Springe nei ynhâld

Andesibis

Ut Wikipedy
Andesibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai Súdamerikaanske ibissen (Theristicus)
soarte
Theristicus branickii
Berlepsch & Stolzmann, 1894
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

De Andesibis (Theristicus branickii) is in fûgelsoarte út it skaai Súdamerikaanske ibissen (Theristicus) fan 'e famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1894 troch Berlepsch en Stolzmann publisearre. De fûgel is in ôfsplitste soarte fan 'e swartmaskeribis.

De fûgel tekene troch:
John Gerrard Keulemans.

De fûgels is likernôch 75 sm lang. De kop, hals en it ûnderboarst binne bleekgiel, de krún is nei de nekke ta kanielkleurich. De boppedielen binne brúngriis en oer it boarst rint in bân dy't lykwols net folslein is. By de poaten binne de fearren swart. De tommefearren, primêre dekfearren en de haad- en sekundêre slachpinnen fan 'e wjukken binne swart, wylst de dekfearren griis binne. De snaffel en de bleate hûd om 'e eagen binne swarteftich en de poaten binne read.

Yn ferlikening mei de swartmaskeribis is de Andesibis lytser, de snaffel is koarter en de dekfearren fan 'e wjukken binne grizer. Ek is it ûnderboarst bleker en is de kanielkleur fan 'e krún helderder en mear oer de kop ferspraat.

De soarte komt yn 'e heechlannen fan 'e Andes fan Ekwador, Perû en Bolivia op in hichte fan 3.000 oant 5.000 m foar. De soarte is net algemien en kaam eartiids ek yn it Nasjonaal Park Lauca, fier yn it noarden fan Sily, foar.

Oannommen wurdt dat jachtdruk, degradaasje en eroazje fan it leefgebiet troch fee en fersmoaring troch mynbou in bedriging foar de fûgels foarmje. It tal fûgels nimt ôf en de soarte stiet as gefoelich op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Andean ibis (ferzje 12 juny 2024)