Aldtsjerk
Aldtsjerk | ||
De Klinze | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 665 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,08 km², wêrfan: lân: 6,90 km² wetter: 0,18 km² | |
Befolkingsticht. | 92 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 15' N 5° 53' E | |
Doarpsgebiet fan Aldtsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel | ||
Offisjele webside | ||
Aldtsjerk op de side 'Trynwâlden' | ||
Kaart | ||
Aldtsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It doarp hat likernôch 635 ynwenners (2022) en is it noardlikste en âldste doarp fan de Trynwâlden. Aldtsjerk grinzget oan de noardkant fan Oentsjerk.
It doarp leit oan de grutte dyk fan Ljouwert nei Dokkum. Der binne gjin winkels. Súdwest fan it doarp leit de Aldtsjerkster Mar. Yn Aldstjerk stiet ek de Klinze, in âlde state dêr't de famylje Fan Sminia wenne hat.
Eastlik fan de kearn leit rjochting Readtsjerk de buorskip Sânhuzen.
Aldtsjerk hat 665 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp waard yn 1421 'Aldakerka' neamd, yn 1486-1487 as 'auldatzercka' en yn 1579 as 'Altzierck'. De namme ferwiist nei in âlde tsjerke dy't der stie, Alda is Aldfrysk foar âlde.
De Paulustsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Paulustsjerke (Aldtsjerk).
De Paulustsjerke is út de 12e iuw en foar in diel fan dowestien boud. Der is troch de jierren in hiel soad oan ferboud. Yn 1750 waard de tsjerke fergrutte, en de yngong gie fan de súdkant nei de noardkant. By de tsjerke is in grêfhichte, dêr't jonkhear Arend Johannes Van Sminia (1806-1857) en syn frou Clara Coehoorn fan Scheltinga (1806-1875) lizze.
De Klinze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side De Klinze.
Om 1680 hinne liet Hessel fan Aysma dizze Aysmastate sette. Der wiene yn dy tiid in soad aadlike lju dy't bûtenút wenje woenen. Yn 1722 waard der in oprydleane by makke. Tusken 1990 en 1995 is de state hielendal opknapt. Der leit in park omhinne mei bochtige paadsjes en brechjes (Ingelske lânskipsstyl). It is ûntwurpen troch arsjitekt Roodbaard yn 1834. De Klinze is no in hotel en konferinsjesintrum.
Iisherberch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpskafee 'De Moarkswâl' wie in ferneamde iisherberch by de klapbrêge. De nammen fan de earste reedriders dy't út Ljouwert wei, oer De Moark en de Bonke, by it kafee oankamen waarden op de balken skreaun. Yn 1982 is it kafee lykwols ôfbrând. Yn it nije kafee is ek in nije balke oanbrocht.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al jierren organisearret de doarpsferiening mei it Feintebûn de doarpsfeesten. Fan it Feintebûn kinne allinnich frijfeinten oant 30-jier lid wêze. De jierlikse optocht rydt op it doarpsfeest troch hiel Trynwâlden. De Stifting Alde Kultuer Aldtsjerk wol de skiednis libben hâlde troch lêzingen, eksposysjes en klank- en diabylden. Foar sport is Aldtsjerk op Oentsjerk oanwiisd. Winkels hat it doarp net mear en de boadskippen kinne út Oentsjerk of Gytsjerk helle wurde.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Iepenbiere basisskoalle Sinnehonk
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aldtsjerk Foarút
- Iisklub. De iisclub bestiet al sûnt 1865, der wurde hurdriderijen hâlden op de Aldtsjerker Mar, súdwestlik fan it doarp. Der is in strantsje by de mar oanlein.
- Mingd Koar Aldtsjerk
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jurgen Uitterdijk (1781-1845),wiskundige
- Sijo Kornelis Thoden fan Velzen (1809-1900), teolooch.
- Johan Bothenius Lohman (1887–1977), boargemaster
- Johannes Doedes de Jong (1912-1996), fotograaf en dichter
- Ernst Langhout (1956), folksmuzikant
- Erik Sinnema, betinker fan in iisflier fan keunstof
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 635 | 606 | 602 | 564 | 595 | 610 | 630 |
Aldtsjerkermûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Aldtsjerkermûne.
De Aldtsjerkermûne is in poldermole tichtby it doarp Aldtsjerk.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aldemiedwei, Boerfinne, Eysingapaad, Freuleleane, Jonkerspaad, Klaas Douweswei, Marwei, Miedemawei, Rhaladyk, Sânhuzen, Van Sminiawei, Wierewei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Tytsjerksteradiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | ||
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein | ||
· · |