Springe nei ynhâld

Miedum (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Miedum
Miedumer toer
Miedumer toer
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak 3,35 km²
lân: 3,27
wetter 0,07 km²
Befolkingsticht. 10 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 14'N 5° 50'E
Doarpsgebiet fan Miedum yn de gemeente Ljouwert
Doarpsgebiet fan Miedum yn de gemeente Ljouwert
Offisjele webside
Side doarpshûs Lekkum
Kaart
Miedum (Fryslân)
Miedum

Miedum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Miedum leit noardeastlik fan Lekkum, westlik fan Gytsjerk en besuden Wyns. Miedum hat gjin doarpskearn, de Miedumer toer stjit oan de Canterlanswei mei dêr omhinne troch de himrik fersprate bebouwing.

Miedum hat ynwenners (1 jannewaris 2023).

Miedum betsjut 'wenje op 'e mieden' (gerslân). Foar de reformaasje foarme Miedum in selsstannige parochy, dêrnei fusearre it doarp ta ien tsjerklike gemeente mei Lekkum. Grut hat it doarp nea west, yn 1798 telde Miedum 63 ynwenners, hjoed-de-dei om en de by 35. It doarp hat nea in skoalle hân. Miedum hat mar in hiele lytse kearn en bestiet fierder fral út pleatsen.

Sûnt 1943 leit Miedum yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it doarp yn de gritenij Ljouwerteradiel (noardertrimdiel).

Tsjerkje fan Miedum (begjin 18e iuw)
De Wikipedy hat ek in side Toer fan Miedum.

Yn de katolike tiid wie de tsjerke oan de apostel Jehannes wijd. Mei de reformaasje waard Miedum mei Lekkum yn de klassis Ljouwert ien tsjerklike gemeente. De tsjerke waard mooglik lykwols oan it begjin fan de 17e iuw noch in kear fernijd.

Yn 1834 waard de tsjerke ôfbrutsen doe't de ûnderhâldskosten te heech waarden foar de lytse mienskip. Faaks is de toer al boud yn de 14e, mar wierskynliker yn de 15e iuw. Ut de midsiuwen is net folle mear te sjen want yn de 19e iuw waard de toer mei oan trije kanten graubrune en oan de eastkant mei giele stientsjes ommitsele. Underyn binne kleastermoppen en roaswinkels brûkt, dy’t út de lette midsiuwen en mooglik fan de ôfbrutsen tsjerke stamme.

Nei de ôfbraak fan de tsjerke begûn de toer te fersakjen, sadat de Miedumer toer hjoed-de-dei de meast skeve toer fan Nederlân is.

Miedum foarmet mei Lekkum en Snakkerbuorren al iuwen ien mienskip. De trije doarpen wurde ek wol 'De Trije Doarpen' neamd. Der is in protte gearwurking tusken de doarpen, benammen op it mêd fan kultuer. Sa bestiet ûnder oare in mienskiplik doarpsblêd, 'De Kobbeflecht'. De trije doarpen hawwe ek ien doarpsferiening, Doarpsbelang dy't him ynset foar de belangen fan de doarpsbewenners.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1796 1954 1959 1964 1969 1973 2005 2022
Ynwenners 86 74 61 45 34 28 30 33
Miedum

Canterlânswei, Wynser Binnepaad.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
· · Berjocht bewurkje