Springe nei ynhâld

Terbant

Ut Wikipedy
Terbant
Terbantster tsjerke
Terbantster tsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 270 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 7,31 km², wêrfan
- lân: 6,80 km²
- wetter 0,51 km²
Befolkingsticht. 39 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 59' N 5° 54' E
Offisjele webside
webstee fan Aenjewier
Kaart
Terbant (Fryslân)
Terbant
Lokaasje Terbant yn Fryslân
Kaart
Terbantster tsjerke
Lokaasje Terbant (grien) yn 'e gemeente It Hearrenfean

Terbant is in doarp yn it noardwesten fan 'e gemeente It Hearrenfean. Under it doarp falt foar in part ek it buorskip Spitsendyk.

Terbant hat 270 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Aldere nammen fan Terband binne 'Bant' (1315), 'Terband' (1492) en 'Katrynbant' of 'Opperbant' (1505). Bant is âldsaksysk foar 'streek'. De namme Katrynbant ferwiisde nei de hillige Katarina, patroanhillige fan de tsjerke. Opperbant bestjut safolle as "Op de Streek". De midsiuwske tsjerke fan Terbant wie yn 1638 sa ferfallen, dat der besletten waard om in nije tsjerke te bouwen fan 70 by 23 houtfoet.[3] De tsjintwurdige neoklassisistyske tsjerke ferfong yn 1845 de âldere tsjerke en is boud neffens in ûntwerp fan Thomas Romein.

Yn de Tachtichjierrige Oarloch waard by it doarp de Bantsterskâns oanlein. It moat in aardich grutte skâns west ha mei in besetting fan wol 300 man.[4] Op it plak dêr't yn It Hearrenfean de strjitten Fok en Skâns yn inoar oergeane is ta neitins fan de Bantsterskâns in keunstwurk fan Albert Oost set.[5] Ek betinkt de strjitnamme De Skâns yn It Hearrenfean-Noard de eardere Bantsterskâns.

Yn Terbant stie earder Fioletta, in neisoarchkoloanje fan it Griene Krús.

Terbant foarme foar 1934 mei de doarpen Tsjalbert, Lúnbert en Gersleat de gemeente Aenjewier. De fjouwer doarpen lizze oan de Aenjewierwei en wurde noch altyd 'Aenjewier of 'De Streek' neamd.

Yn 'e jierren 1950 is in diel fan de âlde himrik fan Terband mei in grinskorreksje oergien nei de himrik fan It Hearrenfean. Yn dy tiid waard ek de rotonde oanlein op de krusing fan de lettere A32 en A7, tsjintwurdich it Knooppunt It Hearrenfean . Foar dat doel moast in diel fan Terband ôfbrutsen wurde.

H.B. Jonkerwei

De fjouwer doarpen fan 'e eardere gemeente Aenjewier hawwe mienskiplik in yn 2016 iepene Multyfunksjonele Akkomodaasje, dy't yn Tsjalbert stiet. It doarp docht in soad yn 'e mande mei de oare Aenjewierster doarpen en hat ek in mienskiplik Pleatslik Belang. "Aengwirden Aktief" is de doarpskrante.

Sûnt 2022 geane de bern fan alle Aenjewierster doarpen nei de doe iepene gearwurkingsskoalle De Nijewier. De skoalle stiet yn Tsjalbert.

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de hiemside fan 'e Aenjewierster doarpen. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside)

Opfallend bushokje

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1850 1900 1950 1960 1970 1980 2005 2010
Ynwenners 355 979 721 276 220 234 304 301
Jier 2015 2020
Ynwenners 275 265

(Boarnen: 1850-1980: De Heeren en de Anderen, R. Boltendal, side 301-302; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

It wapen fan Terbant bestiet út in swart fjild mei dêrop in deadskop op twa krúste bonken yn sulver en trije griene nôtieren yn elts eachgat. Under it wapen in wyt lint mei yn swarte letters it wurd Resurrectio (weropstanning). De nôtieren út de eachkassen jouwe oan dat it fruchtbere libben út de dea fuortkomt.

Alle strjitten yn Terbant mei ferklearring fan de nammen.

  • S. Bakker "Vier dorpen, één streek. Terband, Luinjeberd, Tjalleberd, Gersloot"

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Stifting Alde Fryske Tsjerken, Keppelstok (desimber 1991): Verdwenen Kerken in Aengwirden kerken (D.M. Bunskoeke)
  4. Histoarje It Hearrenfean, 20 july 2023
  5. Keunstwurk, oproppen 20 july 2023

It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
· · Berjocht bewurkje