Springe nei ynhâld

David Prowse

Ut Wikipedy
David Prowse
akteur
David Prowse yn 2007.
David Prowse yn 2007.
persoanlike bysûnderheden
echte namme David Charles Prowse
nasjonaliteit Britsk
berne 1 july 1935
berteplak Bristol (Ingelân)
stoarn 28 novimber 2020
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf 19502010
offisjele webside
www.darthvader-starwars.com

David Prowse (folút: David Charles Prowse; Bristol, 1 july 1935Londen, 28 novimber 2020) wie in Ingelsk akteur, bodybuilder en gewichtheffer. Hy waard yn it Feriene Keninkryk it bekendst as de Green Cross Code Man yn ideële reklamefilmkes foar ferkearsfeiligens. Wrâldwiid genoat er yn guon fermiddens in beskate ferneamdens trochdat er de rol fan 'e smjunt Darth Vader spile yn 'e orizjinele Star Wars-trilogy. Mar om't er yn dy films oanhâldend mei in masker op rint en de stim fan Darth Vader letter neisyngronisearre waard mei it sonoare, leechtoanige lûd fan James Earl Jones, bleau Prowse by it grutte publyk relatyf ûnbekend.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prowse waard yn 1935 berne yn Bristol, yn súdwestlik Ingelân, dêr't er opgroeide yn wyk Southmead. Nei de middelbere skoalle wist er in stúdzjebeurs te bemachtigjen om troch te learen oan 'e Bristol Grammar School. Prowse hie in lingte fan 1.98 m en ûntwikkele al ier belangstelling foar bodybuilding. Syn earste baantsje hied er as útsmiter by in nachtklub. Letter wurke er ek as hantsjemuoisfeint yn in swimbad yn Henleaze.

Fuortborduerjend op syn bodybuilding begûn Prowse oan gewichtheffen te dwaan. Yn 1962 wûn er it Britsk NK gewichtheffen en datselde jiers fertsjintwurdige er Ingelân by it gewichtheffen op 'e Mienebêstspullen yn it Australyske Perth. Yn 1963 ferhuze er nei Londen, dêr't er wurk krije koe by in bedriuw dat gewichtheffersreau makke. Hy naam ek in baan oan as fitnesskonsulint by it warehûs Harrods en fersoarge optredens wêrby't er ûnder de artystenamme 'Jack the Ripper' tillefoanboeken midstwa skuorde (it Ingelske wurd foar "skuorre" is to rip). Dêrnjonken rjochte er nei ferrin fan tiid in stikmannich sportskoallen yn 'e stêdekloft fan Londen op.

David Prowse yn 2007.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Feriene Keninkryk krige Prowse (mear) bekendheid doe't er fanôf 1975 yn in rige ideële reklamefilmkes foar ferkearsfeiligens de rol fan 'e Green Cross Code Man spile, in superheld dy't bern learde hoe't se feilich oerstekke moasten. Foar syn belutsenen by dy kampanje, dy't rûn fan 1971 oant 1990, waard Prowse yn 2000 beneamd ta lid fan 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE). As akteur spile er fierders yn 1971 de liifwacht fan Frank Alexander yn 'e film A Clockwork Orange. Ek wied er te sjen yn films as Casino Royale (1967), Vampire Circus (1972) en Jabberwocky (1977). Fierders spile er op 'e tillefyzje in minotaurus yn 'e science fiction-searje Dr. Who (1972), de wrakselder Charles yn 'e Shakespeare-ferfilming As You Like It (1978), en in liifwacht yn 'e tillefyzjefilm The Hitchhiker's Guide to the Galaxy (1981).

Yn 1977 hie Prowse syn meast ferneamde rol as Darth Vader, de wichtichste antagonist, yn 'e Amerikaanske science fiction-film Star Wars: Episode IV – A New Hope. De regisseur, George Lucas, hie him sjoen yn A Clockwork Orange en fûn him omreden fan syn yntimidearjende postuer tige geskikt foar de rol. Hoewol't de film sa populêr waard dat it yn it rare wie, bleau Prowse relatyf ûnbekend, om't er de hiele film troch it swarte masker fan Darth Vader op hie, sadat syn gesicht net te sjen wie. Boppedat fûnen Lucas-en-dy syn Bristolske aksint minder gaadlik foar harren film, dat syn teksten waarden neitiid neisyngronisearre mei it karakteristyk djippe stimlûd fan James Earl Jones. Prowse kroep op 'e nij yn 'e hûd fan Darth Vader foar de ferfolchfilms The Empire Strikes Back (1980) en Return of the Jedi (1983). Mei't er in tige min skermer wie, waard er yn 'e sênes wêryn't skerme waard mei ljochtsabels ferfongen troch stuntman en skermcoach Bob Anderson.

Nei Star Wars aktearre Prowse net folle mear. Doe't de earste Star Wars-film útkommen wie, besocht er de titelrol yn 'e superheldefilm Superman (1978) te krijen, mar dy gie nei Christopher Reeve. Prowse wie úteinlik by de film belutsen as trainer fan Reeve. Hy wie ek ferantwurdlik foar de training fan Cary Elwes yn 'e film The Princess Bride (1987). Syn lêste rol hied er yn 2010 yn 'e Britske ûnôfhinklike film The Kindness of Others, dy't dat jiers fertoand waard op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

David Prowse yn 2013 op in science fiction-konvinsje.

