Springe nei ynhâld

Domtsjerke fan Eisenstadt

Ut Wikipedy
Sint-Martinuskatedraal

Dom St. Martin

bouwurk
lokaasje
lân Eastenryk
dielsteat Burgenland
plak Eisenstadt
adres Domplatz
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1522
boustyl Gotyk
monumintale status Monumint
monumintnûmer 45381 [1]
offisjele webside
Webstee bisdom

De Sint-Martinuskatedraal (Dútsk: Dom St. Martin) yn de Eastenrykske stêd Eisenstadt is de roomsk-katolike domtsjerke fan it yn 1960 stifte bisdom Eisenstadt.

De earste ferwizing nei in Martinustsjerke datearret fan 1264, doe't Eisenstadt syn oarspronklike namme krige. Fan dy kapel binne noch romaanske fûneminten yn it koer bewarre bleaun. Yn de 13e iuw waard de kapel útwreide troch de bou fan in iergoatysk koer en in noardlike kapel.

Ynterieur

Yn 1460 waard yn it ramt fan de tanimmende driging fan de Turken (1453: Fal fan Konstantinopel) de tsjerke ferboud ta in wartsjerke. De belegering fan de stêd troch de Hongaarske kening Mattias Corvinus yn 1488 en de lettere ynfallende Turken soargen foar opûnthâld yn de bou fan de goatyske halletsjerke. Oan de westlike gevel soe noch in twadde toer komme. Mar allinne de noardlike toer waard realisearre. De tsjerke kaam yn 1522 ree. Nei de grutte brân fan 1589 duorre it jierren foar't der mei in weropbou fan de skeinde tsjerke útein set waard, dy't plak fûn yn ierbarokke foarmen mei krúsgraatferwulften en rûnbôgefinsters yn it preesterkoer. Tsjin it ein fan de 19e iuw waard de tsjerke wer yn goatyske foarmen rekonstruearre. De barokke alters ferdwûnen en maaswurkfinsters ferfongen de barokke finsters. Yn de tsjerke ferdwûnen de barokke fresko's ûnder in nije laach kalk.

De tsjerke waard mei de stifting fan it bisdom Eisenstadt yn 1960 in katedraal. Sint-Martinus waard patroanhillige fan it bisdom en Burgenland. De katedraal waard renovearre en krige nije ramen. Yn 2003 waard de domtsjerke op 'e nij ynrjochte.

De arsjitektuer fan it ynterieur waard yn 1960 neffens ûntwerpen fan Jakob Adelhart feroare. De ramen fan it preesterkoer presintearje it tema Kristus-Kening en datearje fan Franz Deéd. De ramen fan it tsjerkeskip toane motiven út de iepenbiering fan Jehannes en binne it wurk fan Margret Bilger. Yn 1980 makke Thomas Resetarits in mantelmadonna, dy't in plak krige oan it portaal fan de dom. Gilbert Bretterbauer makke yn 2003 it tapijt, dat mei de kleuren fan de ramen oerienkomt. De alterromte waard yn 2003 troch Brigitte Kowanz ûntwurpen. Aldere keunstwurken yn de tsjerke binne:

  • de barokke preekstoel mei in reliëf fan Kristus mei de skriftgelearden op it efterskot en Kristus as siedder op de kûp. In byld fan Paulus stiet op it klankbord;
  • in 17e-iuwsk skilderij fan Kristus foar Kajafas;
  • in haut-reliëf fan Kristus op de oliveberch (1500);
  • de Apoteose fan de hillige Martinus (1777) (earder ûnderdiel fan it barokke heechalter);
  • in skilderij út 1777 fan Marije mei Bern op in moanneskyl, dy't mei de stêf de slang (symboal fan de erfsûnde) treft;
  • in 19e-iuwsk skilderij fan de hillige Leonhard mei in ôfbyld fan Eisenstadt;
  • in barokke byldengroep fan de Hillige Famylje[2]
Oargel

De bou fan it oargel yn 1778 troch Johann Gottfried Malleck út Wenen waard mooglik makke troch in skinking fan de widdo Theresia Frigl. Nijbou wie needsaaklik om 't it âlde oargel by ferbouwings slim skansearre rekke. De bou fan it oargel fûn plak ûnder begelieding fan de komponist Joseph Haydn. Grutte feroarings oan it ynstrumint folgen yn 1944 troch de oargelboufirma Karl Schuke (Berlyn). Yn dy tiid waaden de pedaalomfang en de omfang fan it earste manuaal utwreide en in register tafoege. By de restauraasje troch Schuke yn 1973 waarden alle feroarings yn de jierren 1940 werom draaid. Karakteristyk is dat it ynstrumint noch barokke eleminten hat en tagelyk de nije klankestetyk, dy't oan it begjin fan de 19 iuw opgong makke, fertsjintwurdiget. It domoargel waard yn 2020 renovearre.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side