Krêft
Yn de natuerkunde is de krêft dy't de beweging fan in foarwerp feroarje kin. In krêft kin in foarwerp mei massa syn foarm en faasje feroarje. Troch it wurkjen fan in krêft kin der arbeid dien wurde. Krêften kinne neamd wurde nei de wurking dy't se op in foarwerp hawwe, lykas lûkkrêft, driuwkrêft en dwerskrêft Krêften kinne ek neamd wurde nei harren oarsaak of wurking, lykas swiertekrêft, wriuwingskrêft en midpuntsykjende krêft.
In krêft kin oerbrocht wurde troch kontakt tusken foarwerpen of dieltsjes dy't yn in fêste, floeibere, gasfoarmige aggregaasjetastân binne of troch in krêftefjild. Dy krêftefjilden binne yn de klaasike natuerkunde elektromagnetysk of gravitasjoneel.
Wetten fan Newton
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Wetten fan Newton.
Neffens de twadde wet fan Newton wurdt de krêft sa formulearre:
As de massa net feroaret[1] jildt foar de krêft
mei
- de massa fan it foarwerp
- de akseleraasje (feroaring fan de faasje de tiidsienheid) fan it swiertepunt fan it foarwerp.
De rjochting fan de krêft is de rjochting fan de akseleraasje.
Ienheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De SI-ienheid foar krêft is neamd nei de Ingelske wittenskipper Sir Isaac Newton en wurdt útdrukt yn newton mei de symboal "N".
Oare krêften
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hynstekrêft is in ferâldere ienheid fan fermogen, net fan krêft
- Wynkrêft is de faasje of de druk fan de wyn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch nl:Kracht |