waard der foar straft en it wurk waard ferbaarnd.[6] Dat Grieg gjin noflike skoalletiid hân hat mei dúdlik wêze; hy waard narre en bleau faak fan skoalle wei.
Yn 1858 krige Grieg kunde oan de fioelfirtuoas Ole Bull, dy't syn âlden oertsjûgje koe dat er nei it Konservatoarium te Leipzig moast. Oktober 1858 wuerdt er dêr ynskreaun[3] Grieg waard dêr in goede pianist, mar soe net in firtuoas wurde. Syn swakke sûnens wie der mei skuldich oan. Yn 1860 moast er syn stúdzje opjaan fanwegen in slimme pleuritis, dy't syn rjochter long slim oantaaste, sadat dy net mear funksjonearre. Hy hat der de rest fan syn libben swierrichheden mei sykheljen oan oerhâlden.[7]Nei de simmer pakt er de stúdzje wer op. Yn 1862 ferlit er it konservatoarium en slút ôf mei syn opus 1: "fjouwer stikken foar piano", dêr't loofjend op reagearre waard.[6] At er dan Rikard Nordraak (1842-1866) moetet, dy't him de basis fan de nasjonale muzyk sjen lit, leart er syn wiere ropping kennen: keunstner wurde, tawijt oan de muzyk fan it Romantysk-Noarsk nasjonalisme.[8]
Houlik en Rome
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 11 juny 1867 troude Grieg mei syn nicht Nina Hagerup (1845-1935), in bejeftige sjongster.[3][8] Fierders wie hja in betûft pianiste. Earder waard Grieg fersocht om it symfonyorkest "De Philiharmonie" te dirigearjen, dit nei oanlieding fan in konsert mei fioelist Normann. Dêrtroch hie er genôch ynkommen om in hûshâlding te begjinnen en te ûnderhâlden. Dêrneist bleau er priveeles jaan en komponearre er. "De Philiharmonie" wie lykwols in matich orkest mei in min koar. Dochs slagge it Grieg om it Rekwiem fan Mozart en de ouvertuere "Elias" fan Mendelssohn út te fieren, mar it joech him net folle foldwaning.
Yn 1869 stoar Edvard en Nina's dochterke, Alexandra, mei ien jier, en noch itselde jier hie Nina in miskream; it wie foar beide in grutte klap en it houlik bleau fierders sûnder bern[3]
Desimber 1869 krige Grieg in brief út Rome fan Franz Liszt (1811-1886), dy't Griegs Fioelsonate op. 7 tige bewûndere. Dit skriuwen hie fan gefolgen dat it Noarske regear him in stipendium takende om nei Rome te reizgjen om List in besite te bringen.[9] Hy naam syn nij komponearre Pianokonsert opus 16 mei, om Liszt syn oardiel te hearren. Liszt fûn it in goed stik. "Sa trochgean", sei Liszt, en "ik siz jo, jo kinne it wol - en lit jo net ôfskrikke!"[10] Dizze besite hat foar Grieg in soad te betsjutten hân. By gelegenheid fan dit bezoek skreau Grieg "Foran Sydens Kloster" ('Foar in Kleasterpoarte'), opus 20, in muzykwurk foar frouljuskoar en orkest, oan Liszt opdroegen (1870).[11]
Werom út Rome stifte Grieg yn Kristiania (Oslo) de "Musikforeningen" ('muzykferienings'), dy't er tegearre mei Johan S. Svendsen oant 1873 laat hat; in protte wille hat it him net besoarge.[10] Tusken 1865 en 1866 hie Grieg faak kontakt mei de toanielskriuwer Henrik Ibsen, foar wa't er lieten op syn teksten makke. Yn 1874 skreau Grieg Peer Gynt, foar in drama fan Ibsen, wêrtroch harren freonskip noch ynliker waard. In jier letter wie it wurk dien. Op 24 febrewaris 1876 wie de premiêre. Grieg wie it lykwols net nei it sin. Dochs waard it tige poulêr.
As dirigint makker er yn dy jierren toernees nei alle wichtige Europeeske myzyksintra. Hy spile eigen wurk en dat fan oare Skandinavyske masters. It reizgjen naam in protte fan syn sûnens.
Nei 1880
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1880 fêstige er him definityf yn syn berteplak Bergen. Troch it jierjild fan it regear koe er him hielenal mei komponearjen dwaande hâlde. Hy libbe tige op himsels yn dy tiid, mar makke ek koarte konsertreizen. Wilens mocht er in soad earebewizen ûntfange, sa as earelidmaatskippen en earedoktoraten (Cambridge en Oxford). Grieg's 25 jierrich houlik waard in nasjonale fiering.
Noch op syn lêste sykbêd makke er plannen foar in konsertreis trich Noard-Ingelân en Skotlân. Op al syn reizen rekke er befreone mei de wichtichste toankeunstners fan Noard-Europa. Dêr wiene Pjotr Iljitsj Tsjaikovski, Reger, Johannes Brahms, Willem Mengelberg en Julius Röntgen ûnder. Röntgen hat in biografy skreaun, dêr't er in soad omtinken yn jout oan de briefwikseling mei Grieg.
Grieg syn dea kaam dochs noch frij ûnferwachts, hoewol't syn minne sûnens algemien bekind wie. De dei fan syn dea wie in dei fan nasjonale rou yn Noarwegen. Grieg woe kremearre wurde. By de kremaasje waard syn 'Begraffenis Mars', dy't er skreaun hie foar de betiid ferstoarne Nordraak, spile. Syn jiske en dy fan syn frou, waarden byset yn in grot yn omkriten fan syn bûtenpleats Troldhaugen. In ienfâldige stien mei it opskrift 'Edvard Grieg' jout it plak oan.
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grieg wurdt faak in 'lytse master' neamd, fergelike mei 'grutte masters' sa as Beethoven, Brahms, Mahler en Mozart. Lykwols wurde syn muzikale miniatueren as geniaal beskôge. Hy wie yndie in master yn 'it lytse'. Dit foel tige op yn de tiid fan de Romantyk doe't dat net neimoadrich wie. Komponisten sochten doetiids ommers de grutte gebaren, grutte orkestbesetting, grutte foarmen, lange operaas, ensafuorthinne. Boppedat is Grieg, mei in komponist as Granados, ien fan de meast útsprutsen 'nasjonalisten'. Syn wize fan bewurkjen fan folkslieten en folkdûnsen rint foarút op d keunst fan Bela Bartok. As komponist kin er as paadsljochter fan it ympresjonisme yn de muzyk sjoen wurde, al moat sein wurde dat in soad kritisy dat net syn bêste wurk fine.[12]
Tige bekend wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Symfonyske dûns opus 64 (1898)
- Pianokonsert i a-mol opus 16 (1868)
- I høst
- Peer Gynt
- Sigurd Jorsalfar
- Fra Holbergs tid
- Morgenstimmung
- Stikken foar piano:
- 66 Lyryske stikken
- Fjouwer noarske dûnsen.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Griegs Morgenstimmung waard spile by de bysetting fan keninginne Juliana fan de Nederlannen op it stuit dat de kist mei har stoflik omskot yn de Delfske grêfkelder fan de Oranje-Nassau's dellitten waard.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Biografy oer Edvard Grieg, troch H. Herresthal.
- Edvard Grieg Museum
- Edvard Grieg Genoatskip
- De Grieg-fundus fan de stedelike bibleteek yn Bergen (Noarwegen)
- Ferskate 'Lyryske Stikken' yn PDF- en/of midi-formaat (fergees te rieplachtsjen)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Edvard Grieg fan Wikimedia Commons. |