Bilthoven
Bilthoven is in doarp yn de gemeente De Bilt yn de Nederlânske provinsje Utert. It is ien fan de seis doarpen fan dy gemeente en hat 22.885 ynwenners (2021).
Yn it doarp is it Ryksynstitút foar Folkssûnens en Milieu (RIVM) fêstige.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan it doarp giet werom oant 20 augustus 1863 doe't de spoarline Utert - Amersfoart iepene waard en by de krusing fan de spoarline mei de Soestdykskewei in stasjon boud waard.
It nije stasjon waard "Stasjon De Bilt" neamd, hoewol't er op in heal oere rinnen fan De Bilt lei. Om 1900 hinne waarden de earste filla's om it stasjon hinne boud. Omreden de spoarferbining mei Utert, en dat de grûn reedlik goedkeap wie, naam it tal filla's om it stasjon hinne nei 1900 hurd ta. It doarpke dat dêrnei stadichoan ûntstie, waard oantsjut mei "De Bilt-Stasjon". Dy namme soarge foar in soad betizing. Minsken yn Utert dy't op De Bilt-stasjon wêze moasten namen wol gauris de tram nei De Bilt, en minsken dy't yn De Bilt wêze moasten, namen de trein nei De Bilt-Stasjon.
Omreden fan dy betizing waard yn 1917 besletten en feroarje de namme fan it doarp. Ynearsten waard keazen foar Bitsche Duinen, dochs rekke op beswier fan de Spoarwegen. Nei lang stinnen en harrewarjen op in riedsgearkomste op 11 oktober 1917 oer ferskate nammen, waard op foarstel fan riedslid Melchior lang om let de namme Bilthoven oannommen.
Yn 1926 stifte Kees Boeke yn Bilthoven it Wurkplak Bernemienskip (Werkplaats Kindergemeenschap), dêr't ûnder oaren prinsesse Beatrix en har susters op skoalle giene.
Bilthoven-Noard bestie doe noch allinnich út bosk en hearde ta it lângoed Eyckenstein yn Maartensdijk, dat troch de famylje Van Boetzelaer bewenne waard. Nei't mr. Willem Carel baron fan Boetzelaer yn 1934 kaam te ferstjerren, waard it lângoed yn fjouweren ferparte. It erfgenamt fan it súdlikste part, dat hast oan it stasjon ta rûn, hat dat part oan projektûntwikkelers ferkocht, dêr't stadichoan de hjoeddeistige fillawyk by ûntstie.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Gemeentehûs De Bilt
-
Wettertoer
-
Julianatsjerke
-
Winkelsintrum "De Kwinkelier"
-
Loftfoto troch de Loftfeartôfdieling, de foarrinner fan de Keninklike Loftmacht, 1920-1940.
-
Julianaflat "Willem Dudok")
-
Earder postkantoar
-
Julianaleane
-
Walter Maas Hûs
De Bilt | ||
---|---|---|
Doarpen: Bilthoven • De Bilt • Groenekan • Hollandsche Rading • Maartensdijk • Westbroek | ||
Buorskippen: Achttienhoven | ||
· · |