Kanadeeske goes
Kanadeeske goes | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Branta canadensis | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De Kanadeeske goes (Branta canadensis) is in fûgel fan it skaai seeguozzen (Branta) út de famylje einfûgels (Anatidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte hat in swarte kop en hals en in wite bân fan 'e kiel oant efter de eagen. De swarte hals giet oer yn in griiseftich boarst. De iris is donkerbrún en de poaten en snaffel binne ek swart. It fearrekleed is by mantsjes en wyfkes allyk. De fûgel is 90 oant 100 sm lang en hat in spanwiidte fan 160 oant 175 sm. Mantsjes en wyfkes ha itselde fearrekleed.
Der binne grutte ferskillen wat gewicht oanbelanget, dat fariëarret tusken de 3 en 6,5 kg. By guon ûndersoarten binne de guozzen folle grutter en ha de mantsjes in langere nekke as de wyfkes. De kleuren fan 'e boppekant fan 'e bealch ferskilt neffens ûndersoarte tusken griis en readbrún. By de yn Europa foarkommende fûgels binne de boppeste sturtdekfearren, de búk en it boarst griis oant hast wyt en is de boppebealch griisbrún. By in pear Noardamerikaanske ûndersoarten is ek de ûnderkant fan 'e bealch brúneftich en sa donker as de flanken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet op elts iepen en sompeftich biotoop oant yn parken en op greiden. It briedgebiet omfiemet Kanada, Alaska en West-Europa.
Yn Nederlân ûntstie in populaasje fan loslitten of út finzenskip ûntsnapte fûgels. Healwei de jierren 1970 besochten de fûgels yn Nederlân te brieden. Nei in dreech begjin troch it delsjitten en fersteuren fan 'e earste briedgefallen, kolonisearre de Kanadeeske goes yn heech tempo it lân fanút Noard- en Súd-Hollân en West-Brabân, dêr't noch jimmeroan in grut part fan 'e Nederlânske populaasje libbet. Sovon rûst it oantal briedgefallen yn Nederlân op 12.000-16.000 (2018-2020) en it oantal oerwinterjende fûgels op 51.100-70.800 (2016-2021). Ek yn Fryslân wurdt de Kanadeeske goes as briedfûgel en as oerwinterjende fûgel jimmeroan talriker.[1]
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kanadeeske goes wurdt yn sân ûndersoarten ûnderskieden:
- B. c. canadensis: Eastlik Kanada.
- B. c. occidentalis: Súdwest-Alaska.
- B. c. fulva: Súd-Alaska en West-Britsk-Kolumbia.
- B. c. maxima: it súdlike diel fan Sintraal-Kanada.
- B. c. parvipes fan Sintraal-Alaska oant Sintraal-Kanada.
- B. c. moffitti: Súdwest-Kanada en it noardwesten fan 'e Feriene Steaten.
- B. c. interior: it súdlike diel fan Sintraal-Kanada.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje fan Grienlân bestiet út trekfûgels en oerwinteret yn it suden fan 'e Feriene Steaten en de kusten fan Noard-Amearika. Yn Europa is de fûgel yn guon gebieten in trekfûgel en yn guon gebieten in stanfûgel.

De fûgels bouwe in ûndjip nêst fan planten, dat mei dûns en fearren ôfset wurdt. De soarte is oer it algemien monogaam en begjint healwei maart mei it lizzen fan aaien. It wyfke leit fjouwer oant acht wite aaien dy't yn 30 dagen útbret wurde.
Se ite benammen gers, stâltsjes, sied en nôt. Se wurde faak op lânbougebiet en by wetter sjoen. De fûgels libje faak yn groepen of famyljegroepen en wurde faak mei oare soarten sjoen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in rûzing fan Wetlands International fan 2015 waard de wrâldpopulaasje op likernôch 5.000.000 oant 6.200.000 fûgels rûsd. De populaasje nimt ta en de IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige (2025).
Yn Nederlân is de Kanadeeske goes in beskerme fûgelsoarte.[2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Goes (fûgel)
- Seegoes
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Eksoat yn Noarwegen
- Eksoat yn Sweden
- Eksoat yn Finlân
- Eksoat yn Denemark
- Eksoat yn Dútslân
- Eksoat yn Nederlân
- Eksoat yn Fryslân
- Eksoat yn Belgje
- Eksoat yn Frankryk
- Eksoat yn Ingelân
- Eksoat yn Skotlân
- Eksoat yn Wales
- Eksoat yn Noard-Ierlân
- Eksoat yn Ierlân
- Eksoat yn Man
- Eksoat yn Nij-Seelân