Springe nei ynhâld

Moddergat

Ut Wikipedy
Moddergat
Reddingsboatreed
Reddingsboatreed
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 230 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 1,91 km², wêrfan:
- lân: 1,91 km²
- wetter: 0,01 km²
Befolkingsticht. 118 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 24' N 6° 4' E[1]
Offisjele webside
paesens-moddergat.nl
Kaart
Moddergat (Fryslân)
Moddergat

Moddergat is in doarp dat yn gemeente Noardeast-Fryslân leit. Moddergat leit noardlik fan Easternijtsjerk, eastlik fan Nes, westlik fan Peazens en besuden de Waadsee. Moddergat hat 230 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan Moddergat leit benammen oan de Seewei.

It buorskip De Oere heart ek by Moddergat. Earder wie De Kamp ek in buorskip, mar De Kamp is no part fan it doarp sels.

Mei Peazens foarmet Moddergat it twillingdoarp Peazens-Moddergat.

Moddergat is ûntstien út it fiskersdoarp Peazens wei, dat oan de Peazens lei en de slinke dêrfan brûkte foar de fiskersboaten. Om't dy slinke yn de 17e iuw mei troch de oanlis fan de Eanjumer - en Ljussenserpolder yn 1592 fersâne, moasten de fiskers út it doarp opskowe nei in oar, wat westliker plak om de fisk oan wal te krijen. Dat lei oer de grins yn West-Dongeradiel, wylst Peazens yn East-Dongeradiel lei. Bestjoerlik foel Moddergat doe ûnder Nes[3], mar letter waard Moddergat in selsstannich doarp. De namme kin sompich lân betsjutte. It doarp bestiet út twa parten: De Kamp leit tsjin Peazens oan en foarmet dêrmei ien gehiel. Westliker leit De Oere, dat igge betsjut.

Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2019 hearde it ta Dongeradiel en foar de weryndieling fan 1984 lei it doarp yn West-Dongeradiel.

Fiskersmonumint

Yn 'e nacht fan 5 op 6 maart 1883 trof Moddergat in ramp, dêr't it doarp nea wer oer hinne kommen is. Yn dy nacht wie de float op see wylst der in swiere stoarm opstiek. Hast de hiele float is doe fergien. Der kamen 83 fiskers om. It Fiskersmonumint Moddergat op de seedyk betinkt dy ramp mei de nammen fan de slachtoffers.

De Moddergatsters wienen fiskers en besochten dat ek te bliuwen. In protte fan har gienen yn tsjinst by reders. Guon fûnen wurk oant yn Flaardingen en Emden ta. Oaren besochten as grenatefisker wer in bestean op te bouwen.

Grifformearde tsjerke fan Moddergat

Mei't Moddergat yn de gemeente West-Dongeradiel ûnstie, foel Moddergat tsjerklik eartiids ûnder de herfoarme gemeente Nes-Wierum, dêr't de liberaal Albertus Minderts Bokma de Boer, de heit fan Nynke fan Hichtum, dûmny wie. It wie sadwaande ek logysk dat Moddergat him by de stifting fan de Dolearjende Tsjerke fan Nes-Wierum oanslette. Sawol Peazens as Moddergat hiene in eigen lokaal resp. boereskuorre, dêr't de dolearjenden harren tsjinsten hiene, mar Peazens en Moddergat woene graach as ien grifformearde tsjerke fierder en yn 8 maart 1889 waard tastimming jûn om de Nederduitsche Gereformeerde Kerk te Paesens-Moddergat te ynstituearjen. De fiskers hiene in soad foar de saak oer want fan de achttjin linen op elts skip waard de opbringst fan seis linen foar de bou fan de tsjerke ornearre, sels al sieten der oan de oare 12 linen hast gjin fangst. De plannen foar de bou fan in eigen tsjerke einen tige hurd, want al tsjin it ein fan 1889 waard der in mânske grifformearde tsjerke oan de Seewei iepene. Yn 1909 folge de bou fan in oargel.[4]

Grenatefiskerij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grenatefangst komt oan (± 1937)
De Wikipedy hat ek in side Garnalefabryk (Moddergat).

De tiid tusken de beide Wrâldoarloggen gyng it mei de grenatefiskerij foar de wyn en de fangst op It Waad en de Lauwerssee wie poerbêst. Yn 1924 kaam der dan ek in koöperative grenatefabryk. Dêr waarden de fongen grenaten drûge en ferkocht as feefoer. Puf, sa as men it neamde, waard brûkt om oan feefoer mear aaiwyt ta te foegjen. Puf wie eins de namme foar ûndermjitske fisk.

Fiskerspaad 6 en 8

It gie sa goed mei it fabryk, dat der yn 1930 noch útwreide waard. Yn de Twadde Wrâldoarloch mocht der net mear fiske wurde en boppedat waard it mei de fangsten minder. Yn 1943 foel it beslút om it fabryk te sluten, mar it gebou stiet der noch altyd. It waard yn 2003 oankocht troch Museum 't Fiskershûske en yn 2004 restaurearre. It tsjinnet no as besikerssintrum en der kin fergadere wurde. As wurkgegelegenheidsobjekt waard besletten om dêr in nije (Wierumer) aak te bouwen. It skip is 8 maart 2008 te wetter litten.

Moddergat efter de seedyk

Sûnt 2017 wurdt yn Moddergat en it oanbuorjende Peazens alle jierren yn ein juny of begjin july de Dei fan de Fiskerij holden.

Moddergat hat mienskiplik mei Peazens in feriening foar doarpsbelang. De doarpskrante ferskynt fjouweris yn 't jier.[5] Yn 2015 waard it doarpshûs 'De Dûbelslach' iepene, in multyfunksjonele akkomodaasje, dêr't ek de keatsklub in plak krige.[6]

It grenaatfabryk mei de werf dêr't de aak boud is
De Wikipedy hat ek in side It Anker (Moddergat).
De Wikipedy hat ek in side Sint-Antoniustsjerke (Peazens).

De PKN-gemeente Peazens-Moddergat hat twa tsjerken: yn Peazens de Antoniustsjerke en yn Moddergat It Anker.

Yn 1895 krige Moddergat in kristlike basisskoalle. Foar dy tiid gyngen in soad bern út Peazens en Moddergat al nei de kristlike basisskoalle fan Easternijtsjerk, dêr't ien fan de âldste kristlike basisskoallen yn Fryslân stie. De iepenbiere basisskoalle fan Moddergat moast fanwegen brek oan learlingen yn 1909 sletten wurde, de iepenbiere skoalle fan Peazens folge yn 1918.[7] De beide doarpen hawwe tsjintwurdich ien kristlike basisskoalle: 't Kompas (webstee).

Dûanehûs De Oere 10 en 12
  • Keatsferiening Thomas Prins
  • Brommerklub “It âlde barrel”
  • Reddingboat L.A. Buma Moddergat
  • Kristlike frouljusgroep

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1969 1974 2004 2007 2013 2014 2015 2016
Ynwenners 429 396 308 ±230 ±230 238 237 220 230
Jier 2017 2018 2019 2020 2021 2022
Ynwenners 220 220 225 225 225 225

It Fiskershúske

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Oere 2

Yn it ramt om âlde doarpsgesichten yn stân te hâlden en doarpen wer bewenber te meitsjen hawwe de Dongeradielen de fertutearze fiskerswenten oan De Oere út de twadde helte fan de 18ste iuw restaurearre. Ien dêrfan, Fiskerspaad 4, is hielendal wer yn âlde styl werombrocht. Dat is it museum It Fiskershúske wurden.

Westlik fan it doarp oan de Mokselbankwei leit de Fûgelpits, in opfangsintrum foar fûgels en wylde bisten. It asyl waard oarspronklik mei de snierike winter fan 1978 yn Iezumasyl troch Sikke en Fetsje Visser oprjochte en ferhûze yn 1989 nei in grutter ferbliuw yn Eanjum, dêr't de dochters Gaatske en Akke mei harren manlju it asyl behearden. Yn 2003 ferhûze de Fûgelpits nei Moddergat, dêr't in bargehâlderij oernommen wurde koe en de bisten gruttere ûnderkommens bean wurde koene. Under normale omstannichheden is it mooglik om in besite te bringen oan de Fûgelpits. Fanwegen de fûgelgryp is de Fûgelpits lykwols al in skoft sletten foar publyk (sitewaasje fan febrewaris 2023).[8]

KNZHRM-gebou oan 'e ein fan de Reddingsboatreed
  • 't Reedtsje
  • De Kamp - buorskip De Kamp
  • De Oere - buorskip De Oere
  • De Wiel
  • Fiskerspaad
  • It Grenaatfabryk - It Grenaatfabryk
  • Meinsmawei
  • Mokselbankwei
  • Seewei
  • Skoallereed

Op 27 novimber 2004, einige Moddergat op it twadde plak yn de finale-útstjoering fan it NCRV-telefyzjeprogramma De mooiste plek van Nederland. Nasjonaal Park De Weerribben waard winner, it Lauwersmar waard tredde.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo. Dongeradelen. Paesens s. 445. Steatsútjouwerij, De Haach 1983
  4. gereformeerdekerken.info, oproppen 23 febrewaris 2023
  5. paesens-moddergat.nl
  6. RTV NOF, 07 juny 2015
  7. gereformeerdekerken.info
  8. Side Fûgelpits

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje