Springe nei ynhâld

Aralmar

Ut Wikipedy
De Aralmar is yn 50 jier mei de helte yn oerflak weromrûn, satellytfoto fan 22 juny 2003
Skippen op it drûge. (boarne: www.uzland.uz)
Aralmar yn 1989 en op 12-aug-2003. (boarne: NASA)
Ofname Aralmar en foarming Noardlike Aralmar en Súdlike Aralmar (boarne: NASA)

De Aralmar (soms ek: Aralsee) (Kazaksk: Арал теңізі, Aral teñizi; Oezbeeksk: Orol dengizi; Russysk: Аральское море, Aralskoje more) is de algemiene beneaming foar in oantal wetterbekkens, dy't earder ien mar foarmen yn Sintraal-Aazje, lizzend op de grins fan Kazachstan en it autonome gebiet Karakalpakië fan Oezbekistan. De Aralmar ûntstie ûngefear 10 oant 20 tûzen jier ferlyn, doe't de rivier Amu Darja fan rjochting feroare en yn stee fan nei de Kaspyske See begûn te streamen en de leechlannen fan Sarakamysj folrûnen mei wetter.

De mar hat in gemiddelde djipte fan 20 - 23 meter en in grutste diepte van 58 meter. It oerflak wie yn 2004 ± 17160 km². Dêrmei wie de Aralmar yn grutte de achtste mar fan de wrâld.

De Syr Darja en de Amu Darja binne de wichtichste rivieren dy't ôfwetterje op dizze mar dy't winterdeis foar in grut part tichtfriest.

Yn it begjin fan de tweintichste iuw rûn de Aralmar oer 450 kilometer fan súd-west nei noard-east en hie it in breedte fan 290 kilometer. De grutste djipte wie 69 meter.

Aralmeer út de romte wei, oktober 2008
It útdrûgjen fan de Aralmar

De Aralmar is sûnt de jierren sechtich frijwat lytser woarn. De útdrûging fan de mar wurdt beskôge as ien fan de grutste miljeurampen fan ús tiid. De swietwettermar, dat de Aralmar oan it begjin fan de 20e iuw noch wie, is wyls foar de helte feroare yn in sâltwetterwoastyn en foar de helte yn in sâltwettermar. Grutste oarsaak is de yrrigaasje foar de katoenbou, dy't in protte wetter oan de oanfierende rivier ûntlûkt. Yn 1987 feroare de krimpende mar yn twa dielen; de Noardlike Aralmar en de Súdlike Aralmar. Om de twa dielen wer mei elkoar te ferbinen waard in kanaal groeven.

Neffens de lêste mjittingen (troch in Russysk-Oezbeekske ekspedysje yn novimber 2002) is it absolute nivo fan de Aralmar tsjintwurdich 30 meter en 47 sintimeter. It oarspronklike nivo (om 1900) wie 53,5 meter. Sûnt de jierren sechtich it de wetterhichte dus sakke mei 23 meter, it oerflak is hast fiif kear lytser woarn en gemiddelde djipte is troch de helte gien. De Aralmar is no praktysk splitst yn trije dielen: de saneamde Lytse see yn it noarden, dy't troch in daam fan de rest skieden is en dêr't de wetterhichte relatyf konstant bliuwt, en de saneamde Grutte see. Dizze Grutte see op syn beurt is yn twaen spltst: in djip diel yn it westen en in ûndjip diel yn it easten. Se binne noch troch in soarte 'seestrjitte' ferbûn.

Neffens in kompjûtermodel sil it eastlike, ûndjippe siel (± 4-5 meter djip) binnen de kommende tsien jier útdrûge wêze. It djippe westlike diel sil noch ûngefear 70 jier bestean, en mooglik nea hielendal útdrûgje.

De gefolgen fan de útdrûging binne grut. De mar is hieltiten sâlter woarn. Yn de rin fan de tiid is lânboufergif út de katoenbou yn de mar komd. Troch de sterke ferdamping wurdt de mar hieltiten sâlter en smoarger. Troch opdrûgjen bliuwe sâltkoarsten efter dêr't lânboufergif yn sit, dat troch de wyn oer de omlizzende gebieten ferspraat wurdt en in gefaar foarmet foar it miljeu en de folkssûnens. Dêrneist is der folle minder delslach fallen yn de omjouwing fan de mar.

De fiskerij is weifallen as boarne fan wurkgelegenheid omdat de mar him weromlutsen hat en hast gjin libben mear yn him hat; de pear dy't noch fiskje dogge dat allinnich foar it eigen libbensûnderhâld (situaasje 2004). De eardere fiskershavens Aralsk en Muynoq lizze troch de útdrûging net mear oan de mar en binne de boarne fan harren wurkgelegenheid kwytrekke. Beide stêden binne in soad ynwenners kwytrekke en fiskersskippen lizze yn de eardere haven op it drûge te rustkjen.

Om te besykjen it drûchfallen fan de mar te kearen, is troch de Wrâldbank $84 miljoen útlutsen foar in projekt om de trochstreaming fan de rivieren dy't yn de mar útrinne te ferbetterjen. It projekt liket súkses te hawwen: Yn 2006 hie de Lytse See (dy't sûnt de splitsing fan de beide dielen yn 1990 de helte fan syn oerflak en trijekwart fan syn folume ferlern hie) 1/3 mear oerflak as yn 2005, doe't de Kok-Aral-daam, dy't Lytse See en Grutte See skiedet, oplutsen waard. Boppedat is it sâltgehalte fan de Lytse See sakke, en is der in soad fisk weromkomd. Der wurdt sels wer fiske, en de hoop bestiet dat Aralsk binnen inkele jierren wer oan de mar lizze sil. De foarútsichten foar de Grutte See, en dan benammen foar it eastlike part, binne lykwols min.

Midden yn de eardere Aralmar lei it eilân Vozrozhdeniye. (Vozrozhdeniye betsjut "werberte" yn it Russysk ). Trich syn isolearre lizzing waard it sûnt 1948 troch de Sovjet-Uny brûkt om dêr biologyske wapens te ûntwikkeljen en û.o. yn de iepen loft te testen. Ien fan de brûkte bio-wapens is de libbensgefaarlike myltfjoerbaktearje (=antraks). Yn 1991 ferlieten de laboratoariummeiwurkers it eilân. Se lieten it measte brûkte materiaal en ôffal efter yn gebouwen en yn konteners. Yn de rin fan 2001 groeide it eilân troch útdrûgjen fan de Aralmar fêst oan it fêstelân. Dêrmei ferlear it syn isolearre lizzing en wienen de gefaarlike stoffen en baktearjen ienfâldich tagonklik woarn. In jier letter hat it oprêdekspedysje fan 113 persoanen ûnder lieding fan Amerikaanske legerdeskundigen yn trije moannen safolle mooglik ôffal oprêden. Tsien ûndergrûnske myltfjoer-opslachplakken waarden folslein skjinmakke en mear as 100-200 ton myltfjoer-baktearjeôffal is weihelle. It is net dúdlik hoefolle ôffal noch op it eilân lizzen bleaun is. Ek is it ûndúdlik hoefier de grûn noch fersmoarge is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: