Sjoukesleat
Appearance
De Sjoukesleat is in feart yn de gemeenten It Hearrenfean en Smellingerlân. De feart is it ferlingde fan De Swette benoarden Aldeboarn en rint troch Poppenhuzen en Warniahuzen en rint dan as Flearbosksleat nei it noarden om súdeast fan De Feanhoop yn de Kromme Ie út te rinnen.
De namme Sjoukesleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Sjoukesloot.