Yn lettere jierren ûntstie der ferwidering tusken Prowse en George Lucas. Prowse hold út dat er min behannele wie, mei't Lucas foarôfgeande oan 'e premiêre fan Return of the Jedi ûnthjitten hawwe soe dat syn stim heard en syn gesicht sjoen wurde soe as oan 'e ein fan 'e film einlings it masker fan Darth Vader ôfgie. Ynstee brûkten Lucas-en-dy foar dy sêne in alternative opname mei de akteur Sebastian Shaw. Yn in fraachpetear yn 2009 bewearde Prowse fierders dat er neffens syn kontrakt in oandiel yn 'e winst fan Return of the Jedi opstrike sillen hie. Mar hoewol't de film in opbringst behelle fan $475 miljoen tsjin in budget fan $32 miljoen, krige Prowse dêr gjin sint fan. Ynstee waarden saneamde Hollywood-boekhâldmetoaden brûkt om 'e winst as filmdistribúsjekosten oan 'e studio ta te skowen, sadat der op papier gjin winst bestie om ûnder oaren te ferdielen. Yn july 2010 ûntsei Lucas Prowse de tagong ta offisjele Star Wars-konvinsjes. Dêr joech er nei't it skynt gjin oare reden foar as te sizzen dat Prowse "tefolle brêgen ferbaarnd" hie tusken himsels en filmstudio Lucasfilm.

Doe't er al op jierren wie, rekke Prowse befreone mei de jonge Welske muzikant Jayce Lewis, mei wa't er yn 'e kunde kaam op in science fiction-konvinsje. Se hiene in mienskiplike foarleafde foar jazz en waarden sakepartners: Lewis feroarge optredens en Prowse waard syn manager en hannele de public relations ôf. Yn 2015 naam Lewis in miny-dokumintêre op mei de titel The Force's Mouth (in wurdboarterij op 'e magyske krêft the Force út Star Wars en it Ingelske sprekwurd straight from the horse's mouth, mei de betsjutting "út 'e earste hân"). Dêryn wie Darth Vader einlings te hearren mei Prowse syn stimlûd. Prowse ferskynde yn 2017 ek yn 'e fideoklip fan Lewis syn nûmer Shields.

Prowse troude yn 1963 mei Norma Scammell, dy't er kennen leard hie doe't er wurke as útsmiter. Mei har hied er trije bern. Prowse wie in fan fan 'e Bristol Rugby Club, hoewol't er fan 1963 yn Croydon, yn súdlik Londen, wenne. Yn 2009 makke er bekend dat er op polityk mêd in oanhinger fan 'e anty-Jeropeeske United Kingdom Independence Party (UKIP) wie. Yn 2011 publisearre er syn autobiografy, Straight from the Force's Mouth.

David Prowse yn 2015 mei Jayce Lewis.

Foar it meastepart fan syn libben litte Prowse oan artritis (gewrichtsûntstekking). Syn gewichtheffen holp dêrby, want doe't er dêrmei begûn, ferdwûn syn krupsje grutdiels, om yn 1990 werom te kearen. As gefolch fan 'e sykte krige Prowse twa keunstheupen en groeide ien ankelgewricht fêst. De keunstheupen moasten noch ferskate kearen ferfongen wurde. Yn 2000 rekke syn lofterearm ferlamme, letter folge troch syn rjochterearm. It die bliken dat er septyske artritis oprûn hie, feroarsake troch in ynfeksje dêr't er op in hier nei oan stoar. Prowse waard dêrnei fise-foarsitter fan 'e Physically Handicapped and Able-bodied Association (PHAA, "Feriening fan Lichaamlik Beheinden en Lichaamlik Unbeheinden"), in belange-organisaasje foar lju mei in lichaamlike beheining yn it Feriene Keninkryk.

Yn 2009 makke Prowse bekend dat er prostaatkanker hie. Hy wie der op 'e tiid by en nei't er bestrieling ûndergien hie, waard er kankerfrij ferklearre. Yn oktober 2016 kundige Prowse oan dat er him omreden fan syn minne sûnens út it iepenbiere libben weromlûke soe.

David Prowse kaam op 28 novimber 2020 yn 'e âlderdom fan 85 jier yn in Londensk sikehûs te ferstjerren, nei't er dêr koarte tiid earder opnommen wie foar in ûnspesifisearre sykte.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1967 Casino Royale Meunster fan Frankenstein sûnder fermelding op ôftiteling
1968 Hammerhead George
1970 The Horror of Frankenstein Meunster fan Frankenstein
1971 Up Pompeii spierde man sûnder fermelding op ôftiteling
1971 Up the Chastity Belt sir Grumbel
1971 Carry On Henry beburde boal
1971 A Clockwork Orange Julian
1972 Vampire Circus sterke man
1973 Black Snake Jonathan Walker
1973 White Cargo Harry
1974 Frankenstein and the Monster from Hell Meunster fan Frankenstein
1974 Callan Arthur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope Darth Vader neisyngronisearre mei de stim fan James Earl Jones;
film ek bekend as Star Wars
1977 Jabberwocky Red Herring / Swarte Ridders   
1977 The People That Time Forgot boal
1980 Star Wars Episode V: The Empire Strikes Back    Darth Vader neisyngronisearre mei de stim fan James Earl Jones
1983 Star Wars Episode VI: Return of the Jedi Darth Vader neisyngronisearre mei de stim fan James Earl Jones
2004 Saving Star Wars himsels dokumintêre
2006 Perfect Woman dokter Maurice Hawkins
2010 The Kindness of Strangers Frank Bryan
2015 Elstree 1976 himsels
2015 I Am Your Father himsels dokumintêre
2015 The Force's Mouth himsels dokumintêre
tillefyzje
1972 Doctor Who minotaurus ôfl. The Time Monster
1976 Space: 1999 it Wêzen ôfl. The Beta Cloud
1978 As You Like It Charles tillefyzjeregistraasje fan in toanielstik fan Shakespeare

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.