Teake Oppewal
Teake Oppewal | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Teake Oppewal | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 22 jannewaris 1952 | |
berteplak | Droegeham (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | taalkundige | |
aktyf as | publisist | |
jierren aktyf | 1992 – no |
Teake Oppewal (Droegeham, 22 jannewaris 1952) is in Frysk taalkundige, publisist en ûnderwizer. Hy waard benammen bekend mei de publikaasje Spiegel van de Friese Poëzie, dy't er yn 1994 tegearre mei Pier Boorsma skreau en publisearre.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oppewal waard yn 1952 berne yn Droegeham. Fan 1964 oant 1970 folge er de middelbere skoalle oan it Kristlik Bogerman Lyseum yn Snits, wêrnei't er fan 1970 oant 1978 biogemy studearre oan 'e Frije Universiteit yn Amsterdam. Fan 1979 oant 1980 stied er as skiekundedosint oan in middelbere skoalle yn Amsterdam, en oanslutend joech er oant 1985 yn itselde fak les oan in skoalle yn Maputo, de haadstêd fan Mozambyk. Werom yn Nederlân wie Oppewal fan 1985 oant 1988 ferbûn oan 'e analiste-oplieding yn Grins, en doe wied er oant 1996 wer as skiekunderlearaar wurksum oan it Fryslân Kolleezje yn Ljouwert.
Fan 1990 oant 1993 folge Oppewal oan 'e Noardlike Hegeskoalle Ljouwert in twaddegraads learare-oplieding yn it Frysk, wêrnei't er njoggen jier lang as koördinator literatuerbefoardering ferbûn wie oan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), oant dat yn 2002 opgie yn Tresoar. Yn dat ramt skreau er mei Pier Boorsma Spiegel van de Friese Poëzie, in beskriuwing en wurdearring fan 'e Fryske poëzij fan 'e santjinde iuw oant ús tiid, dy't yn 1994 ferskynde. By Tresoar waard Oppewal yn 2002 adviseur, projektkoördinator en redakteur op it mêd fan 'e Fryske literatuer, in funksje dy't er yn juny 2017 dellei doe't er mei pinsjoen gie.
Dêrnjonken wie Oppewal fan 1998 oant 2003 learaar Frysk oan it Fryslân Kolleezje en fan 2009 oant 2010 learaar skiekunde oant it Stedsk Gymnasium Piter Jelles. Fierders siet er fan 2001 oant 2009 ek yn it bestjoer fan it Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1994 – Spiegel van de Friese Poëzie (mei Pier Boorsma; oer de Fryske poëzij)
- 2006 – Zolang de Wind van de Wolken Waait (oer de Fryske literatuer)
- 2017 – Het Vaderpaard / It Faderpaard: Alle Gedichten (redaksje; sammele wurk fan Tsjêbbe Hettinga)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|