C.J. Cherryh
C.J. Cherryh | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Carolyn Janice Cherry | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1 septimber 1942 | |
berteplak | St. Louis (Missoury) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | SF, fantasy, essay's | |
bekendste wurk(en) |
Alliance-Union Universe-rige Foreigner-searje | |
útjouwer | Aspect, DAW Books, Del Rey, Eos, Hodder & Stoughton, Mandarin Paperbacks | |
prizen | 3x Hugo Award 1x Locus Award 1x Skylark Award | |
jierren aktyf | 1976 – no | |
offisjele webside | ||
www.cherryh.com |
C.J. Cherryh (pseudonym fan: Carolyn Janice Cherry; St. Louis (Missoury), 1 septimber 1942), is in Amerikaansk skriuwster, essayiste, oersetster, redaktrise, leararesse en taalaktiviste. Sûnt se yn 'e santiger jierren mei skriuwen úteinsette, hat se op it mêd fan science fiction en fantasy in tige grut oevre opboud fan mear as santich romans en in ferskaat oan koarte ferhalen. Cherryh wurdt hjoed de dei beskôge as ien fan 'e liedende Amerikaanske science fiction-skriuwers. Hja hat û.m. trije prestizjeuze Hugo Awards, in Locus Award en de Skylark Award wûn. Teffens is der in asteroïde nei har ferneamd. Har bekendste en súksesfolste wurken binne de Alliance-Union Universe-rige en de Foreigner-searje.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid, oplieding en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]C.J. Cherryh waard yn 1942 berne yn St. Louis, yn 'e steat Missoury, as Carolyn Janice Cherry. Har middelnamme Janice wurdt útsprutsen as [ʤǝ'ni:s] (rymt op "geniis"), en net as ['ʤænnɪs] (rymt op "tennis"), sa't yn 'e Feriene Steaten gebrûkliker is. Hja groeide grutdiels op yn Lawton, yn Oklahoma, dêr't hja mei tsien jier science fiction-ferhalen begûn te skriuwen út klearebare frustraasje, nei't har favorite tillefyzjesearje, Flash Gordon, fan 'e buis helle wie. Yn 1964 studearre Cherryh ôf mei in bachelorstitel yn Latyn oan 'e Universiteit fan Oklahoma, mei spesjalisaasjes yn archeology, mytology en de skiednis fan technyk. Se learde fierder oan 'e prestizjeuze Johns Hopkins Universiteit yn Baltimore, yn 'e steat Marylân, dêr't se yn 1965 in masterstitel yn 'e klassike talen behelle.
Neitiid wurke Cherryh as leraresse Latyn, Gryksk en skiednis fan 'e Aldheid oan 'e John Marshall High School yn Oklahoma City. Yn 'e simmerskoften makke se faak rûnreizen mei har learlingen by de ruïnes fan Ingelân, Frankryk, Spanje en Itaalje lâns. Har frije tiid wijde se foar in grut part oan har skriuwwurk, wêrby't se de myten fan Rome en it âlde Grikelân as plots foar har science fiction-ferhalen brûkte. Oars as de measte science fiction-skriuwers fan dy tiid begûn Cherryh har karriêre net troch koarte ferhalen te skriuwen, dy te publisearjen yn tydskriften en dêrnei oer te gean ta it produsearjen fan romans. Krektoarsom, hja skreau har earste koarte ferhaal pas doe't se har karriêre al in ein op 'e gleed hie.
Skriuwkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 't earstoan hie Cherryh gjin súkses doe't se har romans foar útjefte oanbea. Guon fan har manuskripten rekken sels wei by de útjouwer, wat har yn it pre-kompjûter-tiidrek twong om dy boeken te werskriuwen op basis fan 'e karbon-kopy dy't se fan it orizjineel makke hie. Yn 1975 krige se einlings en te'n lêsten in foet tusken de doar by in útjouwerij, doe't Donald A. Wollheim fan it Newyorkske DAW Books de manuskripten fan Gate of Ivrel en Brothers of Earth kocht. Hy rette har lykwols oan om har namme wat te feroarjen, mei't er "Cherry" tefolle nei in boeketrigeskriuwster klinken fûn. Sadwaande waard der efteroan in stomme h oan taheakke. Teffens waarden har foarnammen ferkoarte ta inisjalen, om te fertsjustermoanjen dat se in frou wie (yn in tiid dat hast alle science fiction-skriuwers manlju wiene).
Gate of Ivrel en Brothers of Earth waarden allebeide publisearre yn 1976, en wiene daliks in grut súkses, dat yn 1977 bekroane waard mei de John W. Campbell Award for Best New Writer. Hoewol't har wurk letter ek by oare útjouwerijen publisearre is (lykas Baen Books, HarperCollins Publishers en Del Rey Books), ûntwikkele Cherryh yn it begjin fan har karriêre in hechte bân mei de Wollheim-famylje en harren bedriuw, DAW Books. Se reizge geregeldwei nei New York ta, dêr't se dan by Donald Wollheim en syn gesin yn 'e wyk Queens útfanhûze.
Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In grut part fan Cherryh har oeuvre is ûnder te bringen yn 'e Alliance-Union Universe-rige. Hoewol't dy boeken yn 'e regel mar sydlings mei-inoar yn ferbân steane en foar it grutste part los faninoar lêzen wurde kinne, spylje se yn ien en itselde takomstige hielal. Dêryn hat de minskheid him ferspraat nei de stjerren en hawwe de measte kolonisearre planeten har by in ûnôfhinklikheidsoarloch losmakke fan Mem Ierde om in selsstannige Uny (Union) te foarmjen. Troch de oarloch tusken de mei grou geweld fanwegen kommende Ierdske striidkrêften oan 'e iene kant en de Uny oan 'e oare kant, dy't der gjin kwea yn sjocht om gebrûk te meitsjen fan fabryksmjittich produsearre genetysk kloane soldaten, wurdt de feilichheid en breawinning fan 'e grutte en machtige, troch famyljeklans bewenne hannelsskippen bedrige. Dêrop komme dy gear om in trêde partij yn it konflikt te foarmjen, de Keapfardersalliânsje (Merchanters' Alliance). Nei't de Ierdlingen har troch brekme oan jild út 'e oarloch weromlûke moatte, giet dy sadwaande fierder tusken de Uny en de Alliânsje.
Cherryh brûkt dy sitewaasje net sasear as ûnderwerp op himsels, mar mear as eftergrûn foar romans dy't eins oer lytsere saken of spesifike ûnderdielen fan 'e oarloch geane. Sa ferhellet Downbelow Station (1981) oer de oername troch Unytroepen fan it romtestasjon Pell Station, in besetting dy't liedt ta de oprjochting fan 'e Keapfardersalliânsje. Merchanter's Luck fertelt it ferhaal fan 'e lytse keapfarder Sandor Kreja, dy't wanhopich besiket om finansjeel de holle boppe wetter te hâlden, en dêrta en út leafde idioate risiko's nimt. Forty Thousand in Gehenna (Gehenna is in oare namme foar de hel) beskriuwt de jammerdearlik ferrûne kolonisaasje fan 'e planeet Gehenna troch fjirtichtûzen kolonisten. Finity's End jout in byld fan 'e gong fan saken op 'e grutte hannelskippen, troch de eagen fan in jonge dy't syn earste reis makket. En yn Cyteen en Regenesis nimt Cherryh de moraliteit fan 'e kloaningspraktiken fan 'e Uny yn omtinken, en teffens de swierrichheden dy't dêrút fuortkomme.
In oare wichtige en súksesfolle rige fan Cherryh is de Chanur-searje. Ut 'e kontekst fan dy boeken kin opmakke wurde dat dy krektlyk yn it Alliance-Union-hielal spilet, mar it ferhaal fynt plak fier fuort yn 'e romte, de tsjinstelde kant út as dêr't de Uny en de Alliânsje har befine. De haadpersoanen, yn 'e earste fjouwer boeken de keapfarder Pyanfar Chanur en yn it lêste har muoikesizzer Hilfy Chanur, binne hani, leden fan in kateftich bûtenierdsk ras. Se libje yn in diel fan 'e romte dêr't in bûn fan sân bûtenierdske rassen in prekêr ûnderling machtslykwicht yn stân hâldt. Dy hiele regio fan it hielal wurdt yn ûnstjoer brocht as der op in stuit op in troch alle rassen besocht romtestasjon in minske ferskynt, dy't beskûl siket op Pyanfar Chanur har skip.
Fierdersoan wurket Cherryh sûnt 1994 oan 'e Foreigner-searje, dy't him ûntjûn hat ta ien fan har populêrste rigen. Dêrby is in romteskip mei Ierdske kolonisten troch in ûnferklearber ynsidint by it flugger-as-ljochtreizgjen fan koerts rekke en yn in ûnbekend diel fan it hielal bedarre. De kolonisten sette har dêr fanneeds nei wenjen op in planeet dêr't ek al in wrâldseigen ras fan yntelliginte wêzens libbet. De Foreigner-boeken spylje in pear hûndert jier nei dy foarfallen, en geane oer de paidhi (in funksje dy't de midden hâldt tusken tolk en ambassadeur) Bren Cameron, de iennichste fan 'e minsken op 'e planeet dy't mei de atevi (de "bûtenierdsen") omgean mei, om't misbegryp earder ta in skriklike oarloch laat hat. De Foreigner-searje telt op 't heden (2022) tweintich boeken, ferdield oer seis trilogyen. Har hiele oeuvre yn acht nommen, kin sein wurde dat ien fan Cherryh har meast foarkommende tema's in persoan is, ornaris in man, dy't de spylbal wurdt fan omstannichheden dêr't er sels gjin ynfloed op útoefenje kin en/of fan wêzens of persoanen dy't folle machtiger binne as hy en wa har dieden oft er faak net begrypt.
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich wurdt Cherryh beskôge as ien fan 'e meast foaroansteande Amerikaanske science fiction-skriuwers. Yn 1979 wûn se mei it koarte ferhaal Cassandra har earste Hugo Award, de wichtichste priis foar science fiction-literatuer. Yn 1982 en 1989 wûn se noch twa mei de romans Downbelow Station en Cyteen. Dat lêste boek wûn se ek in Locus Award foar. Fierders hat Cherryh troch de jierren hinne noch nominaasjes opgarre foar trije Hugo Awards, fjirtjin Locus Awards en in Nebula Award. Har hiele oeuvre waard al yn 1988 bekroane mei in Skylark Award, en yn 2005 krige se der ek in Oklahoma Book Award foar. Teffens is der in asteroïde nei har ferneamd, 77185 Cherryh, mei't de ûntdekkers fans fan har wiene en skreaune: "Se hat ús útdage om 'e stjerren weardich te wêzen troch har foar te stellen hoe't de minskheid mank de stjerren komme kinne soe te libjen." Cherryh har boeken binne oerset yn teminsten santjin talen: Frânsk, Dútsk, Hebriuwsk, Hongaarsk, Italjaansk, Japansk, Letsk, Litousk, Nederlânsk, Poalsk, Portegeesk, Roemeensk, Russysk, Slowaaksk, Spaansk, Sweedsk en Tsjechysk.
Oar wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken har eigen skriuwwurk hat Cherryh ek fjouwer science fiction-romans út it Frânsk oerset nei it Ingelsk (sjoch by "Wurk" ûnder it kopke "Oersettings"). Teffens hat se as de redaksje fierd oer de Merovingen Nights-searje, in rige ferhalebondels mei wurk fan ferskate auteurs dat yn deselde wrâld spilet, nammentlik Merovin, in wrâld dy't Cherryh sels skepen hie yn har roman Angel with the Sword. Sels hat se ek ferhalen bydroegen oan ferskate oare shared world-ferhalebondels en -romansearjes, wêrûnder Thieves' World, Heroes in Hell, Elfquest, Witch World en Magic in Ithkar.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cherryh wennet tsjintwurdich yn Spokane, yn 'e noardwestlike Amerikaanske steat Washington. Hja is lesbysk en hat sûnt de 1980-er jierren in relaasje mei Jane Fancher, dy't ek science fiction/fantasy-auteur is en dêropta keunstneresse. Hja trouden op 17 maaie 2014.
Sûnt it begjin fan 'e jierren tachtich skriuwt Cherryh foltiids. Se besiket geregeldwei science fiction-konvinsjes en hat aardichheid oan reizgjen, mar mei fral graach nije dingen útprebearje, lykas bôgesjitten, skermjen, hynsteriden, angeljen, silen, timmerwurk, wyldernissurvival, meubelreparaasjes, hûsfervjen, keunstskilderjen, breidzjen, it kweken fan sjongfûgels, it spyljen fan fideospultsjes, speleöntology (op ûntdekkingstocht yn grotten gean), archeology, ensfh. Op har 61ste begûn se mei keunstriden, dat ien fan har favorite tiidferdriuwen wurden is. Fierdersoan sit se yn 'e rie fan bestjoer fan 'e Foundation for Endangered Languages ("Stifting foar Bedrige Talen"). Har broer David A. Cherry makket omslachkeunst foar science fiction- en fantasyboeken.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eigen wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Science fiction-romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- de Company Wars-boeken (dizze boeken spylje yn deselde perioade, dy fan 'e oarloggen tusken de Uny en de Alliânsje, mar útsein Heavy Time en Hellburner kinne se allegear los faninoar lêzen wurde)
- 1981 – Downbelow Station
- 1982 – Merchanter's Luck
- 1989 – Rimrunners
- de Devil to the Belt-duology
- 1991 – Heavy Time
- 1992 – Hellburner
- 1994 – Tripoint
- 1997 – Finity's End
- de Era of Rapprochement-boeken (dizze boeken spylje yn deselde perioade, as der op 'e oarloggen tusken de Uny en de Alliânsje wer ta-inoarkommen folget, mar útsein Regenesis, dêr't men eins Cyteen earst foar lêze moat, kinne se allegear los faninoar lêzen wurde)
- 1980 – Serpent's Reach
- 1983 – Forty Thousand in Gehenna
- 1985 – The Scapegoat (novelle)
- Cyteen-duology
- 1988 – Cyteen (foarhinne ek wol yn trije dielen publisearre, The Betrayal, The Rebirth and The Vindication, wêroer't Cherryh skreaun hat: "[D]at is no foarby: de hjoeddeistige en, om't ik it wol, alle takomstige publikaasjes sille Cyteen as ien feriene boek hawwe.")
- 2009 – Regenesis
- de Hanan Rebellion-duology
- 1976 – Brothers of Earth
- 1977 – Hunter of Worlds
- de Mri Wars-boeken
- de Faded Sun-trilogy
- 1978 – Kesrith
- Nederlânske oersetting: De Gedoofde Zon: Kesrith (fert. Werkvoorziening Kempenland, 1984)
- 1978 – Shon'jir
- 1979 – Kutath
- 1978 – Kesrith
- de Merovingen Nights-searje
- 1985 – Angel with the Sword
- Merovingen Nights (in rige ferhalebondels mei wurk fan ferskate auteurs dat yn deselde wrâld spilet, ûnder redaksje fan Cherryh; sjoch fierder nei ûnderen ûnder it kopke "Under redaksje fan")
- 1985 – Angel with the Sword
- de Faded Sun-trilogy
- de Chanur-searje
- 1981 – The Pride of Chanur
- 1984 – Chanur's Venture
- 1985 – The Kif Strike Back
- 1986 – Chanur's Homecoming
- 1992 – Chanur's Legacy
- de Age of Exploration-boeken (dizze boeken hawwe ien tema gemien, mar steane fierders los faninoar)
- 1982 – Port Eternity
- 1984 – Voyager in Night
- 1985 – Cuckoo's Egg
- de Hinder Stars-rige (mei Jane S. Fancher)
- 2019 – Alliance Rising
- 2024 – Alliance Unbound
- oare boeken fan 'e Alliance-Union Universe-rige
- 1981 – Wave Without a Shore
- oare science fiction-wurken
- de Foreigner-searje
- trilogy 1
- trilogy 2
- trilogy 3
- trilogy 4
- 2009 – Conspirator
- 2010 – Deceiver
- 2011 – Betrayer
- trilogy 5
- 2012 – Intruder
- 2013 – Protector
- 2014 – Peacemaker
- trilogy 6
- 2015 – Tracker
- 2016 – Visitor
- 2017 – Convergence
- trilogy 7
- 2017 – Emergence
- 2020 – Resurgence
- 2020 – Divergence
- trilogy 8
- 2023 – Defiance
- de Finisterre-duology
- 1995 – Rider at the Gate
- 1996 – Cloud's Rider
- de Gene Wars-duology
- 2001 – Hammerfall
- 2004 – Forge of Heaven
- oare science fiction-wurken
- 1978 – Cassandra (koart ferhaal)
- 1979 – Hestia
Fantasyromans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- de Morgaine-syklus
- de Ealdwood-rige
- 1979 – The Dreamstone (koart ferhaal)
- 1981 – Ealdwood (novelle)
- 1983 – The Dreamstone (opboud út eleminten fan it koarte ferhaal mei deselde namme en de novelle Ealdwood)
- 1983 – The Tree of Swords and Jewels
- de Heroes in Hell-searje
- 1986 – The Gates of Hell (mei Janet Morris)
- 1986 – Kings in Hell (mei Janet Morris)
- 1987 – Legions of Hell
- de Russyske trilogy
- 1989 – Rusalka (hjirfan is in op 'e nij besjoene e-boekferzje ferskynd yn 2010)
- 1990 – Chernevog (hjirfan is in op 'e nij besjoene e-boekferzje ferskynd yn 2012)
- 1991 – Yvgenie (hjirfan is in op 'e nij besjoene e-boekferzje ferskynd yn 2012)
- de Fortress- of Tristen-rige
- 1995 – Fortress in the Eye of Time
- 1998 – Fortress of Eagles
- 1999 – Fortress of Owls
- 2000 – Fortress of Dragons
- 2006 – Fortress of Ice
- oare fantasywurken
- 1986 – The Brothers (novelle)
- 1988 – The Paladin
- 1992 – The Goblin Mirror
- 1993 – Faery in Shadow (hjirfan is in op 'e nij besjoene e-boekferzje ferskynd yn 2009)
- 1996 – Lois & Clark: A Superman Novel
Koarte fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1981 – Sunfall (ferhalebondel)
- 1986 – Visible Light (ferhalebondel)
- 1987 – Glass and Amber (bondel mei ferhalen en essay's)
- 2004 – The Collected Short Fiction of C.J. Cherryh (ferhalebondel dy't de hiele bondels Sunfall en Visible Light omfiemet mei dêropta guon nije ferhalen)
Omnibusedysjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1979 – The Book of Morgaine (omnibusedysje fan Gate of Ivrel, Well of Shiuan en Fires of Azeroth)
- 1983 – Arafel's Saga (omnibusedysje fan The Dreamstone en The Tree of Swords and Jewels)
- 1989 – The Chronicles of Morgaine (omnibusedysje fan Gate of Ivrel, Well of Shiuan en Fires of Azeroth)
- 1991 – Ealdwood (omnibusedysje fan The Dreamstone en The Tree of Swords and Jewels, op 'e nij besjoen en mei in oanpaste ein)
- 1997 – The Dreaming Tree (omnibusedysje fan The Dreamstone en The Tree of Swords and Jewels, op 'e nij besjoen en mei in oanpaste ein)
- 2000 – The Morgaine Saga (omnibusedysje fan Gate of Ivrel, Well of Shiuan en Fires of Azeroth)
- 2000 – The Faded Sun Trilogy (omnibusedysje fan Kesrith, Shon'Jir en Kutath)
- 2000 – The Chanur Saga (omnibusedysje fan The Pride of Chanur, Chanur's Venture en The Kif Strike Back)
- 2000 – Devil to the Belt (omnibusedysje fan Heavy Time en Hellburner)
- 2000 – Alternate Realities (omnibusedysje fan Wave Without a Shore, Port Eternity en Voyager in Night)
- 2003 – At the Edge of Space (omnibusedysje fan Brothers of Earth en Hunter of Worlds)
- 2005 – The Deep Beyond (omnibusedysje fan Serpent's Reach en Cuckoo's Egg)
- 2007 – Chanur's Endgame (omnibusedysje fan Chanur's Homecoming en Chanur's Legacy)
- 2008 – Alliance Space (omnibusedysje fan Merchanter's Luck en Forty Thousand in Gehenna)
- 2015 – The Complete Morgaine (omnibusedysje fan Gate of Ivrel, Well of Shiuan, Fires of Azeroth en Exile's Gate)
Oar wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under redaksje fan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Merovingen Nights-searje is in rige ferhalebondels mei wurk fan ferskate auteurs ûnder redaksje fan Cherryh. Har Angel with the Sword (sjoch boppe) foarmet de "prolooch" fan dizze rige.
