Springe nei ynhâld

Typmasinemuseum

Ut Wikipedy
Typmasinemuseum Sjoch

It typmasinemuseum "Sjoch" sit oan de Nije Strjitwei 73 yn Gytsjerk en bestiet út sa'n 300 typmasines, dêrfan binne 200 tentoansteld.

De kolleksje is sûnt 1963 opsetten troch Ryk van Dijk. Eartiids wie Van Dijk monteur, guon fan de lettere eksimplaren hat er as monteur noch neisjoen en waarden letter troch de eigeners skonken. Van Dijk hat mar ien masine sels kocht, de oaren hat er krigen. De âldste masine is fan 1880. Spesjale typmasines binne dy mei twa rigen toetsen. Ek binne der spesjale brailletypmasines foar blinen. Se binne tentoansteld boppe syn garaazje. DE namme fan it museum is "Sjoch", dat ferwiist nei opmerkings fan besikers dy't bygelyks útrôpen: "Sjoch, sa'n ien hie ús pake ek". Utsein de woansdei is it museum te besichtigjen. Ofspraken kinne telefoanysk of fia e-mail makke wurde. In Fryske flagge jout oan oft it museum iepen is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: