Springe nei ynhâld

Sherlock Holmes: A Game of Shadows

Ut Wikipedy
Sherlock Holmes:
A Game of Shadows
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Guy Ritchie
produsint Joel Silver
Lionel Wigram
Susan Downey
Dan Lin
senario Michele Mulroney
Kieran Mulroney
basearre op Sherlock Holmes fan
   sir Arthur Conan Doyle
kamerarezjy Philippe Rousselot
muzyk Hans Zimmer
filmstudio Warner Bros.
Silver Pictures
Wigram Productions
Village Roadshow Pictures
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Robert Downey jr.
Jude Law
byrollen Jared Harris
Noomi Rapace
Stephen Fry
Kelly Reilly
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 16 desimber 2011
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske aksje- / detektivefilm
taal Ingelsk
spyltiid 129 minuten
budget en resultaten
budget $125 miljoen
opbringst $543,4 miljoen
filmsearje
filmsearje Sherlock Holmes
● foarich diel Sherlock Holmes

Sherlock Holmes: A Game of Shadows, soms koartwei Sherlock Holmes 2 neamd, is in Amerikaansk-Britske histoaryske aksje- en detektivefilm út 2011 ûnder rezjy fan Guy Ritchie. De film giet oer de ferneamde fiktive privee-detektive mei deselde namme út 'e wurken fan sir Arthur Conan Doyle. As sadanich is it in ferfolch op Sherlock Holmes, út 2009. Beide films hawwe yn 'e haadrollen Robert Downey jr. as Sherlock Holmes en Jude Law as dokter Watson. Yn Sherlock Holmes: A Game of Shadows geane Holmes en Watson efter de ûnmeilydsume krimineel professor Moriarty oan, dy't tige ynfloedryk en dêrtroch ûngrypber is. Fan 'e filmkritisy krige Sherlock Holmes: A Game of Shadows mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses.

Yn 1891 treft Irene Adler op 'e efterste rige mank it publyk by in feiling yn Londen de foaroansteande sjirurch dokter Hoffmanstahl, oan wa't se in pakketsje ôfjout foar har opdrachtjouwer, professor Moriarty. It is in betelling foar in brief dat Hoffmanstahl oan Irene oerdraacht. It iepenjen fan it pakketsje set de ûntploffing fan in bom yn wurking. It ôfgean fan 'e bom wurdt inkeld foarkomd troch it yngripen fan privee-detektive Sherlock Holmes, dy't Irene nei de moeting folge wie. Holmes nimt it brief dat Hoffmanstahl oan Irene jûn hat, yn beslach. Wylst er ôfweefd mei de bom, pike Irene en Hoffmanstahl út. Letter fynt Holmes Hoffmanstahl fermoarde werom. Irene giet nei in moeting mei professor Moriarty, dêr't se opbychtsje moat dat se it brief dat er ferwachtet, net hat. Moriarty, dy't yn 't foar al besletten hie dat se troch har gefoelens foar Holmes as hantlangster kompromittearre is, lit har fergiftige tee drinke, wêrnei't se dea delknoffelet.

Letter dyselde deis arrivearret dokter Watson by Holmes thús op 221B Baker Street, dêr't Holmes op dat stuit eksperimintearret mei in pak dat inkeld syn eagen bleat lit en dat sekuer ferve is yn 'e kleuren fan 'e eftergrûn dêr't er tsjinoan stiet, sadat Watson him net gewaarwurde kin. Hy fertelt syn kompanjon dat er ûndersyk docht nei in stikmannich skynber net mei-inoar yn ferbân steande moarden, terroristyske oanslaggen en oernames yn 'e sakewrâld, dêr't er allegear de hân fan Moriarty yn sjocht. It doel fan Watson syn besyk is lykwols syn frijfeintefeest, mei't er de oare deis trouwe sil mei syn ferloofde Mary Morstan. Holmes, dy't it glêd fergetten wie dat er it feest organisearje moatten hie, nimt Watson en syn broer Mycroft Holmes mei nei in útgeansgelegenheid dêr't er madam Simza treffe kin, in Sigeunerinne dy't as wiersizzeresse wurket.

