Springe nei ynhâld

Douglas Adams

Ut Wikipedy
Douglas Adams
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Douglas Noel Adams
nasjonaliteit Britsk
berne 11 maart 1952
berteplak Cambridge (Ingelân)
stoarn 11 maaie 2001
stjerplak Santa Barbara (Kalifornje)
etnisiteit Flagge fan Ingelân, yn Grut-Brittanje Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre science fiction, komeedzje, satire
bekendste
  wurk(en)
The Hitchhiker's Guide to the Galaxy
offisjele webside
douglasadams.com

Douglas Noel Adams (Cambridge, 11 maart 1952Santa Barbara (Kalifornje), 11 maaie 2001) wie in Ingelsktalige skriuwer, út Ingelân. Hy hie it St. Johns College folge yn Cambridge, dêr't er Ingelsk studearre.

Hy hat in ferskaat oan wurk hân. Under oaren hat er meiholpen oan Monty Python's Flying Circus, en meiskreaun oan Dr. Who. Syn grutte sukses kaam lykwols doe't er it harkspul fan The Hitchhiker's Guide to the Galaxy die, en it boek dêrfan. It wie sa'n grut sukses dat der platen fan úbrocht waarden, en hy skreau it ferhaal út ta in trilogy yn fiif parten. Der waard fierder harkspul fan spile, en in tillefyzjesearje. Uteinlik kaam der ek in film fan, dêr't Adams al oan meiskreau, mar dy't earst nei syn dea filme waard. Oar wurk wie syn boeken oer Dirk Gently's Holistic Detective Agency.

Yn it Nederlânsk binne de boeken útbrocht as Het Transgalactisch Lifterhandboek, en dêr is ek in Nederlânsk harkspul nei makke. Yn it Frysk is der allinnich in oersetting fan ien haadstik fan it boek The Restaurant at the End of the Universe. Dat soe "It restaurân oan de ein fan it universum" west hawwe moatten, mar skynber is de grap dat it de ein fan alles is de oersetter ûntkaam, dat it is oerset as gong it oer de ein fan de molkwei.