Springe nei ynhâld

Pick-up (autotype)

Ut Wikipedy
In Ford F-150 Supercrew pickup mei fjouwer doarren èn in laadbak.

In pick-up[1] of pick-uptruck (ek wol stavere as pickup en pickuptruck) is in autotype dat omskreaun wurde kin as in persoane-auto mei fan efteren in iepen laadbak ynstee fan in kofferbak. De oantsjutting komt út it Ingelsk, fan it tiidwurd to pick up, dat "oppakke" of "oppikke" betsjut (d.w.s. om itjinge dat oppakt of oppikt wurdt te ferfieren yn 'e laadbak). De pick-up komt oarspronklik út 'e Feriene Steaten.

Yn Austraalje en Nij-Seelân steane alle pick-ups bekend ûnder de oantsjutting ute (útspr. likernôch "jûût"), dat in ôfkoarting is foar utility vehicle ("gebrûksfiertúch"). Yn 'e Feriene Steaten en Kanada wurdt ûnderskie makke tusken in pick-up, dy't faak wat swierder is en suver wat útskaait nei in licht frachtweintsje, en in ute, dat dêr in 'gewoane' persoane-auto mei in laadbak is. Yn Súd-Afrika wurdt in pick-up troch memmetaalsprekkers fan alle talen oantsjut mei de Afrikaanske namme bakkie.

Oarspronklik waarden pick-ups brûkt troch lju dy't har wurk yn 'e agraryske sektor hiene. It ferfieren fan saken as pakken hea, sekken foer of inkele bisten (bygelyks skiep of keallen) mei trekker en wein, sa't dat yn Fryslân dien wurdt, soe yn 'e Feriene Steaten fanwegen de folle gruttere ôfstannen en de beheinde maksimumfaasje fan in trekker net foldwaan. De earste pick-ups waarden sadwaande yn 1913 al troch de Galion Allsteel Body Company produsearre troch in laadbak op in oanpast T-Ford-sjassy te befêstigjen.

Fan 'e 1950-er jierren ôf wie de pick-up foar in soad Amerikaanske konsuminten gjin needsaak foar it wurk mear, mar in lifestyle-kar. Tsjin 'e 1990-er jierren brûkte noch mar 15% fan alle pick-upeigners syn auto foar it wurk. Fan alle auto's dy't yn 2016 yn 'e Feriene Steaten ferkocht waarden, bestie 18% út pick-ups. De pick-up fan hjoed de dei is lykwols in stik lúkser as dy fan eartiids; sa hawwe guon pick-ups no sels fjouwer doarren, wylst foarhinne in kabine mei mar twa doarren ien fan 'e dúdlikste skaaimerken fan sokke auto's wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1479.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.