Arjan Jongsma
Arjan Wietze Jongsma (Boarnburgum, septimber 1995) is in musikus dy't de marimba bespilet.
Hy komt út in muzikale famylje, omke is slachwurker en syn heit hoarnist. Syn susters Rianne (1990) en Wilma (1992) spylje hobo en fluit en studearje beide oan it konservatoarium yn De Haach. Arjan folge nei in jier algemiene muzikale foarming op muzykskoalle De Meldij by Roel Jan Jongsma in oplieding slachwurkynstruminten by Cresendo yn Drachten. Neist de oplieding VWO giet er om de fjirtjin dagen nei it Prins Claus konservatoarium yn Grins, dêr't er les krijt fan Tatiana Koleva. Fierder spilet er by it Frysk Jeugdorkest yn Ljouwert en krijt les yn de talinteklas fan de Ferwerda akademy.
Yn 2009 wie er te hearren mei Belle Perez en it Nederlânsk Jeugdorkest by it Berneprinsegrachtfestival yn Amsterdam en mocht dêrnei de folwoeksen edysje iepenje.
Yn 2017, 2018 en 2019 joech er masterclasses yn in fernijde spyltechnyk en it dêr byhearrend repertoire op it Marimba Summercamp yn Parnassus yn Grikelân. Yn 2019 sluet Jongsma syn masterstúdzje oan it Konservatoarium fan Amsterdan ôf.[1]
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2010 - Stimulearringspriis Muzyk 2010 fan de gemeente Smellingerlân
- 2009 - Accelerando Classic award
- 2009 - Prinses Christinakonkoers yn it Lucent Dûnsteater yn De Haach.
- 2007 - Haydn muzykfestival, sjuerypriis en publykspriis yn de Oosterpoort yn Grins.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|