- de Merovingen Nights-searje
- 1987 – Festival Moon
- 1987 – Fever Season
- 1988 – Troubled Waters
- 1988 – Smuggler's Gold
- 1989 – Divine Right
- 1990 – Flood Tide
- 1991 – Endgame
Oersettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1980 – The Green Gods, nei Les Dieux Verts (1961) fan Nathalie Henneberg en Charles Henneberg zu Irmelshausen-Wasungen
- 1980 – Stellar Crusade, nei Croisade Stellaire (1974) fan Pierre Barbet
- 1982 – The Book of Shai, nei Le Livre de Swa (1982) fan Daniel Walther
- 1985 – Shai's Destiny, nei Le Destin de Swa (1983) fan Daniel Walther
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1977 | John W. Campbell Award for Best New Writer | wûn | n.f.t. | Gate of Ivrel Brothers of Earth |
1978 | Nebula Award | nominearre | bêste roman | Kesrith |
1979 | Hugo Award | nominearre | bêste roman | Kesrith |
wûn | bêste koarte ferhaal | Cassandra | ||
Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | Kesrith | |
1982 | Hugo Award | wûn | bêste roman | Downbelow Station |
Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | Downbelow Station | |
1983 | Hugo Award | nominearre | bêste roman | The Pride of Chanur |
Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | The Pride of Chanur | |
1984 | Philip K. Dick Award | nominearre | bêste roman | Voyager in Night |
1985 | Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | Chanur's Venture |
1986 | Hugo Award | nominearre | bêste roman | Cuckoo's Egg |
1988 | Locus Award | wûn | bêste science fiction-roman | Cyteen |
Edward E. Smith Memorial Award (Skylark Award) | wûn | n.f.t. | oeuvre | |
1989 | British Science Fiction Association Award | nominearre | bêste roman | Cyteen |
Hugo Award | wûn | bêste roman | Cyteen | |
Locus Award | nominearre | bêste fantasyroman | The Paladin | |
1990 | Locus Award | nominearre | bêste fantasyroman | Rusalka |
nominearre | bêste science fiction-roman | Rimrunners | ||
1995 | Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | Foreigner |
1996 | Locus Award | nominearre | bêste fantasyroman | Fortress in the Eye of Time |
nominearre | bêste science fiction-roman | Invader | ||
1998 | Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | Finity's End |
1999 | Locus Award | nominearre | bêste fantasyroman | Fortress of Eagles |
2000 | Locus Award | nominearre | bêste fantasyroman | Fortress of Owls |
2002 | John W. Campbell Memorial Award for Best Science Fiction Novel | nominearre | n.f.t. | Hammerfall |
Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | Defender | |
2005 | Oklahoma Book Award | wûn | Arrell Gibson Lifetime Achievement Award | oeuvre |
2017 | Locus Award | nominearre | bêste roman | Visitor |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side
|