Springe nei ynhâld

Tin (elemint)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tin (metaal))
Tin
Tin wurdt faak brûkt om sierfigueren fan te meitsjen

Tin is in skiekundich elemint mei symboal Sn en atoomnûmer 50. It is in sulvergriis haadgroepmetaal.

Tin, ien fan de ierst ûntdekte metalen, waard meast yn brûns brûkt. Yn 3500 f.Kr. wie al bekend dat tin (krektas arseen en nikkel) in ferhurdzjend effekt hie op koper. Dêrom waard it brûkt yn ark en wapens. Al foar de tiid fan de Romeinen ûntstie der een bloeiende handel tusken de tinminen yn Cornwall en it Middellânske Seegebiet. De Egyptyske farao Pepi hat om 2300 f.Kr. in stânbyld meitsje litten dêr't tin yn siet út de minen fan Cornwall.

Sûnt ûngefear it jier 600 waard tin ek yn suver foarm tapast.

It wurd tin komt fan it Germaans *tina- en stiet ablautend neist teen dat 'twiichg' en yn 't Dútsk (Zain) ek 'metalen stêf' betsjut. It symboal Sn komt fan it neolatyn stannum dat fan it postklassike Latyn stagnum 'legearing fan sulver en lead' komt.

Tin hechtet him maklik oan izer en wurdt dêrtroch faak brûkt as rustkearende coating (blik). Oare tapassings:

  • Legearing mei lead foar oargelpipen.
  • Yn brûnslegearings foar tsjerkeklokken.
  • As sêfte soldeertin foar de produksje fan elktroanyske skeakelingen en leadjitterswurk.
  • It sâlt tingloaride wurdt brûkt as bytmiddel.
  • Om glês in gled oerflak te jaan wurdt it faak yn floeibere foarm op tinnen platen jitten (it proses fan Pilkington).
  • Raand tin wurdt troch in tinjitter yn foarmen jitten foar it meitsjen fan gebrûksfoarwerpen (âld bestek) of sierfoarwerpen (tinnen soldaatsjes).
  • Yn earder iuwen waard tin faak brûkt om boarden, bekers, kannen en sa te meitsjen. (Sûnt de 18e iuw its it tinnen tafelark wat yn ûnbrûk reke en ferfongen troch porslein, diggelguod en glês).
  • Yn de legearing Woodsmetaal foar ferskate tapassings.

De namme tin wurdt yn it Ingelsk bytiden fout brûkt foar tinblêdige metalen. It tinnen blikje is dêr it bêste foarbyld fan omdat blikjes makke wurde fan aluminium of fan stiel dat mei in tin laachje tin tsjin rustfoarming beskerme wurdt.

Opmerklike eigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tin is in bûchsum, kneedber en tige kristallyn sulvereftich-wyt metaal dat by bûging in karakteristyk lûd jout dat feroarsake wurdt troch de brekkende kristallen. It metaal is bestand tsjin see- en kraanwetter, mar is oplosber yn de measte soeren.

By standertdruk komme der twa allotropen fan tin foar. By lege temperatuer komt it foar as griis - alfa - tin mei in kubyske kristalstruktuer fergelykber mei dy fan silisium en germanium. By temperatueren boppe de 13,2 °C feroaret it nei wyt - bêta - tin. Yn dizze foarm hat it in tetragonale struktuer. By ôfbkuolling giet it werom nei de kubyske foarm. Eartiids waard dit proses wol tinpest neamd; it kin foarkomme troch tafoeging fan antimoan of bismut.

Op hast alle kontininten op ierde komt tin foar. It erts wurdt by hege temperatuer yn ovens redusearre mei koalstof. It enige kommersjeel oantreklike tinbefetsjende mineraal is kassiteryt, dat benammen yn Súdeast-Aazje in soad fûn wurdt. Oare mineralen dy't yn lege konsintraasjes tin befetsje binne: stannyt, sylindryt, frankeyt, kanfieldyt en teallyt.

Meast stabile isotopen
Iso RO (%) Ferfaltiid FF FE (MeV) FP
112Sn 0,97 stabyl mei 62 neutroanen
114Sn 0,65 stabyl mei 64 neutroanen
115Sn 0,34 stabyl mei 65 neutroanen
116Sn 14,54 stabyl mei 66 neutroanen
117Sn 7,68 stabyl mei 67 neutroanen
118Sn 24,22 stabyl mei 68 neutroanen
119Sn 8,58 stabyl mei 69 neutroanen
120Sn 32,59 stabyl mei 70 neutroanen
121Sn syn 27,06 o β 3,674 121Sb
122Sn 4,63 stabyl mei 72 neutroanen
124Sn 5,79 stabyl mei 74 neutroanen
126Sn syn 1×105 j β 8312 126Sb

Fan alle eleminten komme der fan tin de measte stabile isotopen foar (10). Dêrneist binne der ûngefear 18 radioaktive isotopen bekend.

Tokiskology en feilichheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fia blikiten krije de minsken lege konsintraasjes tin binnen. Oant hjoeddeis binne dêrfan gjin skealike gefolgen bekend en dus kin steld wurde dat tin ûngefaarlik is. Om 1965 rûn de tinpriis eksplosyf (oant 45 euro de kilogram op, no: 5 euro de kilogram), wêrtroch't in soad tjnjitters om de kostpriis te drukken harren leagering mei lead oanlingen. As út sa'n tinnen beker dronken waard rûn men uteraard it risiko fan leadfergiftiging.