Cowpasture (rivier)
Appearance
De rivier Cowpasture is in sydrivier fan de rivier James (rivier) yn westlik Firginia yn de Feriene Steaten fan Amearika. De rivier hat in lingte fan 136 kilometer.[1]
De Yndianen neamden de rivier Walatoola, dat betsjut 'kringelich wetter', nei de grutte bochten yn de rivier. Doe't de Britske kolonisten dêr yn de 20er jierren fan de 18e iuw kamen, joegen sy de stream de namme Cowpasture.
Wyldguod
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat de Cowpasture grinzget oan it George Washington National Forest, Highland Game Reserve en noch oare wyldgebieten, sit der wyld by de roes. In protte Keale earns neskje oan de rivier en de Amerikaanske rivierotter is der op 'en nij útset. De oerdiedige wyldstân betsjut wol dat der in protte jachtkampen oan de rivier lizze.
-
Watts dock, Cowpasture
-
De Cowpasture ûnder Fort Lewis
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|