Demetrius fan Tessaloniki
Demetrius fan Tessaloniki | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Gryksk | |
bertedatum | 270 | |
stjerdatum | 305 of 306 | |
hillichferklearring | ||
hillichdom | Hagios Demetrios, Tessaloniki | |
attributen | soldaat, swurd, lâns | |
patroan fan | Feneesje, Tessaloniki, Konstantinopel, soldaten |
De hillige Demetrius fan Tessaloniki (Gryksk: Άγιος Δημήτριος της Θεσσαλονίκης) is in soldatehillige fan 'e Eastersk-Otterdokse Tsjerken. Demetrius is ien fan 'e meast fereare hilligen yn 'e otterdoksy en fan dêrwei fersprate de ferearing him út nei it westen, sadat Demetrius ek yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke fereare wurdt.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tradysje fan Demetrius kombinearret nei alle gedachten trije ferskillende minsken:
- Hy wie in ofsier yn it Romeinske leger en waard by de kristenferfolging ûnder keizer Diokletianus oppakt en yn 'e termen fan 'e stêd Tessaloniki finzen set.
- Hy wie in diaken út Sirmium, it hjoeddeiske Servyske Sremska Mitrovica. Nei de Barbaarske ynvaazjes yn 'e 5e iuw soe de ferearing fan 'e diaken út Sirmium nei Tessaloniki oerwaaid wêze.
- Hy wie in diaken fan Slavyske komôf út de doetiidske Romeinske provinsje Pannoanje
Demetrius stamde út in aadlike famylje út de Romeinske provinsje Masedoanje. Under keizer Galearius makke er opgong ta in hege militêre posysje. Syn hege posysje yn in noch heidenske ryk kearde Demetrius net om him bot foar syn leauwe yn Kristus yn te setten en hy moedige kristenen oan om it by de ferfolgingen fol te hâlden. Ek wist er heidenen ta it leauwe te bringen. Doe't Maksimianus nei Tessaloniki werom kaam fan ien fan syn fjildtochten, liet er om syn oerwinnings te fieren heidenske spullen en offers organisearje. Demetrius wie fanwegen syn leauwe yn 'e finzenis smiten en learde dêr in jonge kristen kennen mei de namme Nestor, dy't him de segen frege foar in striid mei de gladiator Lyaeus, dy't as de kampioen fan it heidendom beskôge waard. Demetrius joech syn seine oan Nestor en tsjin alle ferwachtingen yn wist Nestor, lykas David mei Goliat die, de reus Lyaeus te deadzjen. De keizer wie troch alles hinne fan lilkens en kaam der efter dat Demetrius Nestor holpen hie. Bûten de stêd liet er Nestor ûnthalzje en Demetrius waard op in peal yn 'e finzenis spytst. De kristenen begroeven Demetrius en Nestor yn 'e termen, dêr't Demetrius ek finzen sitten hie.[1]
Yn 'e fyfte iuw waarden de termen fan Tessaloniki net mear brûkt en dêrom lei it foar de hân dat de termen ferboud wurde moasten om Demetrius te ferearen. Op dat plak waard nammentlik in oan him wijde tsjerke boud.
Demetrios is fral yn Grikelân en dan benammen yn Tessaloniki in populêre hillige. Neffens in leginde wie hy in broer fan Sint-Joaris, mei wa't er ek wol ôfbylde wurdt. Mooglik waarden syn reliken foar de feilichheid troch de plonderingen fan 'e Hunnen yn 441/442 út Sirmium bnei Tessaloniki brocht en yn 'e oan him wijde tsjerke ûnderbrocht. Nei de ferhûzing fan 'e prefektuer fan Sirmium nei Tessaloniki yn 535 waard Tessaloniki it sintrum fan 'e ferearing fan Demetrius.
De trijeskippige Demetriusbasilyk waard om 500 hinne boud op it plak fan in lytsere tsjerke, dy't om 315 hinne boppe it grêf boud waard (eartiids de termen, no de krypt).
De ferearing fan Demetrius kaam ûnder de namme Dimitri nei alle gedachten fanút Moraavje nei Ruslân, dêr't yn 1052 in Russysk kleaster iepene waard en in soad tsjerken nei de hillige ferneamd waarden. Yn 1185 feroveren de Sisyljaanske Noarmannen de stêd, ferneatigen it grêf dêr en namen de bonken mei, dy't se nei it Benediktynske kleaster yn San Lorenzo in Campo by Urbino brochten. Dy reliken binne yn oktober 1978 werom jûn oan Tessaloniki en krigen in plak yn in nij siboarium yn 'e Demetriusbasilyk fan Tessaloniki.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Grikelân allinne al binne mear as 200 tsjerken oan Demetrius opdroegen. Demetrius heart ta de hillige ridders en is yn 'e folkloare ien fan 'e kriichshilligen fan 'e otterdokse tsjerken. Oer de hillige besteane in grut tal legindes en beskriuwingen yn it Gryksk, Tsjerkeslavysk, Armeensk en Georgysk.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Demetrius wurdt as in militêr ôfbylde. Faak sit er op in hynder wylst er de kristenferfolger Lyaeos mei in lâns stekt. Demetrius wurdt ek wol mei Sint-Joaris ôfbylde.
Feestdei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn feestdei is op 26 oktober, de Roomsk-Katolike Tsjerke wykt dêrfan ôf en betinkt Demetrius op 9 april.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|