Springe nei ynhâld

Oerhoer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bûtenhoulikse seks)
In man en frou wurde yn 't iepenbier straft foar oerhoer yn Japan

Oerhoer, troubrek of hawwen fan bûtenhoulikse seks is it ûntrou wêzen oan 'e partner mei wa't men in relaasje hat, yn it bysûnder as dy relaasje de foarm fan in wetlik en/of religieus houlik hat, troch seksuële omgong te hawwen mei ien of mear oare persoanen. Faak is soks in foarm fan flechtich seksueel kontakt, mar it komt ek foar dat ien (of beide) fan 'e houlikspartners der in fêste mêtresse of minner op nei hâldt. Histoarysk sjoen waard oerhoer yn 'e measte kultueren beskôge as in slim misdriuw, dat fan oerheidswegen strang bestraft wurde moast, sij it dat yn in heteroseksuële relaasje oerhoer fan 'e froulike partner har folle slimmer oanrekkene waard as dat it de manlike partner oanrekkene waard as hý him deroan skuldich makke. Yn Midsiuwsk West-Jeropa, bygelyks, waard oerhoer fan 'e man, benammen ûnder de maatskiplike hegerein, hiel gewoan fûn, wylst soks yn it gefal fan froulju in grutte skande wie en faak swier bestraft waard.

Yn Nederlân wie oerhoer oant 1971 in strafber feit dat ta de sedemisdriuwen rekkene waard, al waard it neilibjen fan dy wet al jierren foar dy tiid net mear ôftwongen. Yn frijwol alle Westerske lannen is oerhoer tsjintwurdich dekriminalisearre (yn Belgje bgl. yn 1987), al bliuwt it oeral in legitime reden ta skieding. Yn in protte islamityske en Afrikaanske steaten, lykwols, is oerhoer noch altyd strafber, en dêr binne de bestraffings faak ek net myld. Straffen rinne útinoar fan jildboetes oant de deastraf, bygelyks troch stienniging, lykas yn beskate noardlike dielsteaten fan Nigearia.

Fral lannen dêr't de deastraf of lange finzenisstraffen op oerhoer stiet, binne sûnt 2000 ûnder swiere krityk fan 'e rest fan 'e wrâld kommen te stean. Dêrby wurdt troch ynternasjonale organisaasjes, lykas de Feriene Naasjes, en troch non-gûvernemintele organisaasjes dy't opkomme foar frouljusrjochten oproppen ta de ôfskaffing fan sokke wetten, mei't se yn hege mjitte bydrage ta diskriminaasje fan en geweld tsjin froulju, yn acht nommen dat it neilibjen fan sokke wetten tige selektyf ôftwongen wurdt; dat sokke wetten froulju derfan wjerhâlde en doch oanjefte fan ferkrêfting of seksuële oantaasting út eangst dat se beskuldige wurde sille fan oerhoer; en dat sokke wetten maatskiplike noarmen en wearden yn stân hâlde dy't geweld fan manlju tsjin harren froulju goedprate en rjochtfeardigje. Wêr't sokke wetten ta liede kinne, waard pynlik dúdlik yn 2013, doe't in Noarske frou, dy't foar har bedriuw wurksum wie yn 'e Feriene Arabyske Emiraten, oanjefte die fan ferkrêfting tsjin in kollega (ek ôfkomstich út Noarwegen), en dy't doe, ynstee dat de plysje har beskuldiging ûndersocht, sels oppakt en feroardiele waard foar oerhoer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.