Springe nei ynhâld

Alley Baggett

Ut Wikipedy
Alley Baggett
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Alma Baggett
echte namme Alley Baggett
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 july 1973
berteplak Houston (Teksas)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, glamourmodel
jierren aktyf 19912005
offisjele webside
www.alleybagget.net

Alley Baggett (Houston, 14 july 1973) is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, glamourmodel, presintatrise en aktrise, dy't yn 1995 bekendheid krige as Playboy-model. Hja hat ek wol wurke ûnder de namme Alma Baggett. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 34DD, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baggett waard yn 1973 berne yn Houston, yn 'e steat Teksas as de âldste fan trije bern yn it gesin fan har âlden (hja hat twa jongere bruorren). Op 'e middelskoalle siet se op dûnsjen, en op 'e middelbere skoalle wie se lid fan it cheerleaderstiim en it basketbaltiim, en die se ek oan hurddraven. Har ambysje wie om fotomodel en mannekên te wurden, mar dêrfoar waard se ôfwiisd om't se sa koart is (1.57 m). Yn 1991, doe't se achttjin jier wie, sette Baggett sadwaande útein mei in karriêre as glamour- en neakenmodel.

Nei't se har boarsten fergrutsje litten hie, briek se yn maaie 1995 troch, doe't se op 'e omslach fan it Playboy's Book of Lingerie stie. Neitiid soe se noch op 'e omslach tepronk stean fan mear as tolve oare Playboy-specials. Ek posearre se foar guon Britske neakenblêden, lykas FHM en Loaded, en wie se te sjen yn 'e Playboy-fideo Playboy's Girls of Hooters (1994). Yn 2005 hold Baggett op mei har modellewurk, wêrnei't hja har konsintrearre op it behear fan har webside.

Njonken har karriêre as neakenmodel wurke Baggett ek as presintatrise op 'e Amerikaanske tillefyzje, te witten foar it wrakselprogramma WWF Sunday Night Heat, en fan 1996 oant 1998 foar de programma Entertainment Tonight. Fierders wurke hja mei oan 'e show Sin City Spectacular (1999), fan it gûcheldersduo Penn en Teller, en hie se in gastrol yn 'e komeedzjesearje Unhappily Ever After, en in kameoroltsje yn 'e film Private Parts (1997), fan Howard Sterns. Teffens trede se op yn fideoklips fan it nûmer Shake Your Bon-Bon, fan Ricky Martin, en Never Let You Go, fan Third Eye Blind. Baggett wie fierders te gast yn ferskate praatprogramma's.

In misdiebestridende stripferzje fan Baggett mei de namme Alley Cat spile de haadrol yn in rige stripboeken dy't mei har goedkarring makke waarden. De strips wiene sa populêr dat der ek popkes fan Alley Cat makke waarden, dy't no as collectors items beskôge wurde. Neffens de ynformaasje op har eigen webside hâldt Baggett fan wandklimmen, snowboarden, trenen mei gewichten, mountainbiken en muzyk. Hja is lid fan 'e Surfrider Foundation, in non-profitorganisaasje fan modellen dy't seeën en strannen beskermje wolle. Ek is Baggett belutsen by de Orangutan Foundation International (ta beskerming fan 'e oarang ûtan) en de Children of the Night Foundation (dy't berneprostitúsje bestride wol).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.