Springe nei ynhâld

Magma (stiente)

Ut Wikipedy
Magma
Magma streamt as lava út by de útbarsting fan de Vesuvius yn 1774. Oaljeferve troch de Dútske lânskipsskilder Jacob Philipp Hackert (1737-1807).

Magma is it floeibere stiente dat ûnder it ierdoerflak fan it oerflak fan in oare ierdske planeet sit. De measte magma's yn de Ierde binne komplekse silika-oplossings mei (ornaris) temperatueren tusken de 650 °C en 1200 °C. As magma stjurret ûntstiet stjurringsstiente. As magma oan it oerflak omheech komt wurdt it raande stiente gjin magma mar lava neamd.

Magma bestiet meastal út floeibere silika mei dêryn oploste ioanen fan alkalimetalen (llykas natrium en kalium), ierdalkalimetalen (lykas magnesium en kkalsium) en izer. Magma's wurde krektas lava's ferdield nei soergraad, fan felsysk (soer) oant mafysk (basysk). De pH fan in raand stiente hinget ôf fan it persintaazje raande silika.

It silikaat-ion foarmet op molekulêre skeal in tetraeder, wêrby't in silisium-ion omjûn wurdt troch fjouwer soerstof-ioanen. Yn silikaten mei in heech gehalte oan SiO2 sille de tetraeders keatlings foarmje, wêrby't ien of meardere soerstof-ioanen op de hoeken fan de tetraeders dield wurde. Yn in magma sitte de tetraeders fansels net fêst, mar de molekulêre struktuer yn de raan komt ticht by de struktuer fan fêste stoffen mei fergelykbere gearstalling, as de temperatuer oant flak boppe it raanpunt sakket. Yn relatyf koel magma foarmje de silika-tetraeders dêrom faak losse binings. Yn in mafysker magma sit minder silika as yn in felsysker magma, sadat de silika-tetraeders faker los lizze. Dit makket in felsysk magma fiskeuzer (sjerperiger) as mafysk magma; en relatyf koel magma sjerperiger as relatyf hjit magma. As de earste mineralen útkristallisearje, ûntstiet in mingsel fan magma en kristallen, dat him noch sjerperiger gedraacht.[1]

Net allinnich it persintaazje silika hat ynfloed op de fiskositeit. Water (H2O) en de ioanen fan alkalimetalen kinne yn it magma ek biningen oangean mei silika-tetraeders. Magma dat ryk is oan dizze bestândielen, is dêrom relatyf minder fiskeus.[1]

De fiskositeit fan magma hat grutte ynfloed op hoe't it yntrudearje kin of útfloeie kin by in erupsje. Fiskeus felsysk magma (mei hege konsintraasjes silika) beweecht traach en sjerperich. Wetter en gassen (volatiles) dy't by it omheechkommen frijkomme troch it ôfnimmen fan de druk, kinne minder maklik ûntsnappe út it raande stiente. Dêrtoch ûntsteane eksplosive erupsjes lykas by stratofulkanen. Oer it generaal ferrint in erupsje rêstiger nei gelang it magma mafysker is.

Eigenskippen fan de ferskillende magma's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fiskositeit fan wetterleas ("drûch") magma by ferskillende temperatuer en komposysje. Op de horizontale as stiet it massapersintaazje SiO2; op de fertikale as (logaritmysk) de fiskositeit (η).[2]
Ultramafysk magma
SiO2 < 45%
Fe-Mg >8% oant 32% MgO
Temperatuer: oant 1500 °C
Fiskositeit: leech oant tige leech
Erupsjes: rêstich
Fynplakken: divergearjende plaatrânen, hot spots en konvergearjende plaatrânen. Pikryten en boninyten wurde fûn yn saneamde back-arc basins, gebieten efter subduksjesônes, dêr't oseanyske koarste raant yn in wetterrike omjouwing. Komatiyt en oare ultramafyske lava's waarden foarme by in hegere geotermyske gradiïnt (de temperatueren yn de ierdkoarste leinen eartiids heger) en foar safier bekend wurde dizze stienten tsjintwurdich net mear foarme.

De temperatuer yn de mantel is tsjintwurdich net heech genôch om magma fan dizze gearstalling te produsearjen. Dat komatiïten fûn waarden is in belangrike reden wêrom't oannomd wurdt dat de mantel eartiids folle hjitter wie.

Mafysk magma
SiO2 < 50%
Fe-Mg ~4%
Temperatuer: oant ~1200 °C
Fiskositeit: leech
Erupsjes: rêstich
Fynplakken: divergearjende plaatrânen, hot spots en konvergearjende plaatrânen. Magma mei de gearstalling fan basalt wurdt fûn yn gebieten dêr't oseanyske koarste raand wurdt; dizze koarste befet in soad izer.
Yntermediêr magma
SiO2 ~60%
Fe-Mg: ~3%
Temperatuer: ~1000 °C
Fiskoasiteit: gemiddeld
Erupsjes: eksplosyf
Fynplakken konvergearjende plaatrânen.
Felsysk magma
SiO2 >70%
Fe-Mg: ~2%
Temperatuer: 700 °C
Fiskoasiteit: heech
Erupsjes: eksplosyf
Fynplakken: hot spots yn kontinintale koarste (Yellowstone National Park); dit type magma is benammen te finen op plakken dêr't kontininale koarste raant, omdat dizze koarste út in soad silika bestiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Winter (2001), p 46
  2. Hess (1989)
  • (in) Hess, P.C. -Origin of Igneous Rocks, (1999, Harvard University Press, Cambridge).
  • (in) Press, F.; Siever, R.; Grotzinger, J. & Jordan, T.H. - Understanding Earth, (2003, Freeman & co (4e printinge)), ISBN 0-7167-9617-1.
  • (in) Thompson, G.R. & Turk, J. - Introduction to Physical Geology,(1997, Brooks Cole (2nd ed.), ISBN 0-03-024348-3.
  • (in) Winter, J.D. - An introduction to igneous and metamorphic petrology,(2001, Prentice-Hall), ISBN 0-13-240342-0.