Springe nei ynhâld

Yndyske gielpuntsnaffelein

Ut Wikipedy
Yndyske gielpuntsnaffelein
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas poecilorhyncha
Forster, 1781
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
oranje: ferspriedingsgebiet Sineeske gielpuntsnaffelein.
grien: ferspriedingsgebiet Yndyske gielpuntsnaffelein.

The Yndyske gielpuntsnaffelein (Anas poecilorhyncha) is in grutte einesoarte fan it Yndyske subkontinint.

Jerk yn Yndia.

De krún fan 'e kop is donkerbrún. Fanút de krún rint oer de nekke oant it bealchje in smelle streek yn 'e selde kleur. Ek hat de ein in donkerbrune eachstreek. De rest fan 'e kop en de hals binne griiswyt. De fearren op 'e rêch en de skouderfearren binne donkerbrún mei in ljochte seame. De wjuk hat in griene spegel mei dêrboppe in wite flek. De snaffel is swart en hat in giele punt; wylst by de basis fan 'e snaffel boppe oan wjerskanten reade plakjes sitte. De poaten fan 'e ein binne helder oranje.

De ein is 45 oant 60 sm grut en dêrmei like grut as de wylde ein. Mantsjes en wyfkes binne hast allyk.

De Yndyske gielpuntsnaffelein is in stânfûgel en komt op it Yndyske subkontinint en oangrinzgjende lannen foar. De ein libbet yn ûndjippe marren, dobben en fivers mei in soad begroeiïng.

Yndyske gielpuntsnaffelein yn 'e flecht.

Eartiids bestie de soarte út trije soarten. Ien dêrfan, de Sineeske gielpuntsnaffelein, wurdt sûnt 2006 as in aparte soarte behannele. Dêrfandinne binne der no noch twa ûndersoarten:

De Yndyske gielpuntsnaffelein is ljochter en minder brún as de Sineeske gielpuntsnaffelein. Ek hat de Sineeske gielpuntsnaffelein gjin oranjereade plakken op 'e basis fan 'e snaffel. Dêrnjonken hat de Yndyske gielpuntsnaffelein in griene spegel op 'e wjuk, wylst dy fan 'e Sineeske gielpuntsnaffelein blau is.

Yndyske gielpuntsnaffeleinen briede tusken maaie en desimber en bouwe harren nêst fan planten oan 'e kant fan wetter. In nêst bestiet út 8 oant 14 brúneftige of bleekgriene aaien. Nei it lizzen fan 'e aaien duorret it 26 oant 28 dagen dat se útkomme. Oan 'e ein fan it earste jier binne de fûgels geslachtsryp.

De Yndyske gielpuntsnaffelein hat in grut ferspriedingsgebiet. De populaasje wurdt op 150.000 oant 1.100.000 rûsd. De oantallen fan 'e fûgel rinne lykwols tebek, mar net hurd genôch sadat de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige wurdt klassifisearre.

De fûgel is in populêre sierfûgel. De fûgel is winterhurd, mar krúst maklik mei wylde einen en moat dêrom apart holden wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: