Springe nei ynhâld

Geart van der Zwaag (sosjalist)

Ut Wikipedy
Geert Lourens van der Zwaag

Geart Lourens van der Zwaag (Wolvegea, 4 maaie 1858 - De Gordyk, 28 april 1923) wie in keapman en sosjalist.

As bargekeapman en slachter op De Gordyk learde hy de súdeasthoeke kennen en waard in oanhinger fan Domela Nieuwenhuis. Hy waard aktyf yn it Bûn foar Algemien Kies- en Stimrjocht (1882) en yn it Fryske Komitee fan de Folkspartij (1890). Hy wie in goed sprekker en kenner fan it Fryske toaniel en warber foar in frij sosjalisme. Yn 1888 steunde hy Domela yn Skoatterlân. Hy rjochtte dêrby De Klok op (1888-1913). Fan 1897-1909 wie hy lid fan de Twadde Keamer foar Skoatterlân. Tusken 1907-1919 wie Van der Zwaag lid fan Deputearre Steaten. Hy stie yn tusken de 'revolúsjonêren' en de 'parlemintêren'. Hearde ta de antimilitêristen, drankbestriders en antitsjerkliken. Syn ynfloed hat yn de Súdeasthoeke noch lang merkber west.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Zwaag, Laurens van der .
  • Nieuwsblad van het Noorden (17 desimber 1937 - 4 febrewaris 1938
  • Sjoerd van der Schaaf - Geert van der Zwaag (1958)