Springe nei ynhâld

The Eagle Has Landed (film)

Ut Wikipedy
The Eagle Has Landed
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John Sturges
produsint David Niven jr.
Jack Wiener
senario Tom Mankiewicz
basearre op de roman fan Jack Higgins
kamerarezjy Anthony B. Richmond
muzyk Lalo Schifrin
filmstudio ITC Entertainment
distribúsje CIC (Feriene Keninkryk)
Columbia Pictures (Noard-Am.)
spilers
haadrollen Michael Caine
Donald Sutherland
Robert Duvall
voice-over Patrick Allen
byrollen Jenny Agutter
Jean Marsh
Treat Williams
Larry Hagman
Sven-Bertil Taube
Siegfried Rauch
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
premiêre 25 desimber 1976
foarm langspylfilm
sjenre oarlochsfilm
taal Ingelsk
spyltiid 135 min. (Jeropeeske ferzje)
123 min. (Amerikaanske ferzje)
budget en resultaten
budget $6 miljoen
opbringst ûnbekend ("flink wat jild")

The Eagle Has Landed is in Britske oarlochsfilm út 1976, dy't ek eleminten hat fan in skriller en in spionaazjefilm, ûnder rezjy fan John Sturges. Yn 'e haadrollen binne de bekende akteurs Michael Caine, Donald Sutherland en Robert Duvall te sjen. It ferhaal, dat basearre is op 'e roman fan Jack Higgins mei deselde namme, giet oer in fiktyf plan fan nazy-Dútslân om yn 'e Twadde Wrâldoarloch de Britske premier Winston Churchill te ûntfieren. The Eagle Has Landed wie de lêste film dy't Sturges makke. De film krige rûnom positive kritiken en die it goed yn 'e bioskopen.

The Eagle Has Landed begjint mei nijsbylden út 'e Twadde Wrâldoarloch wêryn't ferslach dien wurdt fan 'e (histoaryske) Oerfal op San Grasso. Dêrby waard Hitler syn bûnsgenoat Benito Mussolini út finzenskip rêden troch Dútske para-kommando's. Hitler komt dêrtroch yn oerlis mei Heinrich Himmler, it haad fan 'e SS, op it idee om op deselde manear syn fijân, de Britske premier Winston Churchill, te ûntfieren en him as finzene oer te bringen nei nazy-Dútslân. Admiraal Wilhelm Canaris, it haad fan 'e Abwehr, de Dútske militêre feilichheidstsjinst, kriget de opdracht om fan dat idee in operaasjeplan te meitsjen en te beoardieljen oft soks in kâns fan slagjen makket. Canaris beskôget de hiele saak as ûnsinnich, mar hoewol't er wit dat Hitler sels syn idee rillegau wer ferjitte sil, beseft er ek dat dat mei Himmler net sa is. Dêrom jout er dochs kolonel Max Radl opdracht om in operaasjeplan op te stellen.

Karl, in ûnderofsier yn 'e stêf fan Radl, ûntdekt dat ien fan 'e spionnen dy't yn it Feriene Keninkryk foar de Abwehr aktyf is, mei de koadenamme Starling, ynformaasje oanlevere hat dy't yn dizze kontekst weardefol wêze kin. Winston Churchill sil nammentlik in besyk bringe oan it fleanfjild by it (fiktive) doarp Studley Constable, yn it greefskip Norfolk. It tafal wol dat yn dat doarp Joanna Grey wennet, in sliepend aginte fan 'e Dútsers. Op basis fan dy eleminten betinkt Radl in operaasjeplan dat wurkje kinne soe, en dat de koadenamme Eagle kriget. Fan Himmler kriget Radl ûnoffisjeel de oarder om it plan út te fieren. Hitler wit dêrfan, en hat eigenhandich in brief oan Radl ûndertekene wêryn't er dyselde opdracht jout om te dwaan wat Himmler seit. Foar Canaris wurdt alles lykwols stilholden.

Radl rekrutearret foar syn missy de Ier Liam Devlin, in lid fan 'e IRA dy't lesjout oan in universiteit yn Berlyn. Dêrnei sjocht er om him hinne nei in geskikte Dútske ofsier om lieding te jaan oan 'e missy. Hy kiest dêrfoar de faak ûnderskieden en tige ûnderfûne parasjutistekommandant kolonel Kurt Steiner út, dy't koarby yn ûngenede fallen is. Op 'e weromweis fan it Eastfront bemuoide Steiner him op in treinstasjon yn beset Poalen mei de behanneling fan Joadske finzenen troch soldaten fan 'e SS, wêrby't er it libben fan in Joadsk famke besocht te rêden dat ûntsnappe wollen hie. Fan gefolgen moast er foar de kriichsried ferskine en waard er mei it peloton fan syn mannen dat him by de konfrontaasje mei de SS stipe hie, by wize straf legere op it ôfhandige Kanaaleilân Alderney, in Britsk gebiet dat troch nazy-Dútslân yn 1940 beset waard. Sûnt binne hy en syn mannen dêr mei in bútmakke motortorpedoboat ynset by riskante aksjes tsjin Alliëarde konfoaien dy't troch It Kanaal farre.

Radl reizget ôf nei Alderney, dêr't er mei help fan Devlin Steiner en dy syn oerlibjende ûnderhearrigen rekrutearret foar de missy. Hja sille mei in bútmakke Alliëarde fleanmasine nei Ingelân ta flein wurde, wêrnei't se by nacht mei parasjutes lânje sille. De Dútske kommando's sille dêrby de unifoarmen drage fan Poalske paratroepen, sadat nimmen fan harren ferwachtsje sil dat se Ingelsk sprekke. It plan is om Studley Constable te ynfiltrearjen, Churchill te ûntfieren, oan 'e kust fan Norfolk de motortorpedoboat te moetsjen en dan te ûntsnappen nei it fêstelân fan Jeropa. Nei't de operaasje begûn is, bringt Radl in besyk oan Himmler, om him der yn koade fan op 'e hichte te bringen dat "de earn lâne is" (the eagle has landed). Dêrop freget Himmler it brief mei de hantekening fan Hitler werom en ferneatiget dat, suggerearjend dat er Hitler syn hantekening ferfalske hie en dat de Führer neat fan 'e hiele operaasje ôfwit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Steiner en syn mannen lânje yn Norfolk klaaid yn Poalske unifoarmen, mar dêrûnder drage se, op Steiner syn persoanlik befel, harren eigen, Dútske unifoarmen. De reden dêrfoar is dat lju dy't finzen nommen wurde yn 'e unifoarmen fan 'e fijân sûnder foarm fan proses terjochtsteld wurde meie as spionnen, wylst lju dy't finzen nommen wurde yn harren eigen unifoarmen alle rjochten fan kriichsfinzenen hawwe ûnder de Konvinsjes fan Sjenêve. As de Dútsers posysjes ynnimme yn Studley Constable, rint it plan lykwols mis as ien fan Steiner syn soldaten in pleatslik famke rêde wol dat yn it wetter fallen is en temoarzele driget te wurden troch it tsjil fan in wettermole. Hy rêdt it famke, mar komt sels om ûnder it tsjil. As syn lyk boppekomt, blykt it Poalske unifoarm iepenskuord te wêzen, sadat dêrûnder syn Dútske unifoarm foar alle gearklofte doarpelingen te sjen is.

Steiner besiket dan fan it plan te rêden wat der noch te rêden falt, troch alle doarpsbewenners gear te driuwen yn 'e pleatslike tsjerke. Pamela Verecker, de jongere suster fan 'e doarpspastoar, wit lykwols te ûntkommen en warskôget in ienheid rangers fan it Amerikaanske Leger dy't deunby it doarp legere is. De kommandant fan 'e rangers, de ûnkundige, gloarjesykjende kolonel Clarence E. Pitts, besiket Steiner-en-dy tsjin te hâlden sûnder fersterkings op te roppen, mar hy wurdt troch de Dútske aginte Joanna Grey yn har hûs ombrocht, wylst syn min plande oanfal op 'e tsjerke mei swiere ferliezen oan Amerikaanske kant ôfslein wurdt.

Dêrop organisearret kaptein Harry Clark, Pitts syn ferstanniger ûnderbefelhawwer, in twadde, mear súksesfolle oanfal. Joanna Grey, dy't ûnderwilens ferteld hat dat se in Afrikaner is en de Dútsers helpt om't har âlden yn 'e Twadde Boere-oarloch yn in Britsk konsintraasjekamp omkommen binne, oerlibbet de Amerikaanske oanfal op it doarp net. Steiner syn mannen offerje harrensels op om 'e Amerikanen te fertraagjen, sadat Devlin, Steiner en syn ferwûne ûnderbefelhawwer, kaptein Hans ridder von Neustadt, ûntkomme kinne mei de help fan it pleatslike famke Molly Prior, dy't in romantyske relaasje krigen hat mei Devlin. Ynstee dat er nei de kust giet om ôf te setten op 'e wachtsjende motortorpedoboat, beslút Steiner lykwols om allinne noch ien lêste wraam op Churchill te dwaan.

Underwilens ûntfangt kolonel Radl, dy't op Alderney wachtet op 'e ôfrin fan 'e missy, it nijs dat de operaasje mislearre is. Hy jout daliks syn assistint Karl opdracht om it eilân te ferlitten en nei Dútslân te gean, sadat de jongeman de kâns hat en ûntrin it lot dat Radl no te wachtsjen stiet. Want krekt sa't er ferwachte, wurdt er sels koarte tiid letter op befel fan Himmler arrestearre en stânrjochtlik eksekutearre, op 'e beskuldiging dat er mei de mislearre missy syn foech te bûten gien is. Op dy wize distansjearret Himmler himsels fan it hiele spul.

Let op 'e jûn kringt Steiner it terrein fan it lânhûs yn Norfolk binnen, dêr't Churchill ferbliuwt. As de premier eefkes om wat frisse lucht nei it terras giet, wit Steiner him dea te sjitten ear't er sels troch Churchill syn liifwacht deasketten wurdt. Kaptein Clark, dy't krekt te let arrivearret om Steiner tsjin te hâlden, is alhiel feralterearre troch de dea fan Churchill, mar wurdt dan troch it befeiligingsperoniel ynformearre dat 'Churchill' eins George Fowler wie, in akteur en imitator. De wiere Churchill is fier om utens, op 'e Konferinsje fan Teheran. Tsjin Clark wurdt sein: "Nimmen sil hjir ea fan witte. Dit is net bard."

De fernimstige Devlin wit op 'e tiid út te piken nei't er in leafdesbrief efterlitten hat foar Molly Prior. Wylst er by êb by de kust lâns doarmet, sjocht er de restanten fan in ferwuostge motortorpedoboat, nei't men oan nimme mei Steiner sines. Devlin ferdwynt dêrnei en libbet fierder as in fergetten boarger.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kolonel Kurt Steiner Michael Caine
Liam Devlin Donald Sutherland
kolonel Max Radl Robert Duvall


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Molly Prior Jenny Agutter
Joanna Grey Jean Marsh
kaptein Harry Clark Treat Williams
kolonel Clarence E. Pitts Larry Hagman
kaptein Hans ridder von Neustadt Sven-Bertil Taube
sersjant Otto Brandt Siegfried Rauch
Heinrich Himmler Donald Pleasence
admiraal Wilhelm Canaris Anthony Quayle
pastoar Philip Verecker John Standing
Pamela Verecker Judy Geeson
Karl Michael Byrne

The Eagle Has Landed wie de lêste film fan 'e Amerikaanske regisseur John Sturges, dy't namme makke hie mei westerns as Gunfight at the O.K. Corral (1957) en The Magnificent Seven (1960). De film waard produsearre troch David Niven jr. en Jack Wiener foar de Britske filmstudio ITC Entertainment. It senario waard skreaun troch Tom Mankiewicz op basis fan 'e roman The Eagle Has Landed, fan auteur Jack Higgins. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Anthony B. Richmond, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Lalo Schifrin. Yn it Feriene Keninkryk waard de distribúsje fan 'e film dien troch de Cinema International Corporation (CIC), wylst yn Noard-Amearika Columbia Pictures dêrfoar ferantwurdlik wie. Foar de film wie in budget fan $6 miljoen beskikber.

Op it mêd fan 'e casting waard akteur Michael Caine oarspronklik frege foar de rol fan Liam Devlin. Om't Caine net in lid fan 'e IRA spylje woe, frege er oft er de rol fan Kurt Steiner net spylje koe. Neitiid waard Richard Harris frege foar de rol fan Devlin, mar dy makke oanhâldend syn stipe foar de IRA iepenbier, mei as gefolch dat de filmprodusinten bedrigings krigen en tebekskrillen. Uteinlik waard Devlin spile troch Donald Sutherland.

Yn The Eagle Has Landed waard Cornwall brûkt om 'e Kanaaleilannen te ferbyldzjen, wylst Berkshire trochgie foar Norfolk. It grutste part fan 'e film waard op lokaasje opnommen yn it doarp Mapledurham, yn Oxfordshire, dat it fiktive Studley Constable foarstelle moast. Yn 'e film binne de tsjerke fan Mapledurham en de Wettermole fan Mapledurham te sjen, en ek Mapledurham House, dat it lânhûs ferbylde dêr't Churchill ferbliuwt. Foar de film waard oan 'e wettermole tydlik in nij tsjil fêstmakke, wylst ek de falske gevels fan gebouwen as in pub en ferskate winkels oan Mapledurham tafoege waarden. De sênes yn 'e pub en de winkels waarden opnommen yn 'e Londenske Twickenham Studios.

De sênes op it fleanfjild fan 'Landsvoort' waarden filme op 'e RAF-loftmachtbasis St Mawgan, by Newquay, wylst de sênes op Alderney opnommen waarden yn Charlestown, by St Austell, yn Cornwall. Ek waarden der opnames ferrjochte by Rock, ek yn Cornwall. Foar de sêne mei de konfrontaasje tusken de Dútske parasjutisten en de SS-soldaten yn in wintersk Poalen waard útwykt nei Rovaniemi, yn it noarden fan Finlân. De parasjutesprongen yn 'e film waarden útfierd troch leden fan it parasjuteshowteam fan 'e REME (Royal Electrical and Mechanical Engineers). De strânsênes waarden opnommen by Holkham, yn Norfolk.

Krityk op Sturges

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Senarioskriuwer Tom Mankiewicz fûn sels dat it senario fan The Eagle Has Landed it bêste wie dat er ea skreaun hie, mar hy sei letter dat regisseur John Sturges "it, om 'e iene of oare reden, opjûn hie" en min wurk levere. Neffens Mankiewicz wie it filmeditor Anne V. Coates dy't de film rêde en soarge dat it resultaat it oansjen wurdich wie. Haadrolspiler Michael Caine sei neitiid dat er dernei útsjoen hie om gear te wurkjen mei Sturges. Under de opnamen soe de regisseur him lykwols ferteld hawwe dat er inkeld noch wurke om genôch jild te fertsjinjen, sadat er lange skoften efterinoar te angelfiskjen gean koe.

Yn syn autobiografy skreau Caine: "It momint dat de film ôf wie, pakte er syn jild en wied er fuort. [Produsint] Jack Wiener sei letter tsjin my dat er nea weromkaam foar it montaazjewurk, noch foar lykfol hokker fan 'e oare goeie postproduksjesesjes wêryn't in regisseur in diel fan syn wichtichste wurk docht. De film koe der bêst mei troch, mar ik kin my noch hieltyd lulk meitsje as ik betink hoe't er derút sjoen hawwe kinnen hie mei de goede regisseur. We hiene de âlde Jeropeeske sûnde begien om fan immen ûnder de yndruk te wêzen poer en allinnich om't er út Hollywood kaam."

Premiêre en oare publikaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Eagle Has Landed gie op 25 desimber 1976 yn premiêre yn Finlân en Sweden, op 31 maart 1977 yn it Feriene Keninkryk en op 2 april 1977 yn 'e Feriene Steaten. Yn 'e bioskopen wie de lingte fan 'e film yn Jeropa 135 minuten, wylst de Amerikaanske ferzje tolve minuten koarter wie (123 minuten). Dat siet him der benammen yn dat yn 'e Amerikaanske ferzje it petear tusken Joanna Grey, Steiner en Devlin fuortknipt wie, wêryn't Grey har motivaasje útlei om nazy-Dútslân te helpen (har Afrikaner âlden wiene ûnder de Twadde Boere-oarloch omkommen yn in Britsk konsintraasjekamp). De filmmakkers wiene blykber fan miening dat dy skiedkundige ferwizing it Amerikaanske filmpublyk allinne mar yn betizing bringe soe.

Doe't The Eagle Has Landed neitiid útbrocht waard op VHS-fideokassette, waard dêrfoar sawol yn Noard-Amearika as yn Jeropa de ferkoarte Amerikaanske ferzje fan 123 minuten brûkt. De earste dvd fan 'e film brûkte dêrfoaroer yn 'e hiele wrâld de langere Jeropeeske ferzje fan 135 minuten. Yn 2004 waard boppedat in reparearre en útwreide ferzje fan 'e film op dvd útbrocht, dy't 151 minuten duorre. Dêryn wie û.m. in oare iepeningssêne opnommen wêryn't Heinrich Himmler arrivearret op Slot Hohenschwangau foar in gearkomste mei Adolf Hitler, Wilhelm Canaris, Martin Bormann en Joseph Goebbels, en in sêne wêryn't sjen litten wurdt hoe't it mei de motortorpedoboat en de ferwûne Von Neustadt ôfrint.

Yn syn resinsje yn The New York Times omskreau filmkritikus Vincent Canby The Eagle Has Landed as "in goeie âlderwetske aventoerefilm, dy't sa grôtfol sit mei robúste foarfallen en personaazjes dat jo je ûntspanne kinne om derfan te genietsjen sûnder dat jo yn noed hoege te sitten oer de fraach oft it wier bard is, of sels mar oft it wol oannimlik is." Canby priizge fierders it senario fan Tom Mankiewicz as "rjochtút en rjochtoan" en as "effisjint en sels út en troch mei opsetsin grappich". Ek wied er bêst te sprekken oer it wurk fan regisseur John Sturges, net wittende dat dy it alle montaazje oan Anne V. Coates oerlitten hie. Hy besleat syn resinsje sa: "Mei safolle mislearre melodramatyske skrillers dy't tsjintwurdich opdûke, is it ferfrissend om ris ien te sjen dy't makke is troch lju dy't witte wat se dogge." Ek de measte oare kritiken oer The Eagle Has Landed wiene loovjend.

The Eagle Has Landed wie in súkses yn 'e bioskopen. Hoewol't ûndúdlik is hoefolle oft dermei fertsjinne is, sei Lew Grade fan ITC Entertainment letter dat de film "flink wat jild opbrocht" hie. ITC makke neitiid noch twa oare films mei itselde produksjeteam: Escape to Athena en Green Ice.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.