York (Ingelân)
York | ||
Lizzing fan York yn Ingelân | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 209.893 (rûsd 2018) | |
Oerflak | 272,0 | |
Befolkingsticht. | 687/km² | |
Oar | ||
Stifting | 71 | |
Tiidsône | Greenwich Mean Time | |
Simmertiid | British Summer Time | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
City of York Council |
York is in stêd (city) en unitary authority yn it noarden fan Ingelân en sûnt 1996 ek in Unitary Authority mei Noard Yorkshire as seremonieel greefskip.
De stêd leit op it plak dêr't de rivier de Ouse en de Foss yn inoar oergean. York leit sa'n 40 km noardeastilk fan Leeds, 55 km benoarden Doncaster, 60 km noardwest fan Hull, 65 km bewesten de Noardseekust en 75 km besuden Middlesbrough.
Yn 2001 telde de stêd York 137.505 ynwenners. De Unitary authority dy't sûnt 1996 'City of York' hjit, en dêr't ek de omkriten ta hearre, hie yn 2007 193.300 ynwenners.
Skiednis yn it koart
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd waard stifte troch de Romeinen yn 71 nei Kr. Sy neamden it Eboracum, faaks ôflaat fan in namme dy't brûkt waard troch de Britske stammen út dy kriten. De Romeinen makken York ta de haadstêd fan de provinsje Britannia Inferior. Keizer Septimius Severus is dêr stoarn yn 211; 95 jier letter stoar keizer Konstantius Klorus yn Eburacum, de heit fan Konstantyn de Grutte.
De Romeinske colonia en it fort leinen heech, mar yn 400 rekke de leger lizzende stêd sels ûnderstrûpt troch de rivieren Ouse en Foss en waard doe ferlitten. Yn de iere 5e iuw setten de Angelen har dêr nei wenjen. Begraafplakken út dy tiid tsjûgje dêrfan. Sy neamden de stêd Eoforwic. Yn de 7e iuw, ûnder Kening Edwin, waarden de eardere oerstreamde dielen wer bewenne. De stêd waard de tsjerklike en letter it keninklike sintrum fan it Keninkryk Northumbria. De Wytsingen ferôveren de stêd yn 866, foar de perioade tusken 866 en de ynlivingand fan Northumbria yn it Keninkryk Ingelân yn 954, wurdt York troch moderne gelearden wolris oantsjut mei syn Skandinaviske nammefoarm, Jórvík. De namme "York" waard earst yn de 13e iuw brûkt.
Yn de Midsiuwen waard York in wichtich sintrum fan de wolhannel en it tsjerklike haadplak fan noardlik Ingelân. De provinsje York is ien fan de twa tsjerklike provinsjes bleaun, mei dy fan Canterbury.
York's lizzing oan de rivier Ouse, sintraal yn de Vale of York en healweis de haadstêden Londen en Edinboarch betsjutte dat it plak lange tiid in wichtich nasjonaal ferkearsknooppunt wie. Yn de 19e iuw waard York, troch ynfloed fan George Hudson, in wichtich middelpunt yn it spoarnetwurk en in yndustrysintrum. De lêste tsientallen jierren wurdt de ekonomy fan York net mear oerhearske troch bakkerijen en spoarrelatearre yndustryen, mar leit de klam op tsjinstferliening. De University fan York en de sûnenstsjinstferliening binne wichtige wurkjouwers wurden. Toerisme is teffens in wichtige ynkommensboarne wurden meidat de stêd tal fan histoaryske attraksjes hat, dêr't de York Minster de foarneamste fan is, en in ferskaat oan kultuerele attraksjes bied.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]UK sensus 2001[1] | York | Yorkshire | Ingelân |
---|---|---|---|
Kristlik | 74,42% | 73,07% | 71,74% |
Gjin religy | 16,57% | 14,09% | 14,59% |
Moslim | 0,58% | 3,81% | 3,1% |
Boeddhist | 0,21% | 0,14% | 0,28% |
Hindû | 0,19% | 0,32% | 1,11% |
Joadsk | 0,11% | 0,23% | 0,52% |
Sikhs | 0,05% | 0,38% | 0,67% |
Oare religy | 0,30% | 0,19% | 0,29% |
Gjin opjefte | 7,57% | 7,77% | 7,69% |
Untjouwing ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]York | Yorkshire and the Humber |
Ingelân | |
---|---|---|---|
Meiinoar | 195.400 | 5.213.200 | 51.446.200 |
Blank | 94,6% | 90,6% | 88,2% |
Asiaten | 2,1% | 5,7% | 5,7% |
Swart | 0,7% | 1,3% | 2,8% |
Quelle: Office for National Statistics[2] |
Befolkingsgroei sûnt 1801:
Jier | 1801 | 1811 | 1821 | 1831 | 1841 | 1851 | 1861 | 1871 | 1881 | 1891 | 1901 | 1911 | 1921 | 1931 | 1941Berjocht:FN | 1951 | 1961 | 1971 | 1981 | 1991 | 2001 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal | 24.080 | 27.486 | 30.913 | 36.340 | 40.337 | 49.899 | 58.632 | 67.364 | 76.097 | 81.802 | 90.665 | 100.487 | 106.278 | 112.402 | 123.227 | 135.093 | 144.585 | 154.749 | 158.170 | 172.847 | 181.131 |
Boarne: Vision of Britain[3] |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- York Minster, grutte katedraal
- Treasurer's House
- Barley Hall
- Clifford's Tower
- National Centre for Early Music
- York City Art Gallery
Susterstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn York
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Judi Dench (9 desimber 1934), aktrise
- Steve McClaren (3 maaie 1961), fuotbalcoach
-
Clifford's Tower
-
Stedhûs York
-
Stedsmuorre fan York, foar it grutste part bewarre bleaun.
-
The Shambles, in strjitte yn York
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|