Karrekyt
Karrekyt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Acrocephalus scirpaceus | ||||||||||||
Hermann, 1804 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De karrekyt (Acrocephalus scirpaceus) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e reidsjongerfûgels (Acrocephalidae). De karrekyt hat in soad fan it wylgesyske.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De karrekyt is mar 13 sm lang en hat foar it measte in brún fearrekleed fan ljochte tinten oan 'e ûnderkant en wat donkerder tinten oan 'e boppekant. De wjukken hawwe in ljochte, readbrune tint. Der is yn 'e soarte gjin seksuele dimorfy.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferskaat oan iten is grut en bestiet út ynsekten, larven en oare wringeleaze dierkes. In lytser diel bestiet út siedsjes en plantedielen.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst fan 'e karrekyt is in keunstich flochten kuorke fan planten tusken it reid. Om't oan 'e planten modder sit dy't stadich opdrûget, wurket dat as in soarte fan semint, sadat it nêst goed oant it reid ferankere is. De râne wurdt yn 'e regel mei spinreach beklaaid en ek brûkt de karrekyt reidplommen foar de ôfwurking fan it nêst.
Yn tsien oant tolve dagen briedt de karrekyt trije oant fiif aaikes út. De jongen wurde troch beide âlden fuorre en nei 10 oant 14 dagen rêde se harren sels. De karrekyt is faak slachtoffer fan 'e koekoek, dy't syn aai yn it nêst fan 'e karrekyt leit, sadat de karrekyt syn eigen jongen ferliest. De karrekyt bringt de jonge koekoek grut lykas as it syn eigen is.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e simmer komt de karrekyt útsein yn Ierlân en it noarden fan Skandinaavje fierder hast yn hiel Europa foar. De fûgel libbet yn reidsompen. Wat mear reid, wat mear karrekiten en by in grut areaal sitte se ek yn koloanjes.[1] Grutte konsintraasjes fan 'e fûgel binne yn Fryslân yn 'e Lauwersmar, de Alde Feanen en de Makkumerwaarden. Yn 'e winter sitte de measte Nederlânske karrekiten yn 'e mangrovebosken fan 'e West-Afrikaanske kunst, fan Senegal oant Guinee-Bissau. Fan in relaasje mei de delslach yn 'e Sahel lykas by de reidsjonger is gjin sprake.[2]
Der binne tsien ûndersoarten fan 'e fûgel:
- A. s. scirpaceus: fan Europa oant yn 't west fan Ruslân, Oekraïne en it west fan Turkije, noardwestlik Afrika.
- A. s. fuscus: fan Egypte oer it Midden-Easten oant súdeastlik Europeesk Ruslân, eastlik Kazachstan en Iran.
- A. s. avicenniae: de kust fan 'e Reade See.
- A. s. ammon: oases yn 'e grinskrite fan Lybje en Egypte.
- A. s. ambiguus: it Ibearysk skiereilân en noardwestlik Afrika.
- A. s. minor: yn 'e Sahelgurdle fan Senegal oant it wêst fan Sûdan.
- A. s. suahelicus: fan eastlik Tanzania oant eastlik Mozambyk en eastlik Súd-Afrika.
- A. s. hallae: fan súdwestlik Angoala oant súdwestlik Sambia en súdlik nei westlik Súd-Afrika.
- A. s. baeticatus: fan noardlik Botswana en Simbabwe oant it suden fan Súd-Afrika.
- A. s. cinnamomeus: it west fan Etioopje en Súd-Somaalje súdlik troch Súd-Sûdan, Oeganda, Kenia, Sambia en Mozambyk. Fierder hjir en dêr yn it west fan Afrika fan Kameroen nei (mooglik) Niger en Maly.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De karrekyt komt algemien as briedfûgel foar yn it reid oan wetter. In reidfjild hoecht net grut te wêzen en de fûgel is al gau tefreden mei in pear kant meter oan reid. Dêrfandinne komt de fûgel op in soad plakken foar en ek yn fivers en wetterpartijen mei wat reid yn stêden. Sûnt 1960 binne de oantallen tanommen, mar nei 1990 is der gjin grutte feroaring mear.
Neffens SOVON wiene der yn Nederlân yn 2018-2020 neffens rûzing 160.000-280.000 briedpearkes fan 'e fûgel, yn Fryslân wurdt it tal op 19.040-33.320 rûsd, dat is sa'n 12% fan it Nederlânske totaal.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside nl:Keizerspecht (ferzje fan 29 desimber 2023)
|
- Fûgelsoarte
- Reidsjonger
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara