Daasje
Daasje wie it lân yn East-Sintraal-Jeropa dat bewenne waard troch de Daasjers. It gebiet leit yn it hjoeddeiske Roemeenje, mar parten fan it âlde Daasje lizze ek yn Moldaavje, Bulgarije, Servje, Hongarije en de Oekraïne.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Daasjers, dy’t yn it noarden fan de legere Donau libben yn it lân fan de Karpaten en Transsylvaanje , binne it earste bekende folk dy’t libben yn it lân dat no Roemeenje is. Se wurde foar it earst neamd yn skriuwsels fan Herodotus en Thucydides. Letter waarden de Daasjers neamd yn Romeinske dokuminten, en ek ûnder de namme Geta yn Grykske skriuwsels. De histoarikus Strabo seit dat de oarspronklike namme fan de Daasjers “daoi” wie, dat werom te fiere is op it Frygyske wurd “daos”, dat “wolf” betsjut. Dizze oanname komt ek werom op de findels fan de Daasjers, de Daasjeske Drako, dêr’t in wolf op ôfbyld stiet. Op de Romeinske kaart Tabula Peutingeriana wurde de Daasjers oanhelle as Dagae en Gaete.
Folle letter, yn de lette Midsiuwen, brûkte de Roomsk-Katolike Tsjerke ferskate kearen de term Dacia foar Skandinaavje of Jutlân, en guon keninklike famyljes fan it noarden fan Jeropa waarden oantsjutten as ‘fan Dacia’. Omdat de term net in soad brûkt waard en ek wer gau ferdwûn is der meastentiids gjin betizing mei de oarspronklike term.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Burebista, dy’t regearre fan 82 f.Kr. oant 44 f.Kr., feriene de Daasjers yn ien ryk. Hy makke sels de Boii en oare Keltyske stammen fan Bohemen en Moraavje skatplichtich. In driigjende kriich tusken it ryk fan Burebista en it Romeinske Ryk waard foarkommen trochdat yn 44 foar Kristus sawol Julius Caesar as Burebista slachtoffer waarden fan moardoanslaggen. Dêrnei fûl it ryk fan Burebista útinoar.
De Daasjers foarmen oan de ein fan de 1e iuw nei Kristus op ‘e nij in machtich ryk ûnder harren kening Decebalus. De Romeinske keizer Trajanus fûn dat dit ryk in bedrieging foarme foar de feiligens fan de Romeinske provinsjes súdlik fan de Donau en begûn dêrom yn 101 nei Kristus in kriich tsjin de Daasjers. Nei fûl ferset waarden dizze yn 106 nei Kristus definityf ferslein. De haadstêd fan de Daasjers, Sarmizegetusa, waard folslein platbaarnd, en likernôch 150.000 finzenen waarden as slaven fuortfiert. De Romeinen makken in provinsje fan it gebiet, Romeinsk Daasje. Romeinske autoriteiten organisearren in grutte kolonisaasje fan it gebiet mei ymmigranten út Itaalje en de Romeinske provinsjes súdlik fan de Donau, wêrtroch de romanisearring fan it gebiet befoardere waard.
Om syn oerwinning op de Daasjers te fiere liet keizer Trajanus yn Rome in oerwinningspylder bouwe, dy’t no noch hieltyd oerein stiet.
Sûnt likernôch 2000 foar Kristus hawwe Traasje, it hjoeddeiske Bulgarije, en Daasje, it hjoeddeiske Roemeenje, bewenne west troch oan de Daasjers besibbe folken. Lykwol Traasje as Daasje moasten harren deljaan oan it Romeinske Ryk. De Romeinen neamden it Roemeenske part ‘Colonia Dacia’.
De Daasjers wennen benammen yn Transsylvaanje en yn it westen fan Walachije. Yn East-Walachije en Dobroedzja wennen de besibbe Geten. Yn Moldaavje libben de ek besibbe Karpen (nei wa neffens guon de Karpaten neamd binne), dy’t oan de ûnderwerping fan de Romeinen ûntkamen.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens archeologyske fynstens moat de widze fan de Daasjeske kultuer noardlik fan de Donau wêzen haw, yn de rjochting fan de Karpaten, yn it hjoeddeiske Muntenia, in provinsje fan Roemeenje. Nei alle gedachten is it in evolúsje fan de Basaraby kultuer út de Izertiid.
De goudene Daasjeske Earmbannen byldzje it kultuerele en estetyske gefoel fan de Daasjers. Se waarden makke fan gouderts, dat mingd waard mei lytse mannichten sulver. Der waarden techniken brûkt dy’t troch archeologen tige avensearre neamd wurde foar yn dy tiid.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De namme fan it Roemeenske automerk Dacia is ôflaat fan Daasje.