Springe nei ynhâld

Moodswinger

Ut Wikipedy
Moodswinger makke troch Yuri Landman, 2006

De moodswinger is in snaarynstrumint dat ûntwurpen is troch Yuri Landman, in elektro-akoestyske siter. It ynstrumint hat 12 snaren dy't mei de fingers of mei in plektrum bespile wurde.

Der binne troch Landman mar twa moodswingers boud: Ien foar himsels en ien foar de Amerikaanske noiseband Liars. Dy groep brûkt it ynstrumint yn it nûmer 'Leather Prowler'. Troch de alikwote snaarkonstruksje fan de moodswinger hat dy yn de 1/3-posysje fan de tredde brêge in besibbe opset en lûd mei ien oktaaf út it register fan de Blüthnerpiano. Yn in tal resinsjes waard it ynstrumint dêrtroch betize mei in piano.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]