Nôtmûs
nôtmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Micromys minutus | ||||||||||||
Pallas, 1771 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De nôtmûs (wittenskiplike namme: Micromys minutus), ek wol reidmûs, hjouwermûs of dwerchmûs neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e dwerchmûzen (Micromys), dat lânseigen is yn grutte dielen fan Jeropa en Aazje. It is in readbrún dierke mei in grypsturt dy't er brûkt om yn nôtstâlen of raaigers te klimmen. De nôtmûs is it lytste Jeropeeske kjifdier, mei't folwoeksen eksimplaren soms mar 4 g weagje. Yn Nederlân en ek yn Fryslân komme nôtmûzen rûnom foar.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemien foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nôtmûs komt yn hast hiel Jeropa foar, mar hy ûntbrekt yn Noarwegen en Sweden, it noarden fan Finlân en Ruslân, Iislân, Ierlân, Skotlân, noardlik Ingelân, it Ibearysk Skiereilân (útsein Baskelân, Kantaabrje en Astuerje), súdlik Itaalje, Grikelân en súdlik Albaanje en op 'e Mediterrane eilannen. Yn Aazje komt er foar yn 'e Kaukasus, súdlik Sibearje, Mongoalje, Mantsjoerije, Koreä, súdlik Japan, eastlik Sina, Taiwan en it noarden fan Súdeast-Aazje. Yn it heechberchtme lit er ferstek gean.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân komme nôtmûzen rûnom foar, en ek yn Fryslân is dat it gefal, hoewol't se yn 'e noarwesthoeke fan 'e provinsje wat minder waarnommen wurde as yn 'e súdlike helte. Oarspronklik ûntbrieken se op 'e Waadeilannen, mar yn 'e njoggentiger jierren binne se mei ladingen Frânsk strie by fersin ynfierd op Skylge, It Amelân en ek op Teksel.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nôtmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 5-8 sm, mei in sturtlingte fan 4½-7½ sm en in gewicht fan 4-11 g (foar drachtige wyfkes oant 15 g). Dêrmei weaget er mar heal safolle as de hûsmûs. De eagen en earen binne frij grut yn ferhâlding ta syn lichem, en hy hat in lyts snútsje mei koarte, stoppelige snorhierren. Syn pels is brunich en skynt gauris út 'en readens, al kin er ek wat gielich wêze. Oan 'e ûnderkant fan it lichem ljochtet er ta oant wyt of krêmkleurich. De sturt fan 'e nôtmûs is in grypsturt, dy't er brûkt om te klimmen yn 'e stevige stâlen fan nôt of raaigers, dat syn gewicht yn 'e regel sûnder swierrichheden drage kin. Syn efterpoaten binne spesjaal oanpast om te klimmen, mei in grutte tean dy't wol wat tomme-eftich útskaait, sadat er ek mei de efterpoaten gripe kin. Behalven foar klimwurk brûkt er syn sturt ek om lykwicht te hâlden.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nôtmûzen komme fral foar op ikkers mei nôtgewaaksen lykas weet, koarn en hjouwer en yn reidfjilden. Oare heechsteande begroeiïng, lykas lang gers en hagen, kin soms ek foldwaan. Dêrnjonken libje se ek yn berms, oerwoekere tunen en oan wâldsiggen. Minsklike bewenning mije se yn 'e regel, útsein yn 'e strangste winters, as se troch kjeld en honger nei boerespultsjes, skuorren en hokken ta dreaun wurde. Yn it ferline waarden se ek by de rispinge wol mei it gewier de skuorren en gollen yndroegen (dêrfandinne de Ingelske namme harvest mouse, "rispingsmûs").
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nôtmûs is benammentlik nachts aktyf, hoewol't er deis ek wol warber wêze kin. Hy hâldt fan it foar- oant it neijier hast oan ien wei troch yn 'e hegere begroeiïng ta, mar lit him by fersteuring fuortendaliks op 'e grûn falle om fan ruten te spyljen. Winterdeis is er faker by ljochtskyndei yn 't spier en libbet er inkeld en allinne op 'e grûn. Grave docht de nôtmûs mar komselden. Nôtmûzen binne almeast solitêre bisten, hoewol't fral de territoaria fan 'e mantsjes inoar gauris flink oerlaapje. Sokke territoaria beslane in gebiet fan 400-600 m²; de territoaria fan 'e wyfkes binne in stik lytser.
Nôtmûzen plantsje har tusken april en oktober fuort, wêrby't de drachtige wyfkes in ein fan 'e grûn ôf hingjende bolfoarmige nestkes bouwe fan libben blêd dat se yn 'e lingterjochting midstwa spjalte. Sokke nêsten kinne in trochsneed hawwe fan 6-10 sm. Nei in draachtiid fan likernôch 17 dagen smyt it wyfke 2-4 kear jiers in nêst fan 3-8 jongen. By it ferlitten fan it nêst, nei 25 dagen, binne dy noch net folgroeid, en weagje se noch mar 3½ g. Mei twa moanne binne se geslachtsryp. De populaasjetichtheid fan 'e nôtmûs kin 250 eksimplaren de ha bedrage. De libbensferwachting fan 'e bistkes is yn it wyld mar in pear moanne, mei in maksimum fan oardel jier, hoewol't se yn finzenskip wol 5 jier wurde kinne. Fral yn 'e earste moannen is de stjerte tige heech, wat foar in wichtich part te witen is oan waarsomstannichheden, mei't jonge eksimplaren tige kwetsber binne foar ferskynsels as stjalprein en hagel.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fretten fan 'e nôtmûs bestiet út sied (benammen fan nôt), fruchten, beien, gersleaten en ynsekten lykas motten, sprinkhoannen en rûpen. Syn menu is seizoensôfhinklik: sa yt er maityds fral gersleaten en -knoppen, yn 'e simmer en it neijier sied, fruchten en beien, en winterdeis ynsekten. By it oanfretten fan nôtkerlen bliuwe healmoannefoarmige itensresten efter. In nôtmûs moat deis ⅓ fan syn eigen lichemsgewicht opgnabbelje om yn libben te bliuwen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nôtmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat er wrâldwiid noch rûnom foarkomt en gjin gefaar op útstjerren rint. Likegoed nimt yn Nederlân de nôtmûzepopulaasje jiers mei ⅛ ôf troch ûntginning fan dielen fan syn habitat foar de oanlis fan nije wenten en foar soarten lânbou dy't ûngaadlik foar it bistke binne. Yn Ingelân wurdt de nôtmûs no as bedrige beskôge, en sûnt 2001 wurdt der foar syn fuortbestean dêre krewearre, û.m. troch tennisballen dy't brûkt binne op it Tennistoernoai fan Wimbledon te recycljen ta keunstmjittige nestkes dy't minder kwetsber binne foar predaasje en min waar.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Side oer de nôtmûs op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan 'e nôtmûs yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Dwerchmûs
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân