Springe nei ynhâld

Judah Löw ben Bezalel

Ut Wikipedy
Judah Löw ben Bezalel
It stânbyld fan Judah Löw by it Nije Stedhûs fan Praach, makke troch Ladislav Šaloun.
It stânbyld fan Judah Löw by it Nije Stedhûs
fan Praach, makke troch Ladislav Šaloun.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Yehudah Leib ben Betsalel
oare namme Jehuda Lev ben Becalel
nasjonaliteit Poalsk
Boheemsk
berne tusken 1512 en 1526
berteplak Poasen (Poalen)
stoarn 17 septimber 1609
stjerplak Praach (Bohemen)
etnisiteit Joadsk
wurkpaad
berop/amt rabbyn
aktyf as filosoof, mystikus
jierren aktyf ±15501609

Judah Löw ben Bezalel (Jiddysk: Yehudah Leib ben Betsalel; Dútsk: Judah Löw ben Bezalel; Tsjechysk: Jehuda Lev ben Becalel; Poasen, tusken 1512 en 1526Praach, 17 septimber 1609) wie in foaroansteand rabbyn en Talmoedgelearde, joadsk mystikus en filosoof fan Asjkenazysk-Joadsk komôf. Under ynwijden yn it joadendom stiet er bekend as de Maharal fan Praach of koartwei as de MaHaRaL, fan 'e Hebriuwske ôfkoarting Moreinu Ha-Rav Loew ("Us Learaar, Rabbyn Löw"). Hy brocht it grutste part fan syn libben troch as rabbyn fan 'e joadske mienskippen yn 'e stêden Praach, yn Bohemen, en Mikulov yn Moraavje. Löw stiet binnen it joadendom benammen bekend om syn teologyske wurken oangeande de joadske filosofy en de kabbala (de joadske mystyk), en yn it bysûnder om syn boppekommentaar op it ferneamde kommentaar fan Rashi op 'e Torah. Bûten it joadendom is Löw fral bekend út 'e leginde fan 'e Golem fan Praach.

Löw waard nei alle gedachten berne yn 'e Westpoalske stêd Poasen (Poznań), yn it Poalsk-Litouske Mienebêst, hoewol't syn bertejier ûnwis is, mei't ferskillende histoaryske boarnen 1512, 1520 en 1526 as sadanich oanhelje. Syn heit wie yn elts gefal de rabbyn Bezalel Löw, waans famylje ôfkomstich wie út 'e stêd Worms, yn it Rynlân. Syn omke Jakob ben Chajim wie ryksrabbyn fan it Hillige Roomske Ryk, en syn broer Chaim Löw fan Friedberg wie in ferneamd joadsk gelearde. Neffens de joadske tradysje stamme it skaai fan Löw yn 'e manlike line ôf fan it Hûs fan David, dat yn 'e tsiende iuw f.Kr. oer it Keninkryk Israel regearre.

Mei't der gjin dokumintearre bewiis bestiet dat Löw lykfol hokker formeel religieus ûnderrjocht genoat, geane de measte histoarisy derfan út dat er in tige bejeftige autodidakt wie. Syn gesin bestie út syn frou Perl of Perla, seis dochters en in soan, dy't nei syn pake Bezalel neamd wie. Dy soan waard letter rabbyn fan Kolín, mar kaam begjin 1600 te ferstjerren. Löw wie fan himsels tige begoedige, in gefolch fan 'e snoade saaklike ynvestearrings fan syn heit.

It is ûndúdlik wannear't er him krekt yn Praach nei wenjen sette, dat doedestiden de haadstêd wie fan it Keninkryk Bohemen, mar hy moat dêr al jierren wenne hawwe doe't er yn 1553 in posysje as lânsrabbyn yn it Markgreefskip Moraavje akseptearre. Dêrfoar ferfear er nei de stêd Mikulov, dat doe almeast op syn Dútsk Nikolsburg neamd waard. Hy late de joadske mienskip yn Moraavje in fearnsiuw lang, wêrby't er net inkeld praktyske saken regele en de joaden fertsjintwurdige foar it regear oer, mar ek bepaalde hokker diel fan 'e Talmoed oft yn 'e synagoges bestudearre wurde moast. Fierders fierde Löw in herfoarming troch fan 'e ynterne joadske statuten op it mêd fan ferkiezings en belestingheffing. Teffens kante er him sterk oan tsjin kwealaster oangeande de legitimiteit fan beskate famyljes, it saneamde Nadler, wêrby't nammentlik beweard waard dat sokke famyljes út bûtenhoulikse relaasjes fuortkamen. Dat soarte boasaardige rabberij koe it finen houlikspartners foar de bern út sokke famylje ûnmooglik meitsje.

Nei't er yn 1588 weromferhuze wie nei Praach, akseptearre Löw dêr de posysje fan lânsrabbyn fan Bohemen, wêrby't er de ôfgeande Isaäk Hayoth opfolge. Ek yn Praach besocht er Nadler út te bannen. Fierders is bekend dat er yn dy jierren de letter ferneamd wurden rabbinen Yom Tov Lipmann Heller en David Ganz as learlingen hie. Op 23 febrewaris 1592 hie Löv mei syn broer Sinaï en syn skoansoan Isaäk Cohen in audiïnsje by keizer Rudolf II fan it Hillige Roomske Ryk. Dat petear liket benammen oer de kabbala gien te hawwen, de joadske mystyk, dêr't Löw in kenner fan wie en dat de keizer fassinearre.

De Alde Nije Synagoge fan Praach, dêr't Löw foargie.

Neffens de leginde wie it ek yn dy jierren yn Praach, dat Löw in golem skoep, in wêzen dat er makke fan klaai troch it gebrûk fan mystike krêften basearre op esotearyske kennis oer de manier dy't God brûkt hie om 'e earste minske, Adam, te skeppen. Löw soe de golem makke hawwe om it Joadske Kertier fan Praach te beskermjen tsjin antysemityske oanfallen fan kristlike stedsgenoaten, mar it ding wurke net sa't it bedoeld wie. Der besteane ferskillende ferzjes oer wat der krekt mis gie, mar allegear binne se it deroer iens dat it foar Löw in hiele toer wie om syn kreaasje te deäktivearjen. Hoewol't guon otterdokse joaden leauwe dat de Golem fan Praach wier bestien hat, binne histoarisy fan betinken dat de leginde in literêr betinksel út 'e iere njoggentjinde iuw is. De ierste boarne foar de leginde is it boek Der Jüdische Gil Blas, fan Josef Seligman Kohn, út 1834.

Ein 1592 ferfear Löw nei Poasen, dêr't er keazen waard ta opperrabbyn fan Poalen. Dêr skreau er û.m. it wurk Netivoth Olam, oer etyk, en in diel fan Derech Chaim, in kommentaar op 'e Mishnah. Oan it begjin fan 'e santjinde iuw kearde Löw op 'e nij werom nei Praach, dêr't er syn lêste jierren trochbrocht en op 17 septimber 1609 kaam te ferstjerren. Hy wie doe tusken de 83 en 97 jier âld, en waard begroeven op it Alde Joadske Begraafplak fan Praach, dat tsjintwurdich in toeristyske besjensweardichheid is dêr't syn ûnskansearre grêfsark noch altyd stiet.

Mank Löw syn grutte oantal neikommelingen wiene de rabbyn Nachman fan Breslov en Schneur Zalman fan Liadi, in foaroanman fan it gassidisme. Fia dy lêste wie Löw ek foarfaar fan Menachem Mendel Schneerson, de sânde en lêste rebbe fan 'e Lubavitsh-beweging, en fan de ferneamde fioelist Yehudi Menuhin.

Löw syn grêfsark op it Alde Joadske Begraafplak yn Praach.

Op it mêd fan 'e joadske filosofy wurdt Löw noch altyd eare om't er "balkanisearring fan it joadsk gedachteguod foarkaam" (yn 'e wurden fan rabbyn Nachman Bulman). Löw syn wurken foarmen in boarne fan ynspiraasje foar de Poalske tûke fan it gassidisme, en teffens foar in weach fan lettere Torahwittenskippers út Litouwen en Letlân, wêrûnder rabbyn Eliyahu Eliezer Dessler (1892-1953) en rabbyn Abraham Isaac Kook (1864-1935).

Yn april 1997 brochten Tsjechje en Israel yn gearwurking in rige postsegels út, mei op ien dêrfan in ôfbylding fan 'e grêfsark fan Löw. Fierders joech Tsjechje yn maaie 2009 ek in postsegel út ta gelegenheid fan it 400e stjerjier fan Löw. In moanne letter brocht de Tsjechyske Munt dêr in betinkingsmunt foar út.

  • Gur Aryeh ("Jonge Liuw"): in boppekommentaar op it ferneamde kommentaar fan Rashi op 'e Torah
  • Netivoth Olam ("Paden der Wrâld"): oer etyk
  • Tif'ereth Yisrael ("De Gloarje fan Israel"): in filosofysk traktaat oer de Torah, bedoeld foar de hjeldei Shavuot
  • Gevuroth Hashem ("Gods Macht" of "Gods Machtige Dieden"): in filosofysk traktaat bedoeld foar de hjeldei Pesach
  • Netzach Yisrael ("De Ivichheid fan Israel", mei de konnotaasje 'oerwinning', mei't netzach, "ivichheid" út deselde woartel fuortkomt as it Hebriuwske wurd foar 'oerwinning'): oer de roudei Tisha B'Av en de úteinlike ferlossing
  • Ner Mitzvah ("De Kjers en it Gebod"): oer de hjeldei Chanuka
  • Or Chadash ("In Nij Ljocht"): oer de hjeldei Purim
  • Derech Chaim ("Wize fan Libjen"): in kommentaar op 'e Pirkei Avoth, in diel fan 'e Mishnah
  • Be'er ha-Golah ("De Boarne fan 'e Diaspoara"): in útlis oer de Talmoed en de Midrash yn reäksje op it wurk fan 'e Italjaanske learde Azariah dei Rossi (of Azaryah min ha-Adumim)
  • Chiddushei Aggadot ("Novelle oer de Aggada"): oer de Aggada, de ferheljende dielen fan 'e Talmoed
  • Derashot ("Preken"): in samling preken
  • Divrei Negidim ("Wurden fan 'e Masters"): in kommentaar op 'e seder fan Pesach, postúm publisearre troch ien fan Löw syn neikommelingen
  • ferskate oare wurken, wêrfan't guon noch mar tige resint foar it earst publisearre binne

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en Further reading, op dizze side.