Springe nei ynhâld

Ruth (bibelboek)

Ut Wikipedy
Ruth
algemiene gegevens
oarspr. titel רוּת ("Ruṯ")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm koart ferhaal
sjenre religiosa
skreaun 6e4e iuw f.Kr. (?)
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Rjochters
● folgjend diel 1 en 2 Samuël
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Ruth
publikaasje 1915, yn Yn Us Eigen Tael
oersetter G.A. Wumkes en Adzer de Vries

Ruth, yn it oarspronklike Hebriuwsk: רוּת, Ruṯ, is in boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Ḵeṯuḇim, de Geskriften, en is it it 14de boek (fan 24); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Skiednis en is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 8ste boek (fan 39). Yn Ruth wurdt it ferhaal fan 'e jonge Moäbityske widdo mei deselde namme ferteld, dy't har skoanmem folget werom nei it lân Israel om dêr yn 'e fremdte ta te hâlden. De earste folsleine Fryske oersetting fan Ruth, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Adzer H. de Vries, kaam yn 1915 út.

Oarsprong en skriuwer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de tradysje moat Ruth taskreaun wurde oan 'e profeet Samuël, mar it is dúdlik dat dat ûnmooglik is, en de measte bibelwittenskippers en teologen binne it der oer iens dat Ruth nei alle gedachten begûn is as in mûnling oerlevere ferhaal. Der bestiet sels in beskate spekulaasje ûnder de saakkundigen dat it mooglik skreaun (of úteinlik optekene) wêze kinne soe troch in frou. Wat it ûntstean derfan oanbelanget, dêroer rinne de mienings folle mear útinoar: de hiele skiednis fan it tiidrek fan 'e rjochters oant de hellenistyske perioade liket dêrfoar yn oanmerking te kommen, al datearje frijwat saakkundigen it yn it Perzyske tiidrek (de sechsde oant de fjirde iuw f.Kr.). De geneälogyske tafoeging oan 'e ein miene de measten fan dat it in preesterlike tafoeging fan nei de Babyloanyske Ballingskip is, mei't it foar it eigentlike ferhaal hoegenamt net ta de saak docht.

It (frij koarte) ferhaal fertelt oer de jonge Moäbityske frou Ruth, dy't troud is mei in Israelyt om utens dy't fan Kiljon hjit. Dy is mei syn heit en mem en syn âldere broer Machlon nei Moäb ta kommen, mar nei ferrin fan tiid komt earst syn heit Elimêlek te ferstjerren en letter ek Machlon en hysels. Syn mem, Noömy (yn âldere oersettings Naomi) bliuwt dan lykme-alline efter yn in frjemd lân en beslút werom te kearen nei Israel. Har beide Moäbityske skoandochters risselwearje om mei, mar Noömy hjit harren om yn Moäb te bliuwen, mei't hja yn Israel krekt like iensum en allinne wêze soene as sysels hjirre is. De iene skoandochter, Orpa, de widdo fan Machlon, jout om har sizzen en giet werom nei har âldershûs, mar Ruth wegeret ta te jaan en Noömy kin har der net fan ôfbringe om har te beselskipjen.

Ruth te iersykjen yn it fjild fan Boäz, op in skilderij fan Julius Schnorr von Carolsfeld út 1828.

Yn Israel oankommen sette se har nei wenjen yn Betlehem, dêr't Elimêlek hikke en tein wie. Foar twa froulju allinne is it soberearjen, dat om oan iten te kommen, giet Ruth ûnder de rispinge út te iersykjen. Boäz, in grutboer yn dy krite, sjocht Ruth op syn lân yn 'e skrep en hjit syn sichters om mei sin wat mear ieren te fergriemen, wylst er Ruth oansprekt en op it hert drukt om inkeld op syn lân te iersykjen. As Ruth dy jûns thúskomt mei in grut sekfol koarn, freget Noömy hoe't se dêroan komt. As se heart oer Boäz en wat dy tsjin Ruth sein hat, leit se har skoandochter út dat Boäz ien fan harren lossers is.

Ruth bliuwt de hiele rispinge op Boäz syn lân oan it iersykjen. Uteinlik jout se har op Noömy har oanwizings op in nacht oan Boäz syn fuotten del op 'e terskflier. As Boäz nachts wekker wurdt en freget wa't dêr oan syn fuotten leit, neamt Ruth har namme, en Boäz jout dan oan dat er ree is om har te "lossen" troch mei har te trouwen. De famylje fan Noömy hat lykwols ien neiere losser, dat Boäz giet de oare deis nei de stedspoarte ta en freget dy man dêr yn it bywêzen fan tsjûgen oft hy Ruth losse wol. Dy hat dêr gjin belang by, sadat it lossen ferfalt oan Boäz. Boäz en Ruth trouwe koarte tiid letter en krije in soan, Obed. De lêste fiif fersen hâlde út dat dy Obed de heit waard fan Isaï, en Isaï de heit fan David, dy't kening oer Israel waard.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste folsleine Fryske oersetting fan Ruth, fan 'e hân fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Adzer H. de Vries, ferskynde yn 1915 yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael. Nei't Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma mei de útjefte fan harren Alde Testamint yn 1943 de earste folsleine bibeloersetting foltôgen, makke Ruth dêr ûnderdiel fan út. Mar om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel. Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Ruth waard dêrby dien troch dû. F.D. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Ulbe van Houten en frisikus J.W. Zantema.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering