Springe nei ynhâld

Malakology

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Malakolooch)

De malakology is de tûke fan 'e soölogy dy't de weakdieren bestudearret. Nei oantallen ferskillende soarten is dat de op ien nei grutste subgroep fan it bisteryk, nei de ynsekten. Behalven slakken hearre der û.m. ek de moksels en inketfisken ta. Mei't in protte weakdieren by wize fan útwindich skelet in skelp oanmeitsje, wurdt de konkology, de stúdzje fan skelpen, as subdissipline ta de malakology rekkene.

It wurd 'malakology' komt fan it Grykske μαλακός, malakos ("weak"), en -λογία, -logia ("kunde"). De grûnlizzer fan 'e malakology wie de Italjaanske jezuyt Filippo Bonanni (1638-1723), dy't yn 1681 mei Ricreatione dell' Occhio e dela Mente nell Oservation' delle Chiociolle it earste wittenskiplike wurk skreau dat folslein oer seeskelpen gie.

De malakology leit him benammen ta op ûndersyk nei taksonomy, ekology, evolúsje en sykten. Mei't in protte soarten weakdieren gif en/of oare ynteressante stoffen ôfskiede, wurdt ek ûndersyk dien nei de tapassing dêrfan foar medyske, feterinêre en lânboukundige doelen. Fierders wurdt malakologyske kennis yn 'e archeology brûkt om 'e ûntwikkeling fan it klimaat en de ekologyske skiednis fan in plak fan opgraving te begripen, mei't skelpen relatyf maklik fossilisearre reitsje en sokke fossielen dus rûnom fûn wurde kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.