Springe nei ynhâld

Wigbolt Ripperda

Ut Wikipedy
Wigbolt Ripperda
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Wigbolt Ripperda thoe Winsum
nasjonaliteit Steatsk
berne ±1535
berteplak Winsum (Grinslân)
stoarn 16 july 1573
stjerplak Haarlim (Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Frysk
wurkpaad
tsjinsttiid 15681573
yn tsjinst fan Uny fan Utert
befel garnizoen fan Haarlim
konflikt(en) Tachtichjierrige Oarloch
treffen(s) Belis fan Haarlim
De ûnhalzging fan Ripperda

Wigbolt Ripperda (soms ek Wijbout Ripperda neamd; folút: Wigbolt Ripperda thoe Winsum; Winsum (Grinslân), ±1535Haarlim, 16 july 1573) wie in Steatsk ealman en ofsier fan Grinslânsk komôf, dy't meidie oan 'e Opstân yn 'e Nederlannen. Under it Belis fan Haarlim troch de Spanjerts fierde hy it befel oer it Steatske garnizoen fan 'e stêd. Nei de oerjefte waard er troch de Spanjerts terjochtsteld.

It wapen fan it laach Ripperda.

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ripperda waard yn of omtrint 1535 berne yn it Grinslânske Winsum, as in telch út it âlde aadlike slachte Ripperda. Hy wie in soan fan Fokko Ripperda, de hear fan Winsum, en Anna fan Ewsum. Doe't yn 1568 ûnder lieding fan Willem fan Oranje de Opstân yn 'e Nederlannen útbriek (dy't letter bekend komme soe te stean as de Tachtichjierrige Oarloch), joech Ripperda him as kalvinist by de opstannelingen.

Belis fan Haarlim

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Belis fan Haarlim (1572-1573).

Fan july 1572 ôf fierde Ripperda it befel oer it garnizoen fan geuzen en útlânske hierlingen dat legere wie yn 'e Hollânske stêd Haarlim. Op 11 desimber sloech in Spaansk leger belis foar de stêd. De Spanjerts (dy't trouwens ek in hiel soad Dútsers en Italjanen yn 'e gelederen hiene) waarden oanfierd troch don Freark, de soan fan 'e hartoch fan Alva, dy't doedestiden de Spaanske lânfâd yn 'e Nederlannen wie. Hoewol't Haarlim in swakke stêd wie, besleat it stedsbestjoer om ferset te bieden oan 'e Spaanske troepen, om't by it foarôfgeande Bloedbad fan Naarden bleken wie wêr't dy ta yn steat wiene. Ripperda hie sterk de hân yn dy beslissing; it oarspronklike stedsbestjoer woe mei don Freark ûnderhannelje, mar Ripperda wist de stedswacht oer te heljen om trou oan de prins te bliuwen, wêrnei't de 'wifkjende' leden fan it stedsbestjoer ôfset waarden om ferfongen te wurden troch oranjesinnigen.

De búste fan Wigbolt Ripperda yn it Ripperdapark yn Haarlim.

It Belis fan Haarlim ûntjoech him ta in moannenlange útputtingsslach. Ripperda gie de skiednis as dejinge dy't lieding joech oan it ferset fan 'e stedsjers, neffens de leginde tegearre mei de widdo Kenau Simonsdochter Hasselaer (hoewol't histoarisy it tige diskutabel fine oft dy lêste wol sa'n wichtige rol spile as it ferhaal hawwe wol). Tûzenen lieten by de belegering it libben. Earst wiene dat fral Spaanske soldaten, dy't omkamen troch de winterkjeld en by in bestoarming dy't troch de troepen fan Ripperda en de Haarlimmer stedsjers mei swiere ferliezen foar de oanfallers ôfslein waard. Mar dêrnei naam don Freark in nije strategy oan, troch de stêd út te hongerjen. Dêrtroch begûnen nei ferrin fan tiid de ynwenners fan 'e stêd sels stadichoan te ferkommen.

Nei sân moannen joech de folslein útputte stêd him op 13 july 1573 oer. Neitiid waarden hast it hiele garnizoen en hûnderten foaroansteande boargers fan 'e stêd troch de Spanjerts fermoarde. Ripperda sels ûntkaam ek net oan dat lot. Op 16 july, fjouwer dagen nei de oerjefte, waard er ûnthalze op 't Sant, in plein yn it sintrum fan 'e stêd dat letter omneamd wurde soe ta de Grutte Merk. Ta syn neitins waarden yn Haarlim, mar ek yn Amsterdam en syn berteplak Winsum (Grinslân) ferskate strjitten en gebouwen nei him neamd, wêrûnder de eardere Ripperdakazerne oan 'e Kleverlaan yn Haarlim-Noard. Ek it Ripperdapark yn Haarlim is nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.