Springe nei ynhâld

Kowemuseum

Ut Wikipedy

It Kowemuseum siet sûnt 1993 yn in Fryske stjelppleats oan de Hoitebuorren yn Nijemardum. It museum ferhuze yn 2017 nei it Súd yn Warkum, dêr't it op 1 juny fan dat jier syn doarren iepene.

Yn de kolleksje sitte:

  • Akwarellen en skilderijen
  • Badkeamerassortiment yn swart-wyt print
  • Diggelguod
  • Fokregisters út de jierren '20
  • de 'Kowebibel' fan Marleen Felius
  • Klaaiïnge
  • Kowebeha
  • Sieraden

Foar de bern binne der kwartetspullen, kleurplaten en boartersguod mei bisten en trekkers. Simmerdeis kin der útfanhuze wurde yn in fakânsjehúske by de pleats.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: