Blackwater (bedriuw)
Blackwater (1996-2009) Xe Services (2009-2011) Academi (2011-2014) | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | partikulier militêr bedriuw | |
haadkertier | Reston (Firginia) | |
oprjochte | 1996 | |
opdoekt | 2014 | |
opgien yn | Triple Canopy | |
offisjele webside | ||
www.academi.com |
Blackwater wie in Amerikaansk partikulier militêr bedriuw (sis mar in ferhierbedriuw fan hierlingen), dat op 26 desimber 1996 oprjochte waard troch Erik Prince, in eardere ofsier by de Navy SEALs, de kommando's fan 'e Amerikaanske Marine. It bedriuw waard yn 2009 omneamd ta Xe Services en yn 2011 ta Academi, mar yn 'e media en troch eltse oare belanghawwende útsein it bedriuw sels waard it ek dêrnei altyd fan Blackwater neamd. It bedriuw hie syn haadkertier yn Reston, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, net fier fan 'e federale haadstêd Washington, D.C. ôf.
Yn 'e Irakoarloch gie Blackwater in kontrakt oan mei de Amerikaanske Striidkrêften foar it leverjen fan 'befeiligers' (yn 'e praktyk hierlingen) foar ûnderstypjende funksjes. It bedriuw waard wrâldwiid berucht troch it Bloedbad op it Nisoerplein yn Bagdad, op 16 septimber 2007, doe't in groepke wurknimmers fan Blackwater it fjoer iepenen op ûnwapene boargers en dêrby 17 Irakezen deaden en 20 oaren ferwûnen. It bloedbad brocht de Iraakske befolking ta razernij en late ta slimme spannings tusken de Feriene Steaten en Irak. Fjouwer Blackwater-wurknimmers waarden letter yn rjochtsaken yn 'e Feriene Steaten feroardiele foar harren oandiel yn 'e slachting, ien foar moard en de trije oaren foar deaslach. Alle fjouwer krigen se yn desimber 2020, yn it lêst fan syn presidintskip, amnesty fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump.
Ek nei it bloedbad, dat ek wol it Blackwater-skandaal neamd wurdt, gie Blackwater troch mei it ferlienen fan befeiligingstsjinsten oan 'e Amerikaanske federale oerheid. Sûnt 2003 hie it bedriuw datoangeande in fêst kontrakt mei de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA. Noch yn 2013 helle International Developments Solutions, in dochterûndernimming fan Blackwater, in kontrakt binnen ter wearde fan likernôch $92 miljoen fan it Amerikaanske Ministearje fan Bûtenlânske Saken foar it leverjen fan bewekkingspersoniel.
Yn 2011 waard Blackwater oernommen troch in groep private ynvestearders. Yn 2014 ferkochten dy it bedriuw troch oan 'e Constellis Group, dy't it fusearje liet mei syn dochterûndernimming Triple Canopy. Dêrmei kaam der in ein oan it bestean fan Blackwater.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|