Putter
putter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Carduelis carduelis | ||||||||||||
Carolus Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
westlike ûndersoarte (Carduelis carduelis carduelis): simmerfûgel (briedgebiet) stânfûgel eastlike ûndersoarte (Carduelis carduelis caniceps): simmerfûgel (briedgebiet) stânfûgel |
De putter (Carduelis carduelis) is in moskeftige fûgel út de famylje fan de finkfûgels (Fringillidae) en it skaai fan de putters (Carduelis). It is in algemien foarkommende soarte, dy't lânseigen is yn Europa (útsein dielen fan Skandinaavje) en fierders ek yn de Magreb fan Noard-Afrika, oan de iggen fan de Nyl yn Egypte, yn Lyts-Aazje, de Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten, Transkaukaazje en dielen fan Sintraal-Aazje. Putters binne lykwols ek op oare plakken yn de wrâld troch de minske yntrodusearre, te witten: dielen fan de Feriene Steaten, Kanada, Meksiko, Perû, Sily, Argentynje, Oerûguay, Brazylje, de Falklâneilannen, Súd-Afrika, Austraalje en Nij-Seelân. Oars as by in protte oare soarten moskeftigen is der by putters net folle seksuële dimorfy. Yn de Renêssânse waard de putter gauris, by wize fan foarútwizing, op skilderijen ôfbylde mei Madonna en Bern, om't er fanwegen de reade kleur fan syn kopke assosjearre waard mei it lijen fan Kristus.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fûgeltsje is opfallend tekene en hat in read kopke mei dêrom hinne in wite bân, wylst it op de holle nei it efterste diel fan de holle swart kleure is. Oer de swarte wjukken rint yn de lingte in brede gleongiele bân. Fierder binne de fearren ljochtbrún op de rêch en op de flanken, wyt fan ûnderen en hat de fûgel in swarte sturt mei wite flekken.
De ivoarkleurige snaffel is lang en spits. As de fûgel briedt is de snaffel hielendal wyt, mar oars sit der in swart rântsje oan de spits. Putters hawwe in lingte fan 12 oant 13 sintimeter, de spanwiidte leit tusken de 21 oant 25 sintimber, wylst it gewicht tusken de 14 en 19 gram leit.
De ferskillen tusken mantsjes en wyfkes binne net sa grut. It mantsje hat in grutter en donkerder masker dat oant achter it each rikt. De fearkes fan it búkje binne gieleftich, de wjukspegel is mear sprekkend fan kleur en de lytse dekfearren binne swart. De snaffel fan it mantsje is spitser en hast 9% langer dan dy fan it wyfke. Boppedat is it boppediel fan de snaffel bûgd. It wyfke hat in rûner kopke en it masker rikket net fierder as healwei it each, it reade masker by it wyfke is dus lytser. De lytse dekfearkes binne brún oant griisbrûn. It boppediel fan de snaffel is rjocht, mar kin bytiden oerienkomsten hawwe mei it mantsje.
De kopkes fan jonge putters hawwe noch gjin opfallende kleuren. De grize oant giele boppekant is streepeftich en spikkelich. De ûnderkant is ljochter as by in folwoeksen fûgel en de kop is effen kleurd. De giele strepen op de wjukken meitsje dat jonge fûgels as putters te werkennen binne. Jonge en folwoeksen fûgels ferfearje tusken july en augustus.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De putter komt foar yn Europa oant yn parten fan West-Sibearje, Noard-Afrika en West-Aazje. Op Iislân en it grutste part fan Skandinaavje ûntbrekt de fûgel. Minsken hawwe de putter yn Súd-Amearika, Austraalje en Nij-Seelân en op guon eilannen yn Oseaanje ynfierd.
Yn de gebieten fan Europa mei in sêft klimaat, bliuwt de putter ek oerwinterjen. Mar yn kontrijen mei strange winters siket er syn heil yn waarmere gebieten.
Putters binne te finen yn iepen en beamrike kontreien oant in hichte fan likernôch 1300 meter. De putter hat in foarkar foar hôven mei fruchtbeammen, lânskippen mei hagen en beamwâlen, boskrânen, braaklân, âlde tunen en parken mei in soad ûnkrûd en strûken. Bûten de briedtiid siket de putter it iepen gea en is de fûgel fakentiden yn lytse groepkes te sjen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Putters ite healryp en ryp sied fan fêste planten en beammen, benammen dy fan guon stikels. As de fûgel briedt wurdt it oanfolle mei lytse ynsekten, fral bledlús.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin it ein fan it earste libbensjier wurdt de putter geslachtsryp. Tusken ein maart, begjin april en july begjint de briedtiid. Faak komt de putter oan twa kear brieden ta. De earste aaikes wurde yn maaie lein. Ofhinklik fan it waar begjin it mantsje yn febrewaris of maart te oefenjen op it sjongen. Nei't er in pear wiken oefene hat, set it wyfke ornaris útein mei de balts. De fûgel bout in komfoarmich nêst dat bestiet út fine stâltsjes, lytse woartels, griene mosk, koarstmoas, rizels, fearkes ensafuorthinne. It bouwen fan it nêst begjin fanôf it midden fan april en duorret likernôch fjouwer oant seis dagen. It mantsje hâldt yn de briedtiid oare putters op in feilige ôfstân.
Yn 'e regel wurde der sa'n fiif aaikes lein, somtiden fjouwer en somtiden ek seis. It wyfke wurdt as se op it nêst sit troch it mantsje fersoarge en it duorret nei it lizzen 12 oant 14 dagen ear't de aaien útkomme. De bline jongen iepenje nei sa'n fiif oant sân dagen de eagen en wurde benammen mei siedsjes fuorre. As it nedich is kinne de jongen nei in lytse twa wiken it nêst ferlitte. As de jongen útflein binne en noch fuorre wurde troch de folwoeksen fûgels begjint it wyfke in nij nêst te bouwen sadat útein set wurde kin mei in twadde briedsel.
Oantallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan de putter oer de wrâld wurdt op 15.800.000 km² rûsd. Neffens de IUCN (International Union for Conservation of Nature and Natural Resources) binne der sa'n 75.000.000 oant 350.000.000 putters. De Europeeske populaasje makket minder as de helte fan de folsleine populaasje út, mar is mei mear as 12.000.000 pearkes tige grut. Tusken 1970 en 1990 bleau it tal stabyl, mar yn de jierren 1990-2000 naam it tal putters bot ôf, benammen yn Turkije. Yn it grutste diel fan Europa naam it tal putters lykwols ta of bleau it tal stabyl. Yn súdlike lannen lykas yn Frankryk, Itaalje, Spanje en op Malta en Syprus wurdt der op putters jage. Ek wurde dêr fûgels fongen troch lym op tûken te smarren. Yn guon lannen is it noch gewoan om de putter yn in kouwe te hâlden.
Yn ús kontreien is it tal putters bot tanommen. It tal pearkes yn Nederlân wurdt op 35.000-43.000 (2013-2015) rûsd, wylst de populaasje winterdeis oant 200.000 oprinne kin.
Keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De putter is in symboal foar trochsettingsfermogen en fruchtberens. Fanwegen syn foarkar foar stikels en de reade kleur fan syn kopke waard it fûgeltsje yn de kristlike ikonografy ek in symboal foar it lijen fan Kristus. De putter stiet op in soad ôfbylden mei Marije, dêr't er de foarsizzing is fan de krusiging fan Jezus.
Taddeo Gaddi (1290–1366) skildere syn "Madonna en Bern" mei in putterke yn de hân fan Jezus. Yn Federico Barocci's skilderij fan de Hillige Famylje hâld de lytse Jehannes in putterke yn 'e hân, sadat in ynteressearre kat de fûgel net benei komme kin. In skilderij fan Rafael (1483-1520) wurdt sels "De Madonna mei it Putterke" neamd. De putter wurdt as symboal foar it lijen fan Jezus as in suver fûgeltsje beskôge en ek wol mei in mich ôfbylde, dy't foar ferdjer en smoargens stiet.
It skilderij "De Distelfink" fan Carel Fabritius joech de namme en it ûnderwerp oan de roman "De Distelfink" (The Goldfinch) fan de Amearikaanske skriuwster Donna Tartt.
Yn "De fjouwer jiertiden" fan Antonio Vivaldi wurd it sjongen fan de putter yn it twadde konsert (Op. 8 No. 2, RV315) yn de akten 72 oant 77 troch de solofioele neidien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Putter
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn de Azoaren
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Madeara
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Eksoat yn Argentynje
- Eksoat yn Austraalje
- Eksoat yn Brazylje
- Eksoat yn de Falklâneilannen
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Kanada
- Eksoat yn Meksiko
- Eksoat yn Nij-Seelân
- Eksoat yn Oerûguay
- Eksoat yn Perû
- Eksoat yn Sily
- Eksoat yn Súd-Afrika