Springe nei ynhâld

WYSIWYG

Ut Wikipedy
Lofts in wysiwyg editor, rjochts in programma mei LaTeX-koade dat itselde resultaat opsmyt.

WYSIWYG is in akronym foar What you see is what you get of yn it Frysk: Wat jo sjogge is wat jo krije. De term wurdt brûkt foar kompjûterprogramma's en betsjut dat jo daliks op it byldskerm sjogge hoe't it resultaat op papier wêze sil, ynklusyf alle opmaak: lettertype, lettergrutte, kursyf, fet, ensfh.

Yn de begjintiid fan de persoanlike kompjûter (yn de tachtiger jierren) yn it DOS-tiidrek hie noch gjin inkeld programma wysiwyg, om't de grafyske mooglikheden op it skerm tige beheind wiene. Dêrtroch koe de opmaak fan dokuminten net sekuer werjûn wurde op it skerm. WordPerfect 5.1. wie bygelyks in net-wysiwyg tekstferwurker. Dy situaasje feroare mei de ynfiering fan de VGA-standert yn it Windows 3.0-bestjoeringssysteem, dat de troch VGA beane mooglikheden brûkte.

Om 1990 hinne ferskynden de earste programma's mei wysiwyg foar de persoanlike kompjûter en dêrtroch waarden de kompjûterprogramma's tagonkliker foar de gewoane man.

Yn de Unix-wrâld en yn de natuer-wittenskiplike, akademyske wrâld binne tsjinstanners fan de wysiwyg-gedachte te finen.[1][2][3]

Se stelle har op it stânpunt dat de (sichtbere) opmaak ôflaat fan it skriuwen fan de ynhâld. Hjir wurdt earder gebrûk makke fan systemen op basis fan TeX. Om har ôf te setten tsjin de hype dy't om wysiwyg hinne ûntstie, waard it akronym WYSIWYM brûkt: What You See Is What You Mean. Ut de troch de brûker konstruearre ynfier wurdt dêrby troch de kompjûter in útfier generearre neffens de regels fan it âlde set-hânwurk.

Inkelde foarbylden fan wysiwyg programma's:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. What you see is Wiki - Questioning WYSIWYG in the Internet Age (PDF), datum: 5 augustus 2006.
  2. (in) LWN.net - A look at LyX 2.0
  3. ScienceBlogs.com - The next document I put together will be done with LyX, datum: 7 novimber 2009.