Madam Simza is de persoan oan wa't it brief, dat Holmes Irene ôfpakt hat, wier rjochte is. It docht bliken dat it har stjoerd is troch har broer René, fan wa't se al langere tiid neat mear fernommen hat. It befettet in selsportret fan 'e keunstsinnich oanleine René mei it boadskip dat se syn gesicht net wer sjen sil. Yn in spektakulêr gefjocht ferslacht Holmes in hiermoardner dy't stjoerd is om Simza út 'e wei te romjen, mar de Sigeunerinne pykt út foar't Holmes har neier oer de saak befreegje kin. Sels is Holmes neitiid besteld mei it besoargjen fan in mei in swiere kater oanhelle Watson op syn trouwerij, wêrby't Holmes de tsjûge fan 'e brêgeman is. Letter dy deis hat Holmes, op inisjatyf fan Moriarty, foar it earst in moeting mei de professor, dy't in ynfloedryk man en in freon fan 'e Britske premier is. Hy lit blike dat er Irene Adler fermoarde hat en driget itselde te dwaan mei Watson en syn breid as Holmes him net by syn eigen saken hâldt. Holmes ûnthjit dat er Moriarty ûnder fuotten helje sil út wraak foar de dea fan Irene, al is it ek it alderlêste dat er docht.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Watson en Mary de trein nimme foar in houliksreis nei Brighton, wurde se nei tsjuster oanfallen troch in stikmannich trewanten fan Moriarty, dy't harren besykje te fermoardzjen. Dat wurdt lykwols foarkomd troch Holmes, dy't yn momkape deselde trein nommen hat. As de trein oer in spoarbrêge giet, triuwt er Mary ta de doar út om har yn feilichheid te bringen; hja lânet yn 'e rivier ûnder de brêge, dêr't hja oppikt wurdt troch Mycroft en syn butler Carruthers yn in boatsje. Nei't Holmes en Watson ôfweefd hawwe mei de trewanten fan Moriarty, reizgje se fierder nei Parys om Simza op te spoaren. Se treffe har oan yn in Sigeunerkamp, dêr't Holmes har útleit dat se it doelwyt fan in hiermoard wurden is om't har broer René foar Moriarty wurket en har blykber wat trochdien hat dat Moriarty syn plannen yn gefaar bringe kin.

As se de brieven, mei mear tekenings as tekst, trochnimme dy't Simza fan René ûntfongen hat, riddenearret Holmes oan 'e hân fan 'e rook fan it papier en de smaak fan in read plak út dat René de tekenings makke hat yn in wynkelder dêr't ek in drukparse fêstige is. Simza ken sa'n plak, it haadkertier fan in anargistyske groepearring yn Parys dêr't sy en René foarhinne by belutsen wiene. Simza nimt Holmes en Watson mei dêrhinne, en se hawwe in petear mei Claude Ravache, de lieder fan 'e anargisten. Dyselde jout ta dat er yn opdracht fan Moriarty in stikmannich bomoanslaggen begien hat, om't Moriarty syn wiif en bern gizelet. Nei't er ferteld hat dat er noch ien opdracht foar Moriarty útfiere moat om te soargjen dat syn gesin feilich is, sjit er himsels troch de holle. It is dúdlik dat it Moriarty syn bedoeling is dat Ravache syn oanhingers no Holmes-en-dy fermoardzje sille om't se miene dat Holmes Ravache deade hat. Holmes ûntdekt lykwols in geheime gong dy't him, Watson en Simza in útwei út 'e wynkelder biedt.

Trijeresom folgje se de oanwizings dy't Holmes yn 'e wynkelder en de geheime gong ûntdutsen hat en bejouwe se har nei de Opera fan Parys, dêr't Homes de folgjende bomoanslach ferwachtet. As se mei in protte muoite ienris efter de kûlissen tagong ta de opera krigen hawwe, docht lykwols bliken dat Moriarty, dy't sels by de opera yn 'e seal sit, de oanwizings mei opsetsin plante hat om Holmes op in dwaalspoar te bringen. De eigentlik bom giet ôf yn in hotel net fier fan it operagebou ôf, dêr't op dat stuit in gearkomste fan in stikmannich foaroansteande en ynfloedrike Jeropeeske sakelju oan 'e gong is. Holmes ferskaft himsels tagong ta it plak delikt foar't de Paryske plysje arrivearret en ûntdekt dat ien fan 'e slachtoffers, de Dútske wapenfabrikant Alfred Meinhard, net omkommen is troch de bom, mar ynstee troch in skerpskutter deasketten is fuort foar't de bom ôfgie. De bom wie inkeld en allinne bedoeld om 'e moard op Meinhard te fertsjustermoanjen. Holmes en Watson stelle fêst dat de skerpskutter loftshannich is en fan safier ôf sketten hat dat it mar ien persoan wêze kin: de eardere Britske legerofsier Sebastian Moran.

Neitiid bejout Holmes him nei it hotel dêr't Moriarty ferbliuwt, dêr't er syn fijân bespionearret yn 'e momkape fan in hotelgast en dêrnei ferklaaid as pikkolo. Sa ûntdekt er dat Moriarty de trein nimme sil dy't as einbestimming de Dútske haadstêd Berlyn hat. Hy liedt dêrút ôf dat Moriarty ûnderweis is nei Heilbronn, dêr't it wapenfabryk fan Meinhard stiet dêr't Moriarty gâns yn ynvestearre hie. Troch de dea fan Meinhard is hy no de nije eigner. Mei't de oanslaggen en moarden oer en wer foar grutte spannings tusken Frankryk en Dútslân soarge hawwe, dy't inoar de skuld jouwe, is de Frânsk-Dútske grins sletten. Mar de Sigeuners fan madam Simza en haadman Tamas Morato hawwe ryklik ûnderfining mei it oerstekken fan tichte grinzen, en helpe Holmes en Watson om yn Dútslân te kommen.

By nacht kringe Holmes en Watson it wapenfabryk yn Heilbronn binnen, dêr't Holmes trappearre en finzen nommen wurdt troch Moriarty syn trewanten en by de professor brocht wurdt. Underwilens makket Moran jacht op Watson, dy't er yn it nau driuwt troch him mei syn skerpskuttersgewear út in toer wei te besjitten. Moriarty martelet Holmes troch him op te hingjen oan in fleisheak dy't him troch it skouder hinne slein is. Holmes jout ta dat er it doel fan Moriarty útfigelearre hat: de professor is no eigner fan wapenfabriken yn in ferskaat oan Jeropeeske lannen, en is dwaande in grutte oarloch út te lokjen sadat er de rykste man op 'e wrâld wurde kin. Watson brûkt in yn it fabryk fan Meinhard fabrisearre kanon om werom te sjitten op Moran, dy't mar nauwerneed it faaie libben derôf wit te rêden as de toer dêr't er yn sit, ynstoart. It pún fan 'e toer falt troch it dak fan it pakhûs dêr't Holmes martele wurdt en bedobbet Moriarty, wylst Holmes mei de skrik frijkomt. Hy, Watson en Simza en de Sigeuners, dy't harren bûten it fabryk opwachtsje, naaie út, efterfolge troch Moran en de oare trewanten fan Moriarty. Op 'e wylde flecht komme ferskate Sigeuners om, wylst Watson Moran ferwûnet. Holmes-en-dy witte úteinlik op in passearjende trein te springen en te ûntkommen.

Holmes, Watson en Simza reizgje no nei Switserlân. Dêr sil in ynternasjonale konferinsje holden wurde om 'e oanboazjende spannings tusken de ûnderskate Jeropeeske lannen op te lossen, sa wit Holmes fan syn broer Mycroft, dy't op it Britske Ministearje fan Bûtenlânske Saken wurket. Hy ornearret dat Moriarty, dy't troch syn bannen mei de Britske premier ek útnûge is, dêr in ynternasjonaal ynsidint feroarsaakje wol dat Jeropa oer râne fan 'e ôfgrûn nei oarloch triuwe sil. Holmes hat einlings útriddenearre wat René bedoelde mei syn boadskip oan Simza dat se "dit gesicht net wer sjen soe". Dokter Hoffmanstahl wie in pionier op it mêd fan 'e genêskunde en Holmes tinkt no dat er René mei plastyske sjirurgy it oansjen jûn hat fan ien fan 'e ambassadeurs op 'e konferinsje. Dat soe Moriarty by steat stelle om 'e echte ambassadeur út 'e wei te romjen en te ferfangen troch René. As dy op 'e konferinsje dan de fertsjintwurdiger fan in oar lân fermoarde, soe dat ûntsjinkearber ta oarloch liede.

Wylst Watson en Simza besykje om 'e ûnwerkenber feroare René werom te finen middenmank de diplomaten út 'e ferskate lannen, moetet Holmes Moriarty op in balkon boppe de Reichenbachwetterfal, om him ôf te lieden. Se skake in potsje wylst se stikelige opmerkings útwikselje. Watson en Simza witte úteinlik René te identifisearjen, dy't it plak fan 'e Frânske ambassadeur ynnommen hat, en komme foar dat er de Dútske ambassadeur fermoardzje kin. Neitiid wurdt René lykwols om hals brocht troch Moran mei gifpylkje út in blaaspiip. Hoewol't it útbrekken fan 'e oarloch, dêr't er op longeret, tsjinkeard is, ferliest Moriarty neat fan syn selsfertrouwen. Hy warskôget Holmes dat de grutmachten fan Jeropa úteinlik dochs wol mei-inoar yn oarloch reitsje sille, oft hy harren dêr no ta manipulearret of net.

Holmes bringt út dat er, wylst Moriarty him yn Heilbronn oan it marteljen wie, it notysjeboekje fan 'e professor omwiksele hat foar in duplikaat. It orizjineel hat er troch Tamas nei Londen bringe litten, dêr't Mary Watson de kodearre ynhâld ûntsifere hat mei de help fan in tsjûk en gauris ynsjoen boek oer botany dat Holmes by harren earste moeting yn Moriarty syn fan deade en fertutearze keamerplanten optillende studearkeamer opmurken hie. De ynformaasje spilet Mary troch oan ynspekteur Lestrade, dy't dêrop Moriarty syn ferburgen bankklúskes plonderet en de ynhâld oan it Britske Fûns foar Oarlochswiddowen en -wezen jout.

Holmes as Moriarty hawwe allebeide wol foar it ferstân dat harren moeting op it balkon einigje moat yn in gefjocht, en se beseffe ek beiden dat Moriarty dat gefjocht winne sil om't fan Holmes hindere wurdt troch syn ferwûne skouder. De selsfoldiene Moriarty ûnthjit Holmes dat er nei syn dea mei opsetsin in sa wreed mooglike manear optinke sil om Watson en Mary te deadzjen, mar hy is fergetten wat Holmes him by harren earste moeting ferteld hat: dat hy (Holmes) ree is om syn eigen libben op te jaan as er dêrmei Moriarty foargoed útskeakelje kin. Dat, op it stuit dat Watson de doar nei it balkon iependocht, makket Holmes eachkontakt mei him, grypt Moriarty fêst en skuort him mei oer de balustrade fan it balkon hinne, sadat se tegearre by de Reichenbachwetterfal del kneppelje. Dat is in 250 meters hege wetterfal, dy't fier yn 'e djipte delkomt yn in razene rivier. Sawol Holmes as Moriarty wurdt dea ferklearre. Harren stoflike omskotten wurde net weromfûn, mar dat waard ek net ferwachte.

Werom yn Londen wurdt der in begraffenis foar Holmes holden mei in lege deakiste, dêr't al syn freonen en kunde by oanwêzich binne. Neitiid tekenet Watson op in typmasine syn ferslach op fan syn lêste saak mei Holmes. Hy einiget mei de wurden: "The End". Mary komt de studearkeamer yn om Watson oan te fiterjen op te sjitten mei it pakken fan syn koffers foar harren ferlette houliksreis. Teffens bringt se him in pakketsje dat oan 'e doar ôfjûn is. As Watson it iepenmakket, blykt dêr in lyts apparaatsje yn te sitten dat soerstof oanmakket en dêr't men ûnder wetter mei sykhelje kin. Watson hat dat foar it lêst sjoen doe't Holmes it yn 'e kolleksje fan syn broer Mycroft bewûndere. Beseffend dat dit betsjut dat Holmes miskien dochs net dea is, giet Watson efter syn frou oan om te freegjen wa't it pakketsje by harren oan 'e doar ôfjûn hat. Sadree't er de keamer út is, komt Holmes, dy't himsels fermomd hie as in diel fan in fauteuil, fan it plak om 'e lêste side fan Watson syn ferslach te besjen, dy't noch yn 'e typmasine sit. Hy lêst de side en typt dan efter de wurden "The End" in fraachteken.

Robert Downey jr.
Jude Law.
Noomi Rapace.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise        
Sherlock Holmes Robert Downey jr.
dokter John Watson Jude Law


byrollen
personaazje akteur/aktrise
professor Moriarty Jared Harris
Simza Heron Noomi Rapace
Mycroft Holmes Stephen Fry
Mary Morstan Kelly Reilly
Sebastian Moran Paul Anderson
Irene Adler Rachel McAdams
Tamas Morato Affif Ben Badra
Claude Ravache Thierry Neuvic
frou Hudson Geraldine James
ynspekteur Lestrade Eddie Marsan (cameo)
Manouche Fatima Adoum
dokter Hoffmanstahl Wolf Kahler
Carruthers Jack Laskey
René Heron Laurentiu Possa
Alfred Meinhard Thorston Manderlay
Tanner Clive Russell

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sherlock Holmes: A Game of Shadows waard, krekt as de foargeande film, regissearre troch Guy Ritchie. Hy wurke op basis fan in senario fan Michele Mulroney en Kieran Mulroney, dat winliken orizjineel wie, hoewol't der eleminten yn opnommen wiene fan 'e oarspronklike Sherlock Holmes-ferhalen The Final Problem (1893) en The Adventure of the Empty House (1903) fan sir Arthur Conan Doyle.

De filmset fan Sherlock Holmes: A Game of Shadows by de Katedraal fan Straasburch yn Straasburch.

As produsinten wiene Joel Silver, Lionel Wigram, Susan Downey (de frou fan haadrolspiler Robert Downey jr.) en Dan Lin by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., Silver Pictures, Wigram Productions en Village Roadshow Pictures. Dêrmei wie de film in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Der wie foar Sherlock Holmes: A Game of Shadows in budget beskikber fan $125 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Philippe Rousselot, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer.

De opnamen foar Sherlock Holmes: A Game of Shadows setten yn oktober 2010 útein. Der waard op lokaasje filme yn it Didcot Railway Centre yn Oxfordshire, by de Fiktoariabrêge yn Worcestershire, by it Paleis Hampton Court yn Grut-Londen, op 'e Universiteit fan Oxford yn Oxford, by de Chatham Dockyard, Fort Amherst en Knole yn Kent, en yn it Alde Keninklike Marinekolleezje en it paleis Queen's House yn Greenwich. Bûten it Feriene Keninkryk waard filme yn it Frânske Straasburch, û.m. by de Katedraal fan Straasburch. De binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Elstree Studios en de Warner Bros. Studios, Leavesden yn Hertfordshire, de Shepperton Studios yn Surrey en de Pinewood Studios, yn Buckinghamshire.

De Fiktoariabrêge yn Worcestershire, ien fan 'e filmlokaasjes foar Sherlock Holmes: A Game of Shadows.

De distribúsje fan Sherlock Holmes: A Game of Shadows waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 16 desimber 2011 yn 'e Amerikaanske en Britske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 13 desimber by platemaatskippij WaterTower Music. Sherlock Holmes: A Game of Shadows waard op 12 juny 2012 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Sherlock Holmes: A Game of Shadows mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times, dy't al goed te sprekken west hie oer Sherlock Holmes (2009), wie sels noch positiver oer dizze film, dy't er 31/2 fan 4 stjerren joech en omskreau as "fermaak fan in heech kaliber" dy't "in mjitte fan ferfining en ynnovaasje" oan 'e formule fan 'e earste film tafoege. Ynternetfilmkritikus James Berardinelli parte oan Sherlock Holmes: A Game of Shadows 3 fan 4 stjerren ta en skreau: "[Dit] is in krêftiger, better út 'e ferve kommende film dy't fuortborduerret op 'e sterkten fan 'e orizjinele film en guon fan 'e swakten ôftanket."

Keith Phipps fan The A.V. Club skeau lykwols dat Sherlock Holmes: A Game of Shadows "de latte noch leger leit as de dochs al beskieden ambysje fan syn foargonger, en dochs net yn syn opset slagget." Ferskate resinsinten wiene fierders min te sprekken oer it ôftankjen fan aktrise Rachel McAdams yn har rol as Irene Adler fuort al oan it begjin fan 'e film, in dúdlik gefal fan "fridging": it ôfmeitsjen fan in froulik personaazje om 'e karakterûntwikkeling fan in manlik personaazje te tsjinjen. Joe Morgenstern fan The Wall Street Journal skreau dêroer: "Se ferdwynt fierstente gau yn dit oerprodusearre, selsfoldiene ferfolch, en mei har ferdwynt ek de geast fan blierkjende orizjinaliteit dy't de foargeande film ta sa'n oangename ferrassing makke.

It Paleis Hampton Court, ien fan 'e filmlokaasjes foar Sherlock Holmes: A Game of Shadows.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Sherlock Holmes: A Game of Shadows in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 229 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] is in smout teltsje tanksij de beide haadrolspilers, dy't goed oaninoar weage binne, mar oer it algemien stroffelet [de film] as er besiket de glêd opboude spanning fan it orizjineel te duplisearjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Sherlock Holmes: A Game of Shadows in goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 38 resinsjes.

Sherlock Holmes: A Game of Shadows brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $186,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $356,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $543,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $125 miljoen betsjut dat in winst fan $418,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

De filmset fan Sherlock Holmes: A Game of Shadows by it paleis Queen's House yn Greenwich (Londen).

Sherlock Holmes: A Game of Shadows waard nominearre foar de Saturn Awards foar bêste aksje- of aventoerefilm en bêste kostúmûntwerp, en foar de Teen Choice Awards foar favorite aksjefilm, favorite akteur yn in aksjefilm (Robert Downey jr.) en favorite aktrise yn in aksjefilm (Noomi Rapace).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.