Sacharja (bibelboek)
Sacharja | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | זכריה ("Zeḵaryah") | |
auteur | Sacharja e.o. | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 520 f.Kr. – iere 4e f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Haggai | |
● folgjend diel | Maleächy | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Sacharja | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Sacharja, yn it oarspronklike Hebriuwsk: זכריה, Zeḵaryah, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Sacharja in bibelboek op himsels, it 38ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten). De earste folsleine Fryske oersetting fan Sacharja stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Skriuwer en oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It boek Sacharja hjit de profesijen te omfetsjen fan 'e profeet Sacharja, "de soan fan Berekja, de soan Iddo" (Sach. 1:1), oer wa't fierders net folle bekend is, al binne in protte bibelwittenskippers en teologen op grûn fan 'e wiidweidige oandacht dy't er skinkt oan alles dat mei it preesterskip te krijen hat, fan tinken dat er nei alle gedachten sels ek in preester wie. Yn elts gefal stamme er út in preesterlik laach, sa't fernijd wurdt yn Nehemia 12:16. Sacharja wie tige sekuer yn it datearjen fan syn profesijen (te witten: 520-518 f.Kr.). Hy wurke nei de ein fan 'e Babyloanyske Ballingskip, yn 538 f.Kr., mar foàr de weropbou fan 'e Timpel fan Jeruzalim. Sa't bliken docht út Ezra 5:1 en 6:14 arbeide er by ferskate gelegenheden op mei de profeet Haggai.
Hoewol't guon moderne bibelwittenskippers noch altiten úthâlde dat it boek Sacharja troch ien en deselde persoan skreaun is, binne de measten fan miening dat der teminsten twa skriuwers oer gear west hawwe. Dêrby wurdt Sach. 1-8, dat ek wol 1 Sacharja neamd wurdt, taskreaun oan 'e profeet Sacharja sels, wylst Sach. 9-14, oftewol 2 Sacharja of Deutero-Sacharja wierskynlik yn 'e (iere) fyfde iuw f.Kr. datearre wurde moat, en mooglik in tafoeging is fan ien of mear learlingen fan Sacharja. Guon saakkundigen diele de tekst noch fierder op yn 2 Sacharja (Sach. 9-11) en 3 Sacharja (Sach. 12-14), mei't elts fan dy beide dielen begjint mei it opskrift: "In útspraak, in wurd fan 'e Heare".
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1 Sacharja
Sacharja iepenet mei in wurd foarôf (Sach. 1:1-6) dat yngiet op 'e skiednis fan 'e Joaden, mei it doel om 'e lju fan Sacharja syn tiid ta warskôging te wêzen. Dêrnei folget de beskriuwing fan in rige fan acht fizioenen (Sach. 1:7-6:8), dy't de profeet efterinoar yn ien nacht ûndergiet. Dy fizioenen hjitte oer de takomst fan 'e Joaden te gean, mar kinne ek opfetten wurde as in symboalyske skiednis fan it Joadske folk. Se berikke in hichtepunt mei de kroaning fan 'e hegepreester Josjûa (Sach. 6:9-15), dy't beskriuwt hoe't de keninkriken fan 'e wrâld ta it keninkryk fan Gods messias wurde sille. Sach. 7 en 8 binne twa jier letter skreaun, en foarmje in antwurd op 'e fraach oft it fêstjen dat ynsteld wie om 'e ferwuostging fan 'e Earste Timpel troch de Babyloaniërs te betinken, noch langer trochset wurde moat. Dêrnjonken wurdt it folk bemoedige mei in bewissiging fan Gods oanwêzichheid en seine.
- 2 Sacharja
Sach. 9-11 en 12-14 foarmje twa ôfsûnderlike profesijen, dy't beide in oerwinning op 'e buorfolken en de komst fan 'e messias foarsizze. It binne dizze profesijen dy't fan hiel it boek Sacharja de measte ynfloed op oare wurken jilde litten hawwe, fral ûnder kristlike teologen, dy't se beskôgje as foarsizzings fan 'e komst fan Jezus Kristus. De skriuwers fan 'e kanonike evangeeljes putten derút om it lijen, de dea en de weropstanning út 'e dea fan Jezus te begripen, en de Iepenbiering fan Jehannes linet wat bylden oanbelanget sterk op dit part fan Sacharja.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Sach. 11:1-3 út. De earste folsleine útjefte fan Sacharja stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Sacharja waard dêrby dien troch dûmny Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en Sources, op dizze side. |