Springe nei ynhâld

Bismarck (Noard-Dakota)

Ut Wikipedy
Bismarck
Kapitool fan Noard-Dakota
Kapitool fan Noard-Dakota
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Noard-Dakota
County Burleigh County
Sifers
Ynwennertal 61.272 (2010)
Oerflak 71 km²
Befolkingsticht. 797,4 / km²
Stêdekloft 108.779
Hichte 514 m
Oar
Stifting 1872
Tiidsône CST (UTC-6)
Simmertiid CDT (UTC-5)
Offisjele webside
Offisjele webstee fan Bismarck
Lizzing fan Bismarck yn Noard-Dakota

Bismarck is de haadstêd en op ien nei grutste stêd, nei Fargo, fan de Amerikaanske steat Noard-Dakota. De stêd is ferneamd nei de Dútske steatsman Otto von Bismarck. Yn 1872 waard de stêd stifte en wie sûnt 1889 haadstêd fan Noard-Dakota. Yn 2000 hat it plak 55.532 ynwenners.

Bismarck leit oan de eastigge fan de rivier Missoury, fuort tsjinoer it plak Mandan.[1] De twa stêden binne it hert fan it Metropolitan Statistical Area Bismarck-Mandan .

It Kapitool fan Noard-Dakota is it heechste gebou fan steat, it stekt fier boppe it sintrum fan Bismarck út. De steatsoerheid hat goed 4000 minsken yn it wurk. Sûnensoarch, lyts- en middenbedriuw binne fan belang; Bismarck is it ekonomysk sintrum fan in grut part fan it midssúd Noard-Dakota en it midsnoarden fan Súd-Dakota.

Sintrum Bismarck; Patterson Place (boud yn 1911 as it McKenzie Hotel) wie it heechste gebou yn de steat foardat it nije Kapitool set waard. It hat no âldereinwenten en in restaurant.

Yn jannewaris is de temperatuer trochstrings -6 °C en yn july is dat 29 °C. Yn de stêd falt by 't winter wol in protte snie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.dmr.nd.gov/ndgs/Publication_List/pdf/geoinv/GI_3.pdf