Springe nei ynhâld

Kolibryflinter

Ut Wikipedy
kolibryflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje pylksturtflinters (Sphingidae)
skaai langtongflinters (Macroglossum)
soarte
Macroglossum stellatarum
Linnaeus, 1758
IUCN-status: n.f.t. (noch net beoardiele)
ferspriedingsgebiet
     stânflinter
     fersprieding by 't simmer
     fersprieding by 't winter

De kolibryflinter (Macroglossum stellatarum) is in soarte yn de famylje fan de pyksturtflinters (Sphingidae). De flinter is in oerdei aktive nachtflinter.

De kolibryflinter is in trekflinter út Súd-Jeropa. De flinter wurdt elk jier wol yn Nederlân sjoen. As der waarme simmers binne kin it oprinne oant wol tûzen.

De flinter kin sjoen wurde fan ein maaie ôf oant ein oktober.

De flinter fljocht oerdei krekt as in kolibry op bloeiende planten. De flinter kin efterút fleane.

Yn Nederlân wurdt de rûp net faak fûn, mar it kin wol. De rûp kin 65 mm lang wurde. It liif is grien of brún mei lytse wite stipkes. De rûp ferpopket him yn de grûn.

De rûp fret fan slytsoarten.