Koartearwrotmûs
koartearwrotmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Microtus subterraneus | ||||||||||||
De Sélys-Longchamps, 1836 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De koartearwrotmûs (wittenskiplike namme: Microtus subterraneus), ek wol de ûndergrûnske wrotmûs neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan 'e Alde Wrâld (Terricola). Dizze soarte komt foar yn grutte dielen fan Jeropa. It is de lytste Jeropeeske wrotmûzesoarte, en hy hat in opfallende dûnkerbrune oant swarte pels. Yn Nederlân heart eins allinnich it súdeasten ta syn areaal; yn Fryslân komt er net foar.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemien foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koartearwrotmûs komt foar yn in brede stripe lân yn 'e midden fan Jeropa, dy't rint fan 'e Atlantyske Oseaan yn it westen oant yn Ruslân yn it easten. Noardlik dêrfan ûnbrekt er op 'e Britske Eilannen, yn hiele Skandinaavje, yn noardlik Nederlân, Dútslân, Poalen, it Baltikum, Wyt-Ruslân en noardlik Ruslân. De súdeastgrins fan syn ferspriedingsgebiet rint troch de súdlike Oekraïne nei de Swarte See en dan oer de Balkan troch noardlik Grikelân. Fierders ûntbrekt er yn it grutste part fan Itaalje en op it Ibearysk Skiereilân.
Foarkommen yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Belgje, Lúksemboarch, noardlik Frankryk en súdlik Dútslân komt de koartearwrotmûs rûnom foar. Yn Nederlân is er algemien yn hast hiel Limburch, yn it suden en de midden fan Noard-Brabân, en yn Siuwsk-Flaanderen. Ek libbet er op Súd-Bevelân. Lang waard tocht dat dizze soarte inkeld besuden de Grutte Rivieren foarkaam, mar oan 'e ein fan 'e njoggentiger jierren waard in lytse, isolearre populaasje oantroffen yn 'e Achterhoeke, yn 'e omkriten fan Winterswyk.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koartearwrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7½-11 sm, mei in sturtlingte fan 2⅓-3⅞ sm en in gewicht fan 11-24 g. Dêrmei is it de lytste wrotmûzesoarte fan Jeropa. De pels is ticht en sêft, en op 'e rêch hiel dûnkerbrún oant swartich, wylst de bealch sulver- oant blaugriis is. Dizze twakleurigens rint fierder oer de frij koarte sturt. Frjemd genôch hawwe eksimplaren dy't yn berchlân libje oer it algemien in wat langere sturt as leechlânske bisten. De eagen binne lyts en de earen sitte frijwol hielendal ferskûle yn it hier.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koartearwrotmûzen jouwe de foarkar oan kultuerlânskippen dêr't wat fariaasje yn sit. Dêr libje se dan yn in ferskaat oan biotopen, fral yn lintfoarmige lânskipseleminten mei tichte begroeiïng, lykas berms, hagen, houtwâlen en ikkerrânen. Dêrnjonken komme se ek foar yn heger leine greiden en ikkers en yn wyngerds, tunen en leafwâld dat wat fochtich is. Yn nullewâld komme se lykwols mar selden foar. Yn 'e Alpen is de koartearwrotmûs oantroffen oant op 2.300 m hichte.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koartearwrotmûs is it hiele etmiel troch om 'e 3 of 4 oeren warber, wêrby't de aktiviteitsperioaden nachts lykwols langer binne as oerdeis. Hy komt fral fanwegen krekt foàr de jûnsskimer, om 'e midsnacht hinne, drekt nei de moarnsdage en midden op 'e dei. Op plakken dêr't er syn ferspriedingsgebiet dielt mei oare soarten wrotmûzen, litte de aktiviteitspiken fan 'e ûnderskate soarten in ferdieling yn tiid sjen, sadat se nea tagelyk op 'e lapen binne. De deistige aksjeradius fan 'e koartearwrotmûs bedraacht oant 50 m, en de totale grutte fan it wengebiet is 50-300 m². Oars as oare wrotmûzesoarten lykje koartearwrotmûzen net botte territoriaal te wêzen; se libje yn groepkes fan 5-10 eksimplaren.
Koartearwrotmûzen kinne rinne en drave as de bêsten, mar klimmen en springen dogge se net in soad oan, en se geane mar selden frijwillich te wetter. Se grave lykwols goed en in protte; dêrfandinne har Latynske namme subterraneus, dat "ûndergrûnsk" betsjut. Ferskûle yn gers en oare boaiemfegetaasje dolle koartearwrotmûzen hoalen dy't oant 40 sm djip binne, mei komplekse gongestelsels en ferskate nêst- en foarrieromten. Ek kreakje se wol hoalen dy't groeven binne troch oare wrotmûzen of mollen. It grutste part fan 'e tiid bringe se ûnder de grûn troch, wêrby't se de yngong fan 'e hoalen by slimme rein ôfslute mei ierdkluten.
De koartearwrotmûs kin him suver it hiele jier troch fuortplantsje. Nei in draachtiid fan sa'n 3 wiken wurdt der dan trochinoar 5 kear jiers in nêst fan 1-5 (meastal in stik as 3) jongen smiten. Dy binne yn 't earstoan dûnkerder fan kleur as folwoeksen eksimplaren, en berikke nei 2-3 wiken geslachtsripens. Der binne fan 'e koartearwrotmûs gjin grutte fluktuaasjes yn 'e populaasjetichtheid bekend, sa't dy bygelyks foarkomme by de fjildmûs (Microtus arvalis). Koartearwrotmûzen hawwe trochinoar in libbensferwachting fan in healjier, mei yn it wyld in maksimum fan 15 moannen. Yn finzenskip kinne se wol 3 jier wurde. It binne swijsume bistkes, mar as se oppakt wurde, protestearje se lûdrôftich mei in fluitsjend piipjen.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It dieet fan 'e koartearwrotmûs is frijwol folslein plantaardich, mei fral gerzen en krûden, wêrby't er in foarleafde blike lit foar lânbougewaaksen lykas nôt. Dêrnjonken fret er ek woartels, knollen en moas. Inkeld wurdt dat menu oanfolle mei ynsekten en wjirms. Yn Limburch wurdt er, nei't it skynt, wol fan wortelmuis neamd, fanwegen de gnauspoaren dy't er op dy griente efterlit.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koartearwrotmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Oan 'e rânen dêrfan, lykas yn súdlik Nederlân, kin er troch it ferlies fan it lytsskalich kultuerlânskip dêr't er de foarkar oan jout, as kwetsber beskôge wurde. Pleatslik kinne koartearwrotmûzen wat skea feroarsaakje oan lânbougewaaksen as woartels en nôt, en ek wol yn wyngerds en hôven, mar soks kin frij simpel foarkomd wurde troch de boaiemfegetaasje koart te hâlden.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Side oer de koartearwrotmûs op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan 'e koartearwrotmûs yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Fjildmûs
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân