Springe nei ynhâld

CMT Music Award

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan TNN Music Award)
CMT Music Award
algemiene ynformaasje
hist. namme Music City News Award
TNN/Music City News Country
   Award

TNN Music Award
TNN/CMT Country Weekly
   Music Award

CMT Flameworthy Video Music
   Award
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar countrymuzyk
útrikt troch CMT
frekwinsje 1x jiers
plak Nashville (Tennessee)
ynsteld 1967
1e útrikking 1967
offisjele webside
www.cmt.com/cmt-music-awards/

De CMT Music Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier (yn juny) útrikt wurde foar de bêste wurken op it mêd fan fideoklips en tillefyzje-optredens út 'e countrymuzyk fan it foargeande jier. De útrikkingsseremoanje wurdt elts jier holden yn Nashville, yn 'e steat Tennessee, en live útstjoerd op 'e muzykstjoerder CMT (Country Music Television). De útslach wurdt bepaald troch in stimming ûnder de fans, dy't plakfynt op 'e webside fan CMT (CMT.com).

De CMT Music Awards hawwe troch de jierren hinne frijwat reynkarnaasjes hân. Se begûnen yn 1967 as de Music City News Awards, dy't útrikt waarden troch it ûnderwilens opdoekte tydskrift Music City News. Yn 1988 sette de tillefyzjestjoerder TNN (The Nashville Network) útein mei de útrikking fan 'e Viewers' Choice Awards, dy't op in stimming ûnder sjoggers basearre wie, ta gelegenheid fan it besteanslustrum fan 'e stjoerder. Yn 1990 waarden de beide prizen op ien bulte smiten as de TNN/Music City News Country Awards. It kontrakt fan TNN mei Music City News oangeande de prizen rûn yn 1999 ôf, en koart dêrnei hold it tydskrift op te bestean. De prizen kamen sadwaande yn 2000 bekend te stean as de TNN Music Awards. In jier letter, doe't it tydskrift Country Weekly him opwurp as nije sponsor, wylst TNN de útstjoering fan 'e seremoanje trochskode nei it susternetwurk CMT, waard de namme feroare yn TNN/CMT Country Weekly Music Awards.

Yn 2002 kaam de seremoanje foargoed by CMT, sadat de oantsjutting TNN út 'e namme ferdwûn. Teffens beëinige Country Weekly doe syn bemuoienis mei de prizen, en boppedat waard de formule alhielendal op 'e nij besjoen. Oant dy tiid hiene de prizen likernôch deselde kategoryen as de Academy of Country Music Awards of de Country Music Association Awards, mar fan 2002 ôf leine de CMT-prizen har folslein ta op fideoklips en tillefyzje-optredens. Dêrby waarden de Video Music Awards fan susterstjoerder MTV as model brûkt. Sadwaande waard de namme yn 2002 oanpast ta CMT Flameworthy Video Music Awards. Yn 't earstoan bestiene der ek guon net-tradisjonele kategoryen, lykas grappichste fideoklip, meast seksy fideoklip en meast sjauvinistyske (patriotic) fideoklip, mar dy waarden der meitiid útsuvere. De seremoanje sette him noch fierder ôf tsjin 'e fêstige oarder fan 'e countrymuzyk (yn dit gefal de ACM Awards en CMA Awards) troch artysten út it subsjenre fan 'e bluegrass (dat yn 'e tradisjonele countrymuzyk in bytsje in ûnderskood bern is), lykas Alison Krauss en Earl Scruggs, nei foarren te heljen. Yn 2005 waard de namme fannijs feroare, no yn CMT Music Awards.

Op 't heden hawwe de CMT Music Awards njoggen kategoryen:

  • fideoklip fan it jier
  • fideoklip fan it jier fan in duo
  • fideoklip fan it jier fan in band
  • fideoklip fan it jier fan in sjonger
  • fideoklip fan it jier fan in sjongster
  • fideoklip fan it jier wêrby't troch ferskate artysten gearwurke wurdt
  • fideoklip fan it jier fan in optreden op CMT
  • trochbraakfideoklip fan it jier
  • CMT Impact Award

Alle CMT Music Award-winners steane fernijd